Springe nei ynhâld

Club International

Ut Wikipedy
Club International
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
taal Ingelsk
sjenre neakenfotografy
frekwinsje 1x de 4 wiken
bestean 1972 – no
plak haadred. Londen (Ingelân)
útjouwer Paul Raymond Publications
offisjele webside
www.paulraymond.com

Club International is in Britsk neakenblêd dat oprjochte waard yn 1972 as in susterútjefte fan it Amerikaanske tydskrift Club. It wurdt eltse fjouwer wiken útjûn, wat delkomt op trettjin edysjes jiers.

De útjouwerij dy't ferantwurdlik is foar Club International is Paul Raymond Publications (PRP), dat acht fan 'e top tsien fan Britske neakenblêden op 'e merk bringt. Tegearre mei Mayfair wurdt Club International beskôge as ien fan 'e sjykste útjeften fan PRP. It blêd omfettet njonken tekstartikels fral in soad neakenfotografy, soms mei mear as ien model, mar dat lêste sûnder dêrby pornografyske ôfbyldings te toanen, lykas penetraasje of oraal-genitaal kontakt. Der wurdt sels mar selden in pink shot ôfprinte, in foto dêr't de fagina fan in model op te sjen is. Club International hat ek in digitaal foarkommen op 'e offisjele webside fan PRP, dêr't wól de pornografyske ynhâld te sjen is dy't net yn it blêd sels foarkomt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.