In grins is de skiedsline tusken twa gebieten. Dit kin topologysk wêze, lykas de de grins tusken Eastergoa en Westergoa. Mar it kin ek de grins tusken twa ideeën, lykas tusken stjerrekunde en stjerrewiersizzerij.

Puntpeal nr.13 op de grins tusken Fryslân en Grinslân
Grins tusken Argentynje en Brazylje op de rivier de Iguazu
Grins tusken Nederlân en Belgje yn Baarle-Nassau
Typyske Schengen grinsoergong lykas de Nederlânske ryksgrins mei Dútslân
Berlynske Muorre by Checkpoint Charlie yn 1982
Grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko tusken San Diego en Tijuana. De grêfkisten op de grinsmuorre symbolisearje it tal minsken dy't omkommen binne by it besykjen de grins oer te stekken.
Dizze side giet oer skiedsline. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grins.

Yn it algemien kin der ûnderskaat makke wurde oangeande it begryp "grins":

  1. line dy't de ein fan in gebiet, territoarium oanjout, skiedsline swette
  2. skiedsline dy't oanjout wêr't eat wol of net mear foarkomt
  3. punt dêr't eat oan ta gean kin, de ein, limyt; beheining perk [1]

Ofkomst wurd

bewurkje seksje

It wurd grins waard yn de 12e of 13e iuw fan it Aldpoalske graniza/grænizen/greniz oernommen doe't nei de Dútske Eastkolonisaasje it wurd stadichoan oer it Dútske taalgebiet en sadwaande ek nei it Fryske taalgebiet ferspraat en it Germaanske marka/marcha foar "grins/grinsgebiet" ferkrongen.

It Germaanske "mark" is hjoed-de-dei noch hieltyd oanwêzich yn plak- of gebietsnammen, lykas Denemark, Stiermarken.

It etonym "grins" wurdt hjoed-de-dei yn de measte Slavyske talen en yn Roemeenje brûkt: granica (Poalsk, Kroatysk, Bosnysk), граница/graniza (Russysk, Bulgaarsk), граніца/graniza (Wytrussysk), граница/granica (Servysk), hranice (Tsjechysk) en hranica (Slowaaksk, Oppersorbysk), graniţă (Roemeensk). It heart ta de Slavyske wurdgroep ran’, sa as bygelyks it Russyske грань/gran’, itjinge grinsline, grins, begrinzge oerflak, en ek kant of râneflak betsjut.[2]

Skiednis steatsgrinzen

bewurkje seksje

Oant de moderne tiid wie it begryp "grins" frij dizich en waarden natuerlike barriêren benammen brûkt as grins. De grins wie doe benammen in grinsgebiet, yn it Germaansk marka ("mark") neamd. Dat late gauris ta konflikten om't beide kanten fan de grins it gebiet opeasken. It kaam wol foar dat de befolking yn in grinsgebiet belesting betelje moast oan twa hearen.

Grinzen dy't oerienkommen waarden, wurde markearre troch grinspeallen, puntpeallen of grinsstiennen. Yn it Alde Egypte waarden al grinsstiennen brûkt om it gebiet tusken lâneigeners te markearjen. Yn de midsiuwen markearren banpeallen de jurisdiksje fan in stêd, de banne. Wa't ferballe waard, mocht dy net foarby komme.

Letter troch it kommen fan de kartografy koene grinzen sekuerder fêstlein wurde.

Oant yn de moderne tiid wiene grinzen yn tinbefolke gebieten, lykas woastinen, wâlden, tûndra's of sompen, gaurus noch net dúdlik genôch want net ien easke se op of it moast sa wêze dat der natuerlike grûnstoffen, lykas oalje dêr fûn waarden en doe moasten de grinzen gauris troch miltêr treffen bepaald wurde. Sokke grinzen wurde earder demarkaasjelinen neamd. Foarbylden dêrfan binne de Semsliny yn de Grinzer Feankoloanjes tusken Grinslân en Drinte, de Dútsk-Dútske grins tusken East- en West-Dútslân yn de snuorje fan de Kâlde Kriich, de Griene Line tusken Israel en de Palestynske kriten yn it Israelysk-Palestynsk konflikt.

Ek waarden grinzen fêstlein op lingte- of breedtegraden, lykas de grins tusken de Feriene Steaten en Kanada en tusken guon Amerikaanske steaten ûnderinoar.

Nei de Earste Wrâldkriich kamen der in soad grinskontrôles op gong. Der moasten dokuminten sjen litten wurde by it ferfieren fan persoanen en guod oer de grinzen hinne. Dat late wol gauris ta yllegale grinspassaazjes, dêr't grinskontrôles stranger troch waarden. In bekend gefal is de Amerikaansk-Meksikaanske grins dêr't miljoenen minsken yllegaal de grins nei de Feriene Steaten besykje oer te kommen yn hope foar better wurk en libben.

It komt ek foar dat guon lanne in oerienkomst sletten hawwe dêr't de grinskontrôle tsken dy lannen opheft waard, sa as bygelyks yn de Schengen-sône.

In grins kin op de folgjende manieren oerienkommen wêze:

Klassifikaasje

bewurkje seksje

Der binne ferskate soarten grinzen:

  • Politike grinzen
  • Natuerlike grinzen, lykas rivierren, marren, seeën, wâlden en berchtmen.
  • Lânskipsgrinzen
  • Geometryske grinzen
  • Loftromgrinzen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://frysker.nl/
  2. Wolfgang Pfeifer: Etymologisches Wörterbuch des Deutschen. Akademie, Berlyn 1989 en meardere werprintingen
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Border fan Wikimedia Commons.