By ús yn de regio ûntstiet in nije wrâld eins alle dagen. Yn Fryslân jouwe we elkoar de romte. Dat makket ús frij, mar ek eigen. Miskien klinkt dit hiel down to earth: it is alle dagen gewoan dwaan. Us wize fan wurkjen en libben betsjut betrouwen jaan en koarte lyntsjes.

Soms binne we direkt, mar dat is wol sa dúdlik. Wy binne oanpakkers dy’t saken graach sels mei-inoar dogge. Moaie dingen meitsje, opnij brûke en trochjaan. Dat is njonken goedkeaper, ek folle leuker. Omdat betrouwen ús basis is, is ús takomst iuwen âld.

Gerben van der Mei
Wenje
Wenje

De FNP beskôget wenjen as in basisrjocht en wol dat der yn Fryslân foldwaande betelbere wenningen komme, benammen foar jongeren en minsken mei in sosjale en ekonomyske bining mei de regio.

Lânskip
Lânskip

De FNP sjocht lânbou en natuer as ûnskiedber ferbûn en wol Fryslân as lânbouprovinsje behâlde.

Ekonomy en toerisme
Ekonomy en toerisme

De FNP beklammet de wearde fan it mbo en fakmanskip en wol Fryslân profilearje as dé provinsje foar praktysk ûnderwiis en ambachten.

Kultuer en taal
Kultuer en taal

De FNP sjocht kultuer as in libjend en ferbinend ûnderdiel fan de Fryske mienskip.

Leefberens en sport
Leefberens en sport

De FNP set him yn foar in sterke en ferbûne mienskip yn Fryslân. Troch ynvestearringen yn mienskipsbelied binne moetingsplakken yn doarpen en wiken flink ferbettere.

Enerzjy en duorsumens
Enerzjy en duorsumens

De FNP set yn op enerzjy-autonomy mei each foar it lânskip. Se hâlde fêst oan it besteande belied tsjin grutte wynmûnen en sinneparken op lân en stimulearje alternative enerzjyboarnen.

Mobiliteit
Mobiliteit

De FNP sjocht gjin ferlet fan grutte ynfrastruktuerprojekten yn Fryslân. De partij is tsjin de Lelyline, om’t de kosten foar it lânskip en de keppeling mei grutskalige wenningbou net opwage tsjin de baten.