Springe nei ynhâld

Fisazjy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fisazjiste)
In fisazjiste oan it wurk op 'e Australyske moadewike fan 2007.

Fisazjy is it fakgebiet dat him dwaande hâldt mei it aksintuëarjen fan 'e sterke kanten fan in gesicht en it kamûflearjen of korrizjearjen fan 'e minder sterke trekken. It wurd "fisazjy" is ôflaat fan it Frânske wurd visage, dat "gesicht" betsjut. Lju dy't wurksum binne op dit mêd, wurde fisazjisten neamd.

It oanbringen fan make-up hat as doel om in positive bydrage oan it uterlik fan 'e behannele persoan te leverjen, bgl. by fotoreportaazjes foar tydskriften, moadeshows of brulloften. Ek by optredens yn it teäter, op 'e tillefyzje en yn films (wêrby't de felle beljochting de minsklike hûd faak glânzgje lit) soarget it wurk fan in fisazjist(e) derfoar dat de kwaliteit fan it byld tanimt.

De spesifike fakkennis dy't foar it beoefenjen fan 'e fisazjy nedich is, rjochtet him benammen op 'e ferskate hûdtypen en de ferskillende nuânses yn hûdskleur mei de dêrby passende make-up. Sûnt 2010 bestiet der yn Nederlân in erkend diploma foar fisazjisten, is de fereaske fakkennis omskreaun yn in beropskompetinsjeprofyl en leit de ynhâld fan 'e oplieding ta fisazjist fêst yn it kwalifikaasjedossier.

Fisazjy is foar de hjoeddeiske film- en tillefyzje-yndustry fan ûnmisbere wearde, en sadwaande wurde der, benammen ynternasjonaal, ek ferskate wichtige prizen foar útrikt, lykas de Oscar foar bêste make-up en hairstyling en ferskate Emmy Awards en Golden Globes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.