Striidkrêften

(Trochferwiisd fan Definsje)

De striidkrêften (komt allinnich yn meartalsfoarm foar), ek wol de kriichsmacht of it leger neamd, binne de troch de oerheid ynstelde militêre organisaasjes fan in lân. Dy besteane om it politike belied fan it regear fan harren lân te ûnderstypjen yn oarloch (troch oanfal en/of ferdigening), mar ek yn fredestiid. Dêrby is it yn beskerming nimmen fan it regear fan harren lân en fan dat lân sels tsjin sawol bûtenlânske as binnenlânske agressors it wichtichste doel. Sadwaande hjit it ministearje dat oer de kriichsmacht giet, hjoed de dei yn 'e regel it Ministearje fan Definsje, en sprekt men, as men it oer de striidkrêften hat, ek wol koartwei fan definsje (fan it Latynske defensa, "beskerming", fia it Frânske défense). Yn guon lannen omfetsje de striidkrêrften behalven militêre ek paramilitêre organisaasjes. Ornaris besteane de striidkrêften lykwols út trije haadûnderdielen

De lannen fan 'e wrâld nei oantallen aktive leden fan 'e striidkrêften.

Faak wurde dêr noch ekstra tûken oan tafoege, lykas de militêre plysje of de kustwacht. Yn guon lannen, lykas de Feriene Steaten, is fierders it marinierskorps losmakke fan 'e marine om in selsstannich kriichsmachtûnderdiel te foarmjen. Datselde jildt yn guon lannen foar de maresjesee (de militêre plysje) en foar de romtemacht, in nij ferskynsel, foar striid yn 'e romte. Guon lannen, lykas Iislân en Kosta Rika, hawwe gjin striidkrêften. De stúdzje fan 'e ynset fan 'e kriichsmacht is de kriichskunde, en de skiednis derfan hjit de kriichsskiednis.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.