Erica Everest
Erica Everest, echte namme: Debbie DeSilva (yn Kentucky, 8 novimber 1972), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Portegeesk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol stavere wurdt as Erika (mei in k) of Ericka (mei ck). Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre 1.68 m, mei in gewicht fan 62 kg en kupmaat 50EE, dêr't se oan kommen wie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Erica Everest | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Erika Everest, Ericka Everest | |
echte namme | Debbie DeSilva | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 novimber 1972 | |
berteplak | ? (Kentucky) | |
etnisiteit | Portegeesk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, softcore-pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1993 – 2002 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeEverest waard yn 1972 berne yn 'e steat Kentucky. Letter sette hja har nei wenjen yn Myrtle Beach, yn Súd-Karolina. Yn 1993 begûn se oan in karriêre as stripper, en dêrta liet se har boarsten flink fergrutsje. Teffens naam se de skûlnamme Erica Everest oan, dy't ferwiist nei de berch de Mount Everest, wat fansels slacht op har romboarstich foarkommen. Everest waard al rillegau tige populêr, en reizge yn 'e jierren njoggentich as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns.
Fierders wie Everest ek geregeldwei te bewûnderjen yn neakenblêden dy't har taleine op it grutte-boarstesjenre, lykas Score, Busty Beauties en Juggs. Yn it ferlingde dêrfan posearre se neaken foar in pear fideo's en teffens makke se in pear films wêryn't se oan masturbaasje en lesbyske pornografy die. Dêrfoar wurke se gear mei oare grutte-boarstestjerren, lykas SaRenna Lee en Tawney Peaks. Oan 'e ein fan njoggentiger jierren en yn 'e iere jierren 2000 makke Everest ek sêfte pornografy mei manlike tsjinspilers foar tydskriften en fideo's.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) makke Everest yn totaal tsien pornofilms, wêrfan't de measten útbrocht waarden troch Big Top Video, in studio dy't him útslutend talei op it grutte-boarstesjenre. Yn 2002 loek Everest har úteinlik út 'e pornoyndustry werom.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Erica Everest yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Erica Everest yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |