WordPress.org

Oer

ús missy:

demokratisearje publisearjen

de frijheid om te bouwen. de frijheid om te feroarjen. de frijheid om te dielen.

ús ferhaal

WordPress started in 2003 when Mike Little and Matt Mullenweg created a fork of b2/cafelog. The need for an elegant, well-architected personal publishing system was clear even then. Today, WordPress is built on PHP and MariaDB, and licensed under the GPLv2. It is also the platform of choice for millions of sites across the web.

It iepenboarneprojekt WordPress hat him yn ’e rin fan ’e tiid op progressive wize ûntwikkele—stipe troch betûfte, entûsjaste ûntwikkelers, ûntwerpers, wittenskippers, bloggers, en mear. WordPress biedt elkenien de kâns om te meitsjen en te dielen, fan mei de hân makke persoanlike anekdoates oant bewegingen dy’t de wrâld feroarje.

Minsken mei beheinde technyske ûnderfining kinne it “út de doaze” brûke, en minsken mei mear technyske kennis kinne it op opfallende wizen oanpasse.

ús missy

WordPress is ûntwurpen foar elkenien.

Wy leauwe dat geweldige software wurkje moat mei in minimale ynstelling, mei klam op tagonklikens, prestaasjes, befeiliging en gebrûksgemak. De basissoftware fan WordPress is ienfâldich en foarsisber, en biedt krêftige funksjes foar groei en sukses.

WordPress is iepenboarnesoftware.

Efter it idee om publisearjen te demokratisearjen en de frijheden dy’t mei iepen boarne komme, stiet in grutte mienskip fan minsken dy’t oan dit projekt gearwurkje en bydrage.

WordPress is gastfrij en ynklusyf.

De passy fan ús meiwurkers driuwt it sukses fan WordPress en helpt jo op syn beurt om jo doelen te berikken. WordPress-meiwurkers wurkje oer de hiele wrâld en hawwe ûntelbere oeren wijd oan it bouwen fan in ark dat elkenien in stim jout.

de fjouwer frijheden

WordPress is licensed under the General Public License (GPLv2 or later) which provides four core freedoms:

0

De frijheid om it programma foar elk doel út te fieren.

1

De frijheid om te bestudearjen hoe’t it programma wurket en it te feroarjen sadat it docht wat jo wolle.

2

De frijheid om opnij te fersprieden.

3

De frijheid om kopyen fan dyn oanpaste ferzjes oan oaren út te dielen.

de details

Dûk yn de eftergrûndetails, lykas de GPL en oare beliedsregels.

de minsken

Lear mear oer de mienskip, hoe’t wy mei-inoar omgean en ús grutskens sjen litte.