Springe nei ynhâld

Jona (bibelboek)

Ut Wikipedy
Jona
algemiene gegevens
oarspr. titel יונה ("Yonah")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun ein 5e – begjin 4e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Obadja
● folgjend diel Micha
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Jona
publikaasje 1915, yn Yn Us Eigen Tael
oersetter Eeltsje Boates Folkertsma

Jona, yn it oarspronklike Hebriuwsk: יונה, Yonah, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Jona in bibelboek op himsels, it 32ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).

Yn it boek Jona is it ferhaal fan 'e tsjinakseljende profeet Jona fêstlein, dy't troch God nei Ninevé ta stjoerd wurdt om dêr de ferdylging fan dy stêd te foarsizzen. Oars as de oare Lytse Profeten, dy't skriftlike fêstlizzings fan profesijen binne, is Jona frijwol hielendal yn 'e ferheljende trant steld; sels de profesije tsjin Ninevé wurdt inkeld yn it foarbygean oer ferteld. Hoewol't Jona spilet ûnder it regear fan 'e Israelityske kening Jerobeäm II (782-753 f.Kr.), is it boek nei alle gedachten pas skreaun yn 'e tiid nei de Babyloanyske Ballingskip, earne tusken de lette fyfde en iere fjirde iuw f.Kr. It ferhaal hat him yn 'e foarm berneteltsjes (Jona en de Walfisk) wierskynlik ûntjûn ta ien fan 'e bekendste ûnderdielen fan it Alde Testamint. Yn it joadendom wurdt it tradisjoneel oplêzen op 'e middei fan Jom Kippoer (de Grutte Fersoendei), fanwegen de berettens fan God, dy't derút nei foarren komt, om lju ferjeffenis te skinken as hja oprjocht berou hawwe fan har ferkeardens. De earste Fryske oersetting fan Jona wie dy fan Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1915 publisearre waard yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael.

God jout syn profeet Jona opdracht om it oardiel oer de sûndige stêd Ninevé (de haadstêd fan it Assyryske Ryk) út te sprekken (ntl. dat de stêd ferdylge wurde sil), mar Jona ferpoft it en naait út. Hy flechtet nei Joppe en giet dêr skip nei Tarsjisj. Op see stjoert God it skip in fûle stoarm yn 't paad; de bemanning is der wis fan dat immen oan board Gods grime oproppen hat, dat se lotsje om te sjen wa't dat is, en it lot falt op Jona. Dan komt de moard út, en om sels it faaie liif der mar ôf te rêden, smite de seelju Jona dan oerboard. Mèi jouwe stoarm en see har del, dat se witte dat se it juste dien hawwe.

Jona preket yn Ninevé (in yllústraasje fan Gustave Doré).

Underwilens stjoert God in grut seewêzen, in walfisk, dy't Jona yn ien hap opslokt. Trije dagen en trije nachten bringt er dêrnei yn 'e bealch fan it bist troch. Hy kriget berou fan syn opstannigens en bidt om ferjouwing. Dêrop spijt de walfisk him út op in strân. Jona bejout him dan einlings nei Ninevé, dêr't er de hiele mânske stêd trochgiet mei syn profesije fan ferdylging. Dan giet er eastkant de stêd noflik sitten, en wachtet yn spanning ôf hoe't God Ninevé ferneatigje sil. Mar de ynwenners fan 'e stêd hawwe har Jona syn boadskip neinommen; se fêstje en dogge sekkeguod oan en toane berou, en roppe God mei ynmoed oan om ferjeffenis ôf te smeekjen. As God dat sjocht, betinkt er him en ferdylget de stêd net.

Jona wurdt dêr sa nidich om as tuorre. Hy ferwyt God dat er fiersten te rjochtfeardich en genedich is, en dat dit no krekt de reden is dat er syn opdracht earst net oannimme woe, om't er wol wist dat der dochs neat fan komme soe. Dêrop freget er God om him mar te deadzjen, dat er ferlost wêze mei fan dit weardeleaze eintsje libben. God lit dan yn ien nacht in wûnderbeam opkomme dy't Jona skaad jout foar de stekkende sinne; dêrop is Jona tankber en hâldt er op fan tsjineameljen. Mar de oare deis lit God in rûp komme dy't de beam oanfret dat er ferdrûget en deagiet. Dan lit God in gleonhjitte eastewyn opsetten komme. Jona wurdt dan wer sa nidich as ien, en freget op 'e nij om mar fan it libben ferlost te wurden. Mar God set him teplak mei te sizzen dat as it Jona al om dat iene beamke begruttet, dêr't er sels neat oan dien hat, hoefolste mear sil it God dan net begrutsje om in stêd fan 120.000 ynwenners mei al harren fee?

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste folsleine Fryske oersetting fan Jona wie fan 'e hân fan Eeltsje Boates Folkertsma, dy't er yn 1915 yn syn gehiel publisearre yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael. Neitiid makke dy fertaling ûnderdiel út fan it Alde Testamint fan Folkertsma en dû. Geart Aeilco Wumkes, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Jona waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering