Springe nei ynhâld

Sânwâlden

Ut Wikipedy
Flagge fan Sânwâlden

De Sânwâlden wie neist Eastergoa en Westergoa ien fan de trije goaen fan Fryslân.

Om't Boarnegoa doe't it opsplit rekke yn de 14e iuw ek útelkoar foel, wie der yn it suden fan Fryslân ferlet fan in nij ferbân. Dit waard begjin 15e iuw sletten tusken Boarnegoaster dielen Boarnferd en Skoatterwerf en it Westergoase Doedingwerstâl. Dit ferbân bestie oarspronklik út sân parten: Boarnferd waard Haskerlân, Utingeradiel en Aenjewier en fan Skoatterwerf, dat Skoatterlân waard, waard it kustpart ta Easterseesterlân, en fan Doedingwerstâl, dat Doanjewerstâl waard, waard it kustpart ta Marderlân.

In de 15e iuw hie dit nije ferbûn net in soad ynfloed yn de Fryske polityk, dy't fral tusken Eastergoa en Westergoa spile. Mar doe't om 1500 hinne Gaasterlân, Opsterlân en de Stellingwerven by it ferbân kamen waard it ta in goa mei deselde rjochten as de oare twa. De lêste feroarings yn de gearstalling wienen it geargean fan Marderlân en Easterseesterlân ta de Lemster Fiifgea, letter Lemsterlân, wylst oarsom de Stellingwerven ta de gritenijen Eaststellingwerf en Weststellingwerf waarden.

gritenijen yn Sânwâlden oan it ein fan 'e 17e iuw
De tsien gritenijen fan Sânwâlden
1 Utingeradiel
2 Aenjewier
3 Doanjewerstâl
4 Haskerlân
5 Skoatterlân
6 Lemsterlân
7 Gaasterlân
8 Opsterlân
9 Eaststellingwerf
10 Weststellingwerf
Ien stêd
S Sleat

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]