Hartford (Konettikut)
Hartford | ||
Stedssilhûet Hartford, fan de Konettikut ôf sjoen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Konettikut | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 124.512 (2006) | |
Oerflak | 46,5 km² | |
Befolkingsticht. | 2.776 / km² | |
Stêdekloft | 1.212.381 | |
Hichte | 18 m | |
Oar | ||
Stifting | 1637 | |
Tiidsône | EST (UTC−5) | |
Simmertiid | EDT (UTC−4) | |
Offisjele webside | ||
http://www.hartford.gov |
Hartford is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Konettikut. It plak leit oan de rivier de Konettikut yn it midden fan de steat.
De stêd Hartford is de op twa nei grutste stêd fan Konettikut (nei Bridgeport en New Haven).
Hartford is de "fersekeringshaadstêd" fan de Feriene Steaten - in oantal grutte fersekeringsmaatskippijen hawwe der harren haadkantoar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat de Nederlânske ûntdekkingsreizger Adriaen Block it gebiet ferkend hie yn 1614, setten bûnthannelers fan de koloanje Nij-Nederlân dêr yn 1623 in hannelspost op, dy't troch de pleatslike yndianen Suckiaug neamd waard. De namme fan dy hannelspost wie "Huys de Hoop". Yn 1633 wie de post in lyts fort wurden troch útwreiding mei in blokhûs en in pallisade en in lyts garnisoen soldaten mei in stikmannich kanonnen út Nij Amsterdam.
De earste Ingelske kolonisten kamen yn 1636
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de befolking is 9,5 % âlder as 65 jier en bestiet foar 33,2 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 4,8 % (sifers folkstelling 2000). Likernôch 40,5 % fan de befolking fan Hartford bestiet út hispanics en latino's, 38,1 % is fan Afrikaanske oarsprong en 1,6 % fan Aziatyske oarsprong. It ynwennertal sakke fan 137.289 yn 1990 nei 121.578 yn 2000.
Berne yn Hartford
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frederick Law Olmsted (1822-1903), lânskipsarsjitekt
- Alfred Terry (1827-1890), militêr
- Katharine Hepburn (1907-2003), aktrise
- Roger Sperry (1913-1994), neuro-psycholooch en Nobelpriiswinner
- Lois Fisher-Ruge (1940), sjoernaliste en skriuwster
- Arielle Dombasle (1953?), (Frânsk) aktrise
- Michael Stefano (1969), pornoakteur, -regisseur en -filmprodusint
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan -4,1 °C, yn july is dat 23,2 °C. Jierliks falt der trochstrings 1121,2 mm delslach (op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Stedsbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Hartford yn 2009
-
De Ados Israel Synagogue (1872), ticht yn 1985, Joadske mienskip sit no mear yn West Hartford
-
Prattstreet, sintrum Hartford
-
Travelers Toer, sintrum Hartford