Letlân
| |||||
Offisjele taal | Letsk | ||||
Haadstêd | Riga | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
64.589 km² 1,5% | ||||
Ynwenners (2010) | 2.254.653 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 18 novimber | ||||
Lânkoade | LVA | ||||
Ynternet | .lv | ||||
Tillefoan | 371 |
Letlân (Letsk: Latvija), offisjeel de Republyk Letlân (Latvijas Republika) is ien fan de Baltyske steaten yn Noardeast-Jeropa. De haadstêd is Riga en de presidint fan de republyk is Egils Levits. It is it middelste yn grutte en lizzing fan de trije Baltyske lannen.
Geografy
bewurkje seksjeLetlân hat trije histoaryske regio's, Koerlân (Kurzeme), Lyflân (Vidzeme), Semgallen (Zemgale), Seelje (Sēlija) en de Letgallen (Latgale). De langste rivieren binne de Daugava en de Gauja. De grutste mar yn Letlân is de Lubāns mei in oerflak fan 80,7 km². De haadstêd Riga is it geografyske middelpunt fan it lân. Oare grutte stêden binne: Daugavpils, Liepāja, Jelgava, Jūrmala, Rēzekne, Ventspils.
Letlân wurdt begrinzge troch:
- Estlân yn it noarden,
- Ruslân yn it easten,
- Wyt-Ruslân yn it súdeasten,
- Litouwen yn it suden,
- de Golf fan Riga en de Eastsee yn it súdwesten.
Skiednis
bewurkje seksjeOm-ende-by 1200 set de ferovering útein fan it lân troch Dútske ridders, ein 13e iuw wie dat proses foltôge. Steatkundich sjoen waard it gebiet yn twa aparte gewesten yndield, Koerlân en Lyflân. Koerlân waard stadichoan in sekularisearre hartochdom ûnder Poalsk sizzenskip. Lyflân hearde oant 1629 by Poalen, dêrnei oant 1721 by Sweden en dêrnei by Ruslân. Yn de perioade dat Lyflân ûnder Sweedsk bewâld wie boaze de ekonomy fan Koerlân oan. De Koerlânske hartoch Frederikssoan Jakob (1642-1682) stifte yn Gambia en Tobago koloanjes.
Yn de Earste Wrâldkriich waard Letlân troch de Dútsers beset. Op 11 novimber 1918 rôp in Letske folksried ûnder lieding fan K. Ulmanis te Riga de ûnôfhinklikens fan de Republyk Letlân út, mar yn jannewaris 1919 foelen de Russen it lân binnen en fêstigen dêr in Sovjetbewâld, dat lykwols troch boargerlike eleminten wer ferdreaun waard, holpen troch Dútske troepen. Yn maaie 1934 fierde minister-presidint Ulmanis in steatsgreep út, skafte de monargy ôf en gong oer ta it ferfolgjen fan loftse partijen.
Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waard Letlân troch de Sovjet-Uny twongen akkoart te gean mei in bystânsferdrach fan wjerskanten (1939) en dêrnei beset, wêrnei't yn augustus 1940 ynliving folge. Fan 1941 oant en mei 1944 wie Letlân beset troch Nazi-Dútslân. Yn de tiid fan de Kâlde Kriich wie Letlân as Eastbloklân in satellytsteat fan de Sovjet-Uny. Op 21 augustus 1991 ferklearre Letlân himsels ûnôfhinklik.
Demografy
bewurkje seksjeLetlân hie yn 2010 2.254.653 ynwenners, dêrfan 59,4 % Letsk. De Russyske minderheid is de grutste (27,6 %), oare minderheden binne Wyt-Russen (3,6 %), Oekraïners (2,5 %), Poalen (2,3 %) en Litouwers (1,3 %).
Tal ynwenners
bewurkje seksjeGearwurking
bewurkje seksjeIt lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1995 fan de Rie fan Europa en sûnt 2004 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Letlân hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Europeeske Uny en krige op 1 jannewaris 2014 de euro as munt.
Ekonomy
bewurkje seksjeBYP de persoan is $17.700 (2007). Gearstalling fan BYP de sektor is 3,3% lânbou, 22% yndustry en 74,7% tsjinsten.
Militêr
bewurkje seksje- Struktuer
De Letske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine (ynklusyf kustwacht), grinswacht en in folksmilysje (Latvijas Zemessardze).
- Mankrêft
Yn 2008 wiene der 568.683 Letske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wiene 412.849 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfolle mei manlju dy't sechstjin jier wurde, yn 2008 wiene dat 14.506.
- Budzjet
Militêr budzjet 87 miljoen (2001).
Persintaazje fan it BYP 1,2 % (2001).
Transport
bewurkje seksjeWichtichste havens binne Riga en Ventspils. Riga hat it grutste fleanfjild fan Letlân. De maksimum snelheid op de autodyk is 110 km/h.
Letlân hat (2006):
69.675 km ferhurde dyk.
2.303 km spoardyk.
300 km farwetter.
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |