Springe nei ynhâld

Porto Riko

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Puerto Riko)
Estado Libre Asociado de Puerto Rico
Commonwealth of Puerto Rico
Flagge fan Porto Riko Wapen fan Porto Riko
Flagge Wapen
Lokaasje fan Porto Riko
Offisjele taal Spaansk
Ingelsk
Haadstêd San Juan
Steatsfoarm Frijsteat
Gebiet
% wetter
48.730 km²
1,6­%
Ynwenners (2010) 3.977.663
Munt US Dollar
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 04 july
Lânkoade PRI
Ynternet .pr
Tillefoan 1-787 & 1-939
Kaart fan Porto Riko

Porto Riko (Spaansk en Ingelsk: Puerto Rico) is in mei de Feriene Steaten assosiearre frijsteat yn it eastlike diel fan de Karibyske See. It makket diel út fan de Grutte Antillen, en leit eastlik fan de Dominikaanske Republyk, en westlik fan de Famme-eilannen.

It eilân waard op 19 novimber 1493 ûntdutsen troch Kolumbus op syn twadde reis nei it westen. Yn de rin fan inkele desennia waard de oarspronklike befolking, de Taino's, in stam fan de Arowakken-yndianen útrûge en ferfongen troch út Afrika ymportearre negerslaven.

De yn de twadde helte fan de 19e iuw opkommende ûnôfhinklikheidsbeweging twong by Spaanske memmelân in grut diel selsstannigens ôf. Yn 1898 waard it eilân troch de Feriene Steaten yn besit nomd, dêr't it yn 1917 de status fan Amerikaansk grûngebiet fan krige. De tafloed fan Amerikaansk kapitaal nei it lân kaam lykwols net ta goede fan de earme befolking. Yn 1952 krige Puerto Riko har tsjintwurdige status.

Yn july 2010 wennen der 3.977.663 minsken op it eilân. De offisjele talen op it eilân binne Spaansk en Ingelsk. De grutste religy op it eilân is it Roomsk-katolisisme (85%), Protestanten en oare groepen foarmje mei-inoar sa'n 15% fan de eilânbefolking.

De befolkingsgearstalling lit him sa ferdiele (sifers 2007):

  • Wyt (fan Spaanske komôf) 76,2%
  • Swart is 6,9%
  • Asiatysk 0,3%
  • Indianefolk 0,2%
  • Mjuks 4,4%
  • Oar 12%

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje