Muskusrôt
muskusrôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ondatra zibethicus | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Lânseigen fersprieding yn Noard-Amearika Wrâldwide fersprieding fan 'e muskusrôt: lânseigen fersprieding troch de minske yntrodusearre as eksoat |
De muskusrôt of bisamrôt (wittenskiplike namme: Ondatra zibethicus), by túltsjes ek wol wetterknyn neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dat binnen de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) de monotypyske (út ien soarte besteande) tûke fan 'e muskusrotten (Ondatrini) en it krektlyk monotypyske skaai fan 'e muskusrotten (Ondatra) foarmet. De muskusrôt is lânseigen yn Noard-Amearika, mar komt as eksoat ek foar yn grutte dielen fan Jeropa (Nederlân ynbegrepen), noardlik Aazje en op guon plakken yn Súd-Amearika. Hy wurdt bejage om syn pels en om syn fleis, en yn Noardwest-Jeropa ek om't er dêr as skealik ûngedierte beskôge wurdt. De muskusrôt is de grutste fan 'e 142 soarten wrotmûzen (Arvicolinae), en wurdt in "rôt" neamd om't er in middelgrut kjifdier is, mar hy is gjin echte rôt. Muskusrotten wurde ek holden troch de minske, as ûnderdiel fan 'e pelsdierfokkerij; muskusrottepelzen wurde op 'e merk brocht ûnder de namme "bisam".
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de muskusrôt muskusklieren hat dy't de muskus produsearje wêrmei't it bist syn territoarium ôfset, hat de muskusrôt net méár mei muskus te krijen as oar wrotmûzen. Syn namme is dan ek in oersetting fan it Ingelske muskrat, wat in folksetymology is dy't fuortkomt út it wurd muscascus, út 'e Algonkwynske taal fan 'e Algonkin-Yndianen fan súdeastlik Kanada. Muscascus betsjut letterlik "it is read", wat op 'e readbrunige pels fan 'e muskusrôt slacht.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muskusrôt is lânseigen yn it grutste part fan Noard-Amearika, útsein allinnich it Arktyske noarden fan Kanada en Alaska en dielen fan it súdwesten (súdlik Kalifornje, súdwestlik Arizona en dielen fan Teksas en Louisiana). Yn Floarida, dêr't syn ekologyske nys ferfolle wurdt troch de Floaridawetterrôt (Neofiber alleni), ûntbrekt er ek. Hy komt wol foar yn in lyts noardlik hoekje fan Meksiko.
As pelsdier en foar de jacht waarden muskusrotten oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn Jeropa yntrodusearre, dêr't de soarte him sûnt rûnom ferspraat hat. Yn 1905 waarden yn Bohemen ferskate eksimplaren yn it wyld útset, en letter ûntsnapten hjir en dêr noch guon út pelsdierfokkerijen, lykas yn Flaanderen, yn 1928. Dêrtroch wist de soarte him yn Jeropa fluch út te wreidzjen. Yn 1919 berikte er Finlân, yn 1930 Grut-Brittanje en yn 1950 Sweden. Tsjintwurdich ûntbrekt de muskusrôt yn Jeropa allinne mar yn Súd-Jeropa, Ierlân en it grutste part fan Skandinaavje, dat er nea berikt hat, wylst er yn Grut-Brittanje en Sweden nei syn yntroduksje wer útrûge is. Yn Aazje komme muskusrotten foar yn grutte dielen fan westlik, súdlik en eastlik Sibearje en fierders yn noardlik Kazachstan, Sintraal-Aazje, Mantsjoerije, Koreä, Japan en dielen fan Mongoalje. Underwilens hawwe se har ek ferspraat nei beskate kriten fan Argentynje en Sily.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân komt de muskusrôt foar sûnt 1946, doe't er fanút Belgje de grins oerstiek. Dy kolonisaasje waard fuortsterke doe't er fan 'e sechstiger jierren ôf ek út Dútslân wei de grins oer kaam. Tsjintwurdich komme muskusrotten yn Nederlân, en ek yn Fryslân, rûnom foar. Allinnich de sitewaasje op 'e Waadeilannen is net alhiel dúdlik; yn 1988 waarden noch inkeld op Skylge en it Amelân muskusrotten oantroffen. Yn Fryslân wurde de bisten fûleindich bestriden om't se troch harren gegraaf de diken ûndermynje.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muskusrôt is it grutste lid fan 'e ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), dy't 142 soarten telt, en teffens de grutste wrotmûseftige yn Jeropa. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 25-35 sm, mei in sturtlingte fan 18-27 sm en in gewicht fan 0,6-1,8 kg (wêrmei't er rûchwei fjouwer kear sa swier is as de brune rôt). Muskusrotten binne lykwols folle lytser as bevers, dêr't se faak har habitat mei diele. In muskusrôt is daliks werom te kennen oan syn sydlings ôfplatte, ieleftige sturt, dy't allinne oan 'e rânen behierre is en wêrfan't de lingte 70-80% fan 'e kop-romplingte bedraacht, wat mear is as by hokker oare wrotmûzesoarte ek.
De rêchkleur fan muskusrotten fariëarret fan gielbrún fia readbrunich oant brúnswart. Yn Noard-Nederlân binne se ornaris wat ljochter, mar eksimplaren dy't ôfkomstich binne út Belgje kinne suver swart wêze. Op 'e fangen en ûnder de bealch binne muskusrotten folle ljochter fan kleur. Se hawwe grutte boarstelhierren op 'e efterpoaten en tige behindige swimfluezzen, dy't inkeld sichtber binne as de teannen oan 'e efterpoat wiid útspraat wurde. De wangen en de snút binne ljochter fan kleur as de rest fan 'e kop. De lytse rûnige earen sitte frijwol ferskûle yn 'e pels, en binne foarsjoen fan in lyts klepke dat ûnder it dûken de gehoargong ôfslút.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Muskusrotten komme foar oan 'e iggen fan fivers, puollen, marren, beken, rivieren, sleatten, fearten en kanalen. Se libje ek in protte yn moerassen en sompen, en kinne goed oer brak wetter. Se jouwe de foarkar oan stadich streamend wetter.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muskusrôt is benammentlik aktyf oan 'e ein fan 'e middei en op betide jûn, mar soms ek nachts en moarns ier. Yn rêstige gebieten dêr't er gjin of net in protte natuerlike fijannen hat, weaget er him ek wolris midden op 'e dei bûten. Muskusrotten binne fûleindige gravers, dy't simmerdeis hoalen grave yn wâlen en diken mei de haadyngong ûnder wetter, yn 'e regel op in djipte fan 25 sm. As it wetter helder is, kin sa'n yngong werom kend wurde oan 'e sân- of drekwaaier op 'e boaiem derfoar, dy't bestiet út fuortgroeven grûn. In muskusrottehoale bestiet út ien of mear skean omheech rinnende gongen, wêrby't de nêst- en foarrieromten boppe de wetterspegel lizze.
By 't winter, of as der gjin gaadlike plakken binne om sa'n hoale te graven, lizze muskusrotten yn it wetter in koepelnêst fan plantaardich materiaal oan, wêrfan't de boppekant boppe it wetter útstekt. De yngong sit ek by sokke nêsten ek wer ûnder wetter. Yn gebieten dêr't ek bevers foarkomme, "kreakje" muskusrotten faak wenromte yn in beverboarch om te oerwinterjen, sa't te sjen wie yn 'e ferneamde dokumintêrerige The Life of Mammals, fan 'e Britske natoerfilmer sir David Attenborough.
Behalven goede gravers binne muskusrotten en treflike swimmers en dûkers. Se kinne wol in kertier ûnder wetter bliuwe en yn dy tiid fier fuort swimme. By it swimmen brûke se sawol de efterpoaten as de sturt. Yn perioaden fan drûchte bejouwe se har lykwols ek wol hiele einen fan it wetter ôf. It binne ornaris skouwe bisten, dy't by fersteuring mei in opmerklike dûksprong it wetter yn batse om dan mei-iens in hiel hoart net mear boppe te kommen.
Muskusrottemantsjes hawwe in territoarium fan 1.000-5.000 m², mei útsjitters nei wol 12.000 m². De territoaria fan wyfkes binne wat behindiger. Yn 'e regel libje muskusrotten yn groepen fan in mantsje en in wyfke mei harren jongen. By 't maityd wurdt der gauris mei frjemde muskusrotten fochten om territoarium en partners. Sokke gefjochten geane faak oan 'e dea ta.
De peartiid rint by muskusrotten fan maart oant septimber, en yn dy perioade kin der 2-3 kear jiers nei in draachtiid fan 4-5 wiken in nêst fan 3-8 (oant yn ekstreme gefallen wol 14) jongen smiten wurde. Mei 3 wiken ferlitte dy it nêst om op 'e rêch fan har mem mei te liftsjen troch it wetter. Geandewei de simmer nimt de populaasjetichtheid fan muskusrotten altyd ta, mei't de jongen fan 'e earste smeet, út 'e maityd, oant yn 'e hjerst yn it territoarium fan 'e âlden omhingjen bliuwe. Yn it súdlike, waarmere diel fan har ferspriedingsgebiet binne muskusrotten mei in healjier folwoeksen; yn noardere, kâldere kontreien duorret dat likernôch in jier. Folwoeksen mantsjes tsjogge der fral yn it foarjier op út om in eigen territoarium te sykjen. Troch har flugge fuortplanting komme der geregeldwei befolkingseksploazjes foar, dy't dan wer folge wurde troch grutte stjerte fanwegen oerbefolking. Yn syn lânseigen ferspriedingsgebiet liket de muskusrôt eltse seis oant tsien jier troch sa'n syklus te gean.
Wat predaasje oanbelanget, foarmje muskusrotten yn Jeropa proaidieren foar withoefolle oare bisten, wêrûnder de Amerikaanske nerts, de foks en beskate gruttere soarten ûlen en hauken. Jonge eksimplaren rinne ek gefaar fan otters en grutte fisken, lykas de snoek. Yn har natuerlike ferspriedingsgebiet yn Noard-Amearika wurdt der ek jacht op har makke troch kojoates, wolven, lynksen, bearen, earnen, slangen, alligators en bytskylpodden.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Muskusrotten frette alderhanne wetterplanten, gerzen, woartels en lânbougewaaksen. Soms folje se har fegetaryske dieet oan mei slakken, kreefteftigen en fisk. Fan plantaardich materiaal ite se fral it ûnderste part fan 'e stâle; de rest wurdt efterlitten en kin faak omdriuwend op it wetter oantroffen wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muskusrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er sawol yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet as dêrbûten noch rûnom foarkomt. De Yndiaanske folken fan Noard-Amearika beskôgje muskusrotten al withoelang as wichtige bisten. Sa kinne guon lju foarsizze wannear't de earste snie falle sil troch yn 'e rekken te hâlden wannear't muskusrotten har nêst begjinne te bouwen en hoe hastich oft se dêrmei binne. Yn ferskate Yndiaanske skeppingsmyten is it fierders de muskusrôt dy't nei de boaiem fan 'e oersee dûkt en de drek nei it oerflak bringt dêr't de Ierde fan skepen wurdt, faak nei't ferskate oare bisten dy taak net oprêde koene.
Muskusrotten binne yn Noard-Amearika al withoelang in wichtige boarne fan fleis, net inkeld foar Yndianen, mar ek foar blanken. Yn súdeastlik Michigan hawwe roomsen (dy't op freed gjin fleis mar wol fisk ite meie) al sûnt de iere njoggentjinde iuw tastimming om dan muskusrôt te iten (mei't neffens de Roomsk-Katolike Tsjerke blykber alles dat yn it wetter libbet in fisk wêze moat). Yn Jeropa stiet de Belgyske koken derom bekend dat "wetterknyn" der as delikatesse beskôge wurdt, al waarden muskusrotten yn Fryslân (benammen yn 'e Wâlden) foarhinne ek wol iten.
Teffens wurdt de muskusrôt noch altyd bejage en holden om syn pels. Sa wurde de wintermûtsen fan 'e Kanadeeske plysje RCMP (bekend fan 'e reade unifoarmjaskes) noch altyd makke fan muskusrottebûnt, in praktyk dy't yn Kanada fûleindige wjerstân ûnderfynt fan in ferskaat oan bistebeskermingsorganisaasjes, lykas de Association for the Protection of Fur-Bearing Animals. Yn 'e Feriene Steaten waard muskusrottebûnt yn it ferline ferkocht as "hudsonseehûnebûnt", wat doedestiden better yn it gehoar lei, mar tsjintwurdich al lang net mear.
Yn Nederlân, Belgje en Dútslân wurdt de muskusrôt beskôge as skealik ûngedierte, mei't er troch syn gegraaf de diken ûnderminet, wat yn gefal fan stoarmfloeden foar nuodlike sitewaasjes soargje kin. Sadwaande wurdt it bist hjir bejage, wat fral bart mei fallen en klammen. Yn Nederlân waarden yn 2013 foar it earst sûnt 1973 minder as 100.000 muskusrotten fongen. Yn Fryslân is de bestriding fan muskusrotten in ferantwurdlikheid fan it Wetterskip Fryslân.
Tal fongen muskusrotten de provinsje | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | 1987 | 2003 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 |
Drinte | 9.473 | 12.876 | 7.046 | 6.108 | 6.323 | 7.107 |
Flevolân | 15.054 | 4.372 | 4.332 | 3.712 | 3.479 | 2.863 |
Fryslân | 42.448 | 34.174 | 26.779 | 28.036 | 28.107 | 24.016 |
Gelderlân | 32.186 | 51.575 | 13.205 | 13.541 | 12.544 | 9.584 |
Grinslân | 15.431 | 48.068 | 25.319 | 25.382 | 22.448 | 24.245 |
Limburch | 9.045 | 6.011 | 1.983 | 2.096 | 2.042 | 1.707 |
Noard-Brabân | 30.563 | 4.189 | 4.290 | 3.832 | 3.473 | 4.292 |
Noard-Hollân | 984 | 3.365 | 5.765 | 3.922 | 2.681 | 2.156 |
Oerisel | 14.555 | 27.383 | 29.110 | 29.297 | 27.575 | 23.999 |
Seelân | 17.111 | 26.004 | 5.105 | 4.925 | 4.666 | 5.581 |
Súd-Hollân | 44.943 | 122.794 | 50.818 | 40.786 | 28.508 | 23.374 |
Utert | 55.350 | 58.348 | 71.004 | 72.053 | 45.902 | 25.752 |
Nederlân (totaal) | 287.097 | 399.159 | 244.756 | 233.690 | 187.748 | 155.081 |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer de muskusrôt op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e muskusrôt yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Wrotmûseftige
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Eksoat yn Albaanje
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Bosnje-Hertsegovina
- Eksoat yn Bulgarije
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Eastenryk
- Eksoat yn Estlân
- Eksoat yn Finlân
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Grikelân
- Eksoat yn Hongarije
- Eksoat yn Jeropeesk Ruslân
- Eksoat yn Japan
- Eksoat yn Kazachstan
- Eksoat yn Kirgyzje
- Eksoat yn Kosovo
- Eksoat yn Kroaasje
- Eksoat yn Letlân
- Eksoat yn Litouwen
- Eksoat yn Lúksemboarch (lân)
- Eksoat yn Lychtenstein
- Eksoat yn Moldaavje
- Eksoat yn Mongoalje
- Eksoat yn Montenegro
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Noard-Koreä
- Eksoat yn Noard-Masedoanje
- Eksoat yn de Oekraïne
- Eksoat yn Oezbekistan
- Eksoat yn Poalen
- Eksoat yn Roemeenje
- Eksoat yn Servje
- Eksoat yn Sibearje
- Eksoat yn Sily
- Eksoat yn Sina
- Eksoat yn Sloveenje
- Eksoat yn Slowakije
- Eksoat yn Súd-Koreä
- Eksoat yn Switserlân
- Eksoat yn Tsjechje
- Eksoat yn Turkije
- Eksoat yn Turkmenistan
- Eksoat yn Wyt-Ruslân