Spanje
Spanje is in lân yn Súdwest-Jeropa op it Ibearysk Skiereilân. De haadstêd is Madrid. It lân is in monargy mei Felipe VI sûnt 2014 as kening.
Reino de España (sp) | |
Biedwurd: Plus Ultra "Hieltyd fierder" | |
Folksliet: Marcha Real "Keninklike Mars" | |
Haadstêd | Madrid |
Offisjele taal | Spaansk |
Offisjele minderheidstaal | Katalaansk |
Galisysk | |
Baskysk | |
Oksitaansk | |
Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy |
- steatshaad | Felipe VI |
- regearlieder | Pedro Sánchez |
Unôfhinklikheid | 1467 (de facto) 1715 (de jure) |
Oerflak | 505.990 km² |
- wetter | 1.04% |
Ynwennertal | 46.354.321 (2016) |
Befolkingstichtens | 92 ynw./km² |
Muntienheid | Euro (EUR; €) |
Tiidsône | MET1 (UTC+1) |
- simmertiid | MEST1 (UTC+2) |
Nasjonale feestdei | 12 oktober |
Ynternetdomein | .es |
Telefoan | +34 |
ISO 3166 | ES, ESP, 724 |
1. De Kanaryske Eilannen lizze yn de tiidsône WET (UTC; UTC+1 yn de simmer). |
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeSpanje wurdt begrinzge troch:
- Golf fan Biskaje, Frankryk en Andorra;
- de Middellânske See yn it súdeasten;
- de Strjitte fan Gibraltar en de Golf fan Cadiz yn it suden;
- Portugal en de Atlantyske Oseaan yn it westen.
Eastlik fan it fêstelân lizze yn de Middellânske See de Baleären. Foar de kust fan de Westlike Sahara lizze de Kanaryske Eilannen, en op de noardkust fan Afrika lizze twa Spaanske eksklaves, Ceuta en Melilla, mei foar de kust noch in pear Spaanske eilantsjes. Oan de Strjitte fan Gibraltar leit Gibraltar, in enklave dy't part fan Britske is.
Lânskip
bewurkje seksjeSpanje omfettet it grutste part fan it Ibearysk skiereilân. Yn it noardeasten foarmje de Pyreneeën de grins mei Frankryk en Andorra. Yn it súdeasten leit de Sierra Nevada, mei de heechste top fan Spanje, de Mulhacen, 3.482 m. Mar ek de rest fan it lân is bercheftich. Ut dy bergen komme de rivieren, lykas de Ebro dêr't it skiereilân nei neamd is, en de langste rivier fan Spanje, de Guadalkwivir.
Stêden
bewurkje seksjeGrutste stêden yn Spanje neffens ynwennertal:
Skiednis
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Spanje.
Nei it ôftreden fan de kening waard Spanje in republyk yn 1931. De Spaanske boargerkriich yn it tiidrek 1936-1939 waard wûn troch de nasjonalistyske generaal Franco. Under Franco wie Spanje oant 1975 in diktatuer. Nei syn dea yn 1975 kaam de monargy werom.
Polityk
bewurkje seksjeSpanje is in parlemintêre monargy mei in grûnwet út 1978. De kening hat in seremoniële rol.
De ferskillende ministers en de premier of presidint hawwe de útfierende macht. De wetjouwende macht beslacht twa keamers. Foarst, de earste keamer (Spaanske: Senado) mei 259 sitten en de twadde keamer (Congreso de los Diputados) mei 350 sitten. De rjochterlike macht is yn hannen fan ferskillende rjochtbanken en tribunalen.
Neffens it Spaanske kiesrjocht mei minsken mei it Spaanske steatsboargerskip fan 18 jier ôf stimme. Alle fjouwer jier kin der direkt stimd wurde foar Congreso de los Diputados. De lokale parleminten wurde ek direkt keazen troch it folk. De senaat of earste keamer wurdt yn 2 kear keazen. 208 folksfertsjinwurdigers yn de senaat wurde alle fjouwer jier direkt keazen troch it folk. De oare 41 leden fan de senaat wurde keazen troch de lokale parleminten. Dêrneist mei der alle fiif jier stimd wurde foar it Jeropeesk Parlemint.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeIt lân is opdield yn 17 autonome regio's. Under de autonome regio’s falle de provinsjes, dêrûnder falle de gemeenten. De twa enklaves Cueta en Melilla hawwe de status fan autonome stêden. De autonome regio’s Katalonië, Baskenlân en Galysje hawwe mear autonomy as de oare autonome regio’s. Dat hat te krijen mei in sterke identiteit en talen dy’t dêr praat wurde. Yn dy regio’s hat de minderheidstaal in spesjale status.
Sjoch ek de Spaanske regio's.
Ynternasjonale gearwurking
bewurkje seksjeSpanje is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 24 novimber 1977 fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1982 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 1986 fan de Jeropeeske Uny.
Militêr
bewurkje seksjeDe Spaanske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine. Mei-inoar binne der 135.000 aktive militêren. De Spaanske striidkrêften binne aktyf lid fan de NAFO, it Eurocorps en de Battlegroups fan de Europeeske Uny. Yn 2009 dienen der sa likernôch 2.600 Spaanske militêren mei oan ferskillende missy’s op ‘e wrâld sa as EUFOR (Bosnië) en ISAF (Afganistan) en noch in stikmannich lytsere missy’s yn it Heine Easten en Afrika. Yn 2003 wie it militêr budzjet $9,9 miljard, omrekkene wie dat 1,2 persint fan it BYP.
Plysje
bewurkje seksjeIt systeem by de plysje yn Spanje is troch de bestjoerlike yndieling fan it lân kompleks. Rûchwei beslacht de Spaanske plysje fjouwer nivo’s:
- De paramilitêre Guardia Civil dy’t sawol ûnder it Ministery fan Definsje as ûnder it Ministery fan Ynlânske Saken falt.
- De nasjonale plysje dy’t ûnder it Ministery fan Ynlânske Saken falt.
- De autonome regio’s sa as it Baskenlân, Katalonië en Navarra hawwe in eigen plysje dy’t taken fan de Guardia Civil útfiert.
- Plysje op regionaal (gemeentlik) nivo.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeSpanje hie yn 2010 46.951.532 ynwenners. De befolkingstichtens is it heechst oan de eastkust en yn en om de haadstêd Madrid hinne.
Jier | Ynwennertal | Jier | Ynwennertal | Jier | Ynwennertal | Jier | Ynwennertal | Jier | Ynwennertal |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
1998 | 39.852.000 | 2001 | 41.116.000 | 2004 | 43.197.000 | 2007 | 45.200.000 | 2010 | 46.951.532 |
1999 | 40.202.000 | 2002 | 41.837.000 | 2005 | 44.108.000 | 2008 | 46.063.000 | ||
2000 | 40.499.000 | 2003 | 42.717.000 | 2006 | 44.708.000 | 2009 | 46.661.000 |
Talen
bewurkje seksjeIt Spaansk is de offisjele taal fan Spanje, dêrneist binne der fjouwer minderheidstalen dy't op ferskillende nivo's erkend binne:
- Katalaansk yn Kataloanje en op de Balearen, en yn in part fan Falensia.
- Baskysk yn Baskenlân, en in part fan Navarra.
- Galisysk yn Galysje.
- Astuerysk yn Astuerje en in lyts part fan Kastylje en Leon.
Religy
bewurkje seksjeDe grutste religy yn Spanje is it Roomsk Katolike leauwen dêr't neffens offisjele boarnen mear as 80% fan de befolking by heart. Dat hege sifer hat fral te krijen mei it feit dat ûnder diktator Franco, alle Spanjerts neffens de wet katolyk wêze moasten, frijwillich of net. Dêrtroch is in grut part fan de befolking noch hieltyd offisjeel leauwich, mar yn it deistich libben net praktisearjend.
De Hilligen Jakobus de Meardere, Jehannes fan Avila en Teresia fan Avila binne de beskermhilligen fan Spanje.
Ekonomy
bewurkje seksjeIt toerisme is yn Spanje in belangrike ekonomyske faktor. De kustregio Katalonië, de Balearen en de Kanaryske eilannen wurde it bêst besocht troch toeristen. Dêrneist eksportearret it lân aardich wat produkten út de lânbou sa as sitroenen, sinasappels, oliven, olyfoalje, nuten, druven en wyn. Spanje is de tredgrutste wynprodusint op ierde. BYP per persoan is $33.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,6% lânbou, 30,2% yndustry en 66,1% tsjinsten.
Ferkear
bewurkje seksjeWichtichste havens binne Algeciras, Barselona, Bilbao, Cartagena, Huelva, Tarragona, Valencia. De fleanfjilden fan Madrid en Barselona wurde ta de tsien grutsten fan Jeropa rekkene (2007). De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.
It treinferkear yn Spanje is yn hannen fan it steatsbedriuw RENFE. Dat bedriuw hat ûnder de namme AVE ferskillende hegesnelheidstreinen.
Spanje hat (2006):
681.224 km ferhurde dyk.
14.974 km spoardyk.
1.000 km farwetter.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Spanje fan Wikimedia Commons. |
autonome mienskippen fan Spanje | ||
---|---|---|
Andalûsje • Aragon • Astuerje • Baleären • Baskelân • Ekstremadoera • Falinsia • Galysje • Kanaryske Eilannen • Kantaabrje • Kastylje en Leön • Kastylje-La Mansja • Kataloanje • Madrid • Moersia • Navarra • La Riocha | ||
autonome stêden fan Spanje | ||
Ceuta • Melilla | ||
· · |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |