Springe nei ynhâld

Mile High Media

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mile High Productions)
Mile High Media
algemien
nasjonaliteit Kanadeesk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Mont-Royal (Kebek)
oprjochte 1994
offisjele webside
www.milehighmedia.com

Mile High Media, net selden ôfkoarte ta Mile High, is in Kanadeeske pornografyske filmstudio en distributeur dy't fêstige is yn Mont-Royal, yn 'e provinsje Kebek. Dit bedriuw waard oprjochte yn 1994 en hat him sûnt ûntjûn ta ien fan 'e dominante spilers yn 'e Kanadeeske pornoyndustry, wylst it ek tige aktyf is yn 'e Feriene Steaten. (De namme fan 'e ûndernimming ferwiist nei de saneamde mile high club, minsken dy't geslachtsferkear bedreaun hawwe yn in fleanend fleantúch.)

Mile High Media waard yn 1994 oprjochte mei as eksklusyf doel om foar Kanada de rjochten op Amerikaanske pornofilms te keapjen en dy dêr dan te troch te ferkeapjen oan 'e detailhannel. Dêrby paste it bedriuw nei eigen sizzen in strange kwaliteitskontrôle ta, mei't it net assosjearre wurde woe mei minne produkten. Nei ferrin fan tiid begûn Mile High ek de ynternasjonale kompilaasjerjochten fan in soad pornofilms op te keapjen, sadat it eigen kompilaasjefideo's gearstalle koe. In folgjende stap wie om in eigen grafyske ûnwerpôfdieling op te setten, dy't eigen omslaggen en ferpakkingsmateriaal ûntwurp.

Yn 2003 rjochte Mile High in eigen filmstudio op ûnder de namme Doghouse (folút: Doghouse Digital). Fiif jier letter, yn 2008, wist it bedriuw de tige talentearre senarioskriuwster en regisseur Nica Noelle oan te lûken, dy't oan 'e widze stie fan in twadde ymprint, Sweetheart Video, dy't him talei op it produsearjen fan lesbyske pornografy. Yn 2009 rjochte Noelle foar Mile High in trêde ymprint op, mei as namme Sweet Sinner, dy't wijd wie oan heteroseksuële pornografy dy't oantreklik wie foar froulju sawol as manlju. Datselde jiers lansearre Mile High ek RealityJunkies, dat him talei op realitypornografy mei topaktrises út 'e yndustry. Yn 2011 folge as lêste ymprint Sweet Sinema, dat pornografyske parodyen fan hege kwaliteit makket op basis fan bekende Hollywood-films.

Hjoed de dei is Mile High oer de hiele wrâld aktyf, mei in fûnskatalogus fan mear as 1.500 titels. Troch syn ûnderskate studio's produsearret it bedriuw 9 nije films yn 'e moanne en 3 nije kompilaasjefideo's yn 'e wike. De operaasjes yn 'e Feriene Steaten binne yn 'e hannen fan dochterûndernimming Mile High Media USA, dy't fêstige is yn Marina Del Rey, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn 2012 waard Mile High Media keazen ta studio fan it jier troch it Amerikaanske pornografyske betelkanaal Adult Entertainment Broadcast Network (AEBN). Dêrnjonken krige de film The Babysitter: Volume 3, in produksje fan Mile High, datselde jiers de AEBN Award yn 'e kategory bêste film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: