Wenje
Wenje

De FNP beskôget wenjen as in basisrjocht en wol dat der yn Fryslân foldwaande betelbere wenningen komme, benammen foar jongeren en minsken mei in sosjale en ekonomyske bining mei de regio.

Lânskip
Lânskip

De FNP sjocht lânbou en natuer as ûnskiedber ferbûn en wol Fryslân as lânbouprovinsje behâlde.

Ekonomy en toerisme
Ekonomy en toerisme

De FNP beklammet de wearde fan it mbo en fakmanskip en wol Fryslân profilearje as dé provinsje foar praktysk ûnderwiis en ambachten.

Kultuer en taal
Kultuer en taal

De FNP sjocht kultuer as in libjend en ferbinend ûnderdiel fan de Fryske mienskip.

Leefberens en sport
Leefberens en sport

De FNP set him yn foar in sterke en ferbûne mienskip yn Fryslân. Troch ynvestearringen yn mienskipsbelied binne moetingsplakken yn doarpen en wiken flink ferbettere.

Enerzjy en duorsumens
Enerzjy en duorsumens

De FNP set yn op enerzjy-autonomy mei each foar it lânskip. Se hâlde fêst oan it besteande belied tsjin grutte wynmûnen en sinneparken op lân en stimulearje alternative enerzjyboarnen.

Mobiliteit
Mobiliteit

De FNP sjocht gjin ferlet fan grutte ynfrastruktuerprojekten yn Fryslân. De partij is tsjin de Lelyline, om’t de kosten foar it lânskip en de keppeling mei grutskalige wenningbou net opwage tsjin de baten.

7 Kearnwearden fan de FNP

  1. Demokrasy:
    De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.
  2. Federalisme:
    De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy’t minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsje, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.
  3. Ynternasjonalisme:
    De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.
  4. Taal en kultuer:
    Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr’t ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.
  5. Undernimmerssin:
    De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.
  6. Solidariteit:
    De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.
  7. Duorsumens:
    De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy’t in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.