Springe nei ynhâld

Bunschoten (gemeente)

Ut Wikipedy
Bunschoten
Gemeentehûs Bunschoten
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Melis van de Groep (KristenUny)
sifers en geografy
haadplak Bunschoten-Spakenburch
grutste plak Bunschoten-Spakenburch
ynwennertal 22.625 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 735 / km²
oerflak 34,81 km²
● wêrfan lân 30,38 km²
● wêrfan wetter 4,43 km²
tal doarpen 2
ferkearsieren ,
skiednis
oprjochte 1811
oar
netnûmer 033
postkoade 3751-3754
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.bunschoten.nl
Topografyske gemeentekaart fan Bunschoten

Bunschoten (Nedersaksysk: Bunsjoten) is in gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat likernôch 22.625 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en hat in oerflak fan 35,58 km² (dêrfan 4,21 km² wetter). De gemeente waard oprjochte yn 1811.

De gemeente hat fjouwer ofsjele kearnen: Bunschoten, Eemdijk, Spakenburch en Zevenhuizen.

Tal ynwenners per wenkearn op 1 jannewaris 2021:[1]

Bunschoten-Spakenburch * 21.190 (1 jannewaris 2021)
Eemdijk 820
Zevenhuizen ** 200
  • Wêrfan 3.000 yn de kearn Bunschoten en 3.700 yn de kearn Spakenburch
    • Kearn Sânhuzen en omlizzend bûtengebiet

Bunschoten en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar woeksen, dat gjin ûnderskied mear makke wurdt tusken de twa, útsein foar de âlde kearnen fan de twa plakken. Foar de post lizze, bygelyks, alle adressen yn Bunschoten-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunschoten, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.

Karakteristyk foar Bunschoten en Spakenburch binne de oerâlde drachten, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Protestantsk-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.

Utslach fan de gemeenteriedsferkiezing fan 2022:

Gemeenteriedsferkiezing 2006
Partij Stimmen yn % Sitten
KristenUny 32,4 6
VVD 23,0 4
CDA 19,0 3
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) 10,6 2
Opkomst 57,4 19

Utslaggenoersjoch fan de gemeenteriedsferkiezings yn Bunschoten sûnt 1994:

Histoarysk oersjoch gemeenteriedsferkiezings
Partij Stimmen yn % Sitten yn de ried
1994 1998 2002 2006 1994 1998 2002 2006
KristenUny (29,7) (40,2) 39,1 39,9 (5) (7) 6 7
Betelber Bunschoten - - 10,1 21,5 - - 2 4
CDA 17,1 22,3 22,2 20,8 3 4 4 3
Kristlike Arbeiderspartij (CAP) 23,4 20,9 17,8 17,8 4 4 3 3
VVD 9,0 7,4 5,7 - 2 1 1 -
Progressyf-Politike Gearwurking (PPS) 7,2 6,3 5,2 - 1 1 1 -
GPV 29,7 29,6 - - 5 5 - -
RPF - 10,6 - - - 2 - -
SGP - 2,9 - - - 0 - -
Oare partijen (RPF-SGP) 13,6 - - - 2 - - -
Opkomst 79,4 66,9 64,9 69,5 17 17 17 17
  • 2002: GPV & RPF → KristenUny

Kolleezje fan B en W

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bestiet (2022) út leden fan de KristenUny en VVD (meiïnoar 12 fan de 19 sitten).

  • Boargemaster: Melis van de Groep - KristenUny
  • Wethâlder: Bert Koops - KristenUny
  • Wethâlder: Rick Beukers - VVD
  • Wethâlder: Alice Kok - KristenUny
  • Melis van de Groep (1958), amtner en politikus (by Bunschoten: amtner (1979-1991), riedslid (1994-2002), wethâlder (1997-2006) en boargemaster (sûnt 2006)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Bunschoten
Stêd:
Bunschoten
Doarpen:
EemdijkSpakenburch
Buorskip:
Zevenhuizen
· · Berjocht bewurkje
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
· · Berjocht bewurkje