Springe nei ynhâld

Los Angeles Times

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan L.A. Times)
Los Angeles Times
algemiene ynformaasje
hist. namme Los Angeles Daily Times
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre deiblêd
frekwinsje 1x deis
bestean 1991 – no
plak haadred. Los Angeles (Kalifornje)
útjouwer Tronc
oplaach 653.868 op wykdagen (2013)
954.010 sneins (2013)
ISSN 0458-3035
offisjele webside
latimes.com

De Los Angeles Times, ek wol ôfkoarte ta L.A. Times, is in deistich ferskinende krante yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles, dy't sûnt 1881 bestiet. It is de wichtichste krante fan 'e Amerikaanske westkust, mei de op fjouwer nei grutste sirkulaasje fan it hiele lân (nei USA Today, The Wall Street Journal, The New York Times en de New York Post). De oplaach bedroech yn 2013 krapoan 654.000 eksimplaren op wurkdagen en 954.000 op snein.

De earste edysje fan 'e Los Angeles Times ferskynde op 4 desimber 1881 as de Los Angeles Daily Times, ûnder it liederskip fan Nathan Cole jr. en Thomas Gardiner. De krante waard printe troch Jesse Yarnell en T.J. Caystile fan 'e drukkerij Mirror Company. Doe't begjin 1882 bliken die dat Cole en Gardiner de drukkosten net opbringe koene, diene se de krante oer oan Mirror. S.J. Mathes, dy't dêr ûnderwilens kompanjon wurden wie, stie derop dat it bedriuw trochgie mei it útbringen fan 'e Times. Mar pas yn july 1992, doe't Harrison Gray Otis as haadredakteur oansteld waard, begûn de krante winst te meitsjen. Letter naam Otis de Mirror Company oer, sadat er sels eigner fan 'e krante waard.

De ruïne fan it haadkantoar fan 'e Los Angeles Times nei de bomoanslach fan 1910.

Under Otis syn haadredakteurskip fitere de Los Angeles Times de útwreiding fan 'e stêd Los Angeles och sa oan en stipe de krante it krewearjen fan 'e gemeenteried om 'e drinkwetterfoarrie yn 'e ôfhandige Owensdelling yn besit te krijen. De Los Angeles Times kearde him ek bot tsjin 'e foarming fan fakbûnen, wat late ta de bomoanslach op 'e redaksje op 1 oktober 1910. Twa foaroanmannen fan in fakbûn, de bruorren James en Joseph McNamara, bekenden dêr úteinlik skuld oan.

Nei it ferstjerren fan Otis, yn 1917, gie de Los Angeles Times oer yn 'e hannen fan syn skoansoan Harry Chandler, dy't sels yn 1944 wer opfolge waard troch syn soan Norman Chandler. Dyselde hie sadwaande de lieding oer de krante doe't Los Angeles nei de Twadde Wrâldoarloch oan in flugge groei ta ien fan wrâlds grutste metropoalen begûn. Mei de stêd woeks ek it tal lêzers fan 'e Los Angeles Times bot oan. Ien fan 'e fjirde generaasje fan 'e útjouwersfamylje, Otis Chandler, wie fan 1960 oant 1980 eigner fan 'e krante. Hy besocht erkenning te krijen foar de Los Angeles Times, dy't as in krante fan 'e westkust yn 'e machtssintra yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten net folle omtinken krige. Om dat te feroarjen, foarme er de krante om nei foarbyld fan The New York Times en The Washington Post. Dat die fertuten, want yn 'e 1960-er jierren allinne al wûn de Los Angeles Times fjouwer prestizjeuze Pulitzerprizen, mear as yn 'e foargeande njoggen desennia byinoar.

It haadkantoar fan 'e Los Angeles Times.

Yn 2000 waard de Times-Mirror Company, de útjouwer fan 'e Los Angeles Times, oernommen troch de Tribune Company út Chicago, de útjouwer fan û.m. de Chicago Tribune. Yn desimber 2008 gie de Tribune Company fallyt troch de almar fierder tebekrinnende ynkomsten út advertinsjes. Neitiid hie de Los Angeles Times te lijen ûnder besunigings en oanhâldende feroarings fan útjouwer en haadredakteur. Nettsjinsteande dat bleau it ien fan 'e meast foaroansteande kranten yn 'e Feriene Steaten, dy't tsjin 2016 42 Pulitzerprizen wûn hie.

De Los Angeles Times rikt op jierlikse basis yn ferskate kategoryen prizen út foar literatuer, de Los Angeles Times Book Prizes. Dy besteane sûnt 1980 en der is in jildbedrach fan $1.000 it stik oan ferbûn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.