Springe nei ynhâld

Johnni Black

Ut Wikipedy
Johnni Black
persoan yn de seksyndustry
Johnni Black mei regisseur James DiGiorgio yn 1999.
Johnni Black mei regisseur James DiGiorgio yn 1999.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Laurie Golem
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 jannewaris 1968
berteplak Calumet City (Illinois)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19952002

Johnni Black, echte namme: Laurie Golem (Calumet City (Illinois), 14 jannewaris 1968), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en regisseur, dy't fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Italjaansk etnysk komôf is. Hja sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Black har artystenamme waard gauris op ferskate manearen misstavere, mei as meast foarkommende farianten Johnnie Black en Johnny Black. Yn 1998 wûn se de prestizjeuze AVN Award yn 'e kategory bêste nije stjer. Yn 2002 beëinige Black har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Black waard yn 1968 berne yn Calumet City, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as de jongste fan fjouwer dochters yn it gesin fan har âlden. Har mem is fan Italjaansk komôf, en Black waard roomsk grutbrocht en gie nei roomske skoallen. Neffens harsels wiene har âlden tige konservatyf en waard der by harren thús beslist net oer seks en seksualiteit praat doe't se lyts wie. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, folge Black in oplieding yn 'e psychology oan 'e Steatsuniversiteit fan Illinois, dêr't se yn 1990 ôfstudearre mei in bachelortitel.

Johnni Black yn 2006.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid naam Black tsjinst yn it Amerikaanske Leger. Se lei te Fort Bragg, yn Noard-Karolina, en naam yn 1991 yn it gebiet fan 'e Perzyske Golf ûnder de Earste Golfoarloch tsjin Irak diel oan Operaasje Desert Storm. Yn har tiid yn it leger ûntjoech se har ta springmaster by de parasjutisten en ta hospik. Uteinlik klom se op ta de rang fan kaptein. Yn it leger mette se ek har earste man David Johnson, dy't in sersjant-ynstrukteur wie. Hja trouden yn oktober 1995 en setten frijwol daliks útein mei eksperiminten op it mêd fan biseksualiteit en mei in libben as swingers. Op 1 maaie 1996 swaaide Black earfol ôf út it Amerikaanske Leger, wêrnei't sy en har man harren yn Los Angeles fêstigen.

Black makke yn 1995 har debút yn in pornografyske film en spile yn seis films ear't se ôfswaaide út it leger. Dy films waarden lykwols pas frijjûn foar algemien distribúsje nei't se it leger farwol sein hie. Fan alle seis waarden boppedat de opnamen bywenne troch har man, dy't neitiid har ympressario waard. Black har earste 'offisjele' rol as pornoaktrise hie se yn 'e film Anal Maniacs 4, út 1996. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Black ûnder har karriêre yn totaal yn 335 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Sin City, Adam & Eve, Elegant Angel, Jill Kelly Productions, VCA Pictures, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Devil's Film en Anabolic Video. Fierders wurke se ek wol foar minder bekende studio's, lykas Metro, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Legend Video en Caballero Home Video.

Johnni Black mei regisseur James DiGiorgio yn 1999.

Yn 'e Amerikaanske pornoyndustry waard Black al rillegau bekend om har altetyske lichem, har lûdroftigens ûnder de seks en har fermogens op it mêd fan anale seks en dûbele penetraasje (har biedwurd wie "neat is te grut foar myn kont"). In anale gangbangsêne mei fjouwer swarte tsjinspilers dy't militêre unifoarmen droegen, kaam yn it Amerikaanske Leger bekend te stean as "Johnni's rekrutearringsfilm". Yn 1997 waard se nominearre foar de CAVR Award yn 'e kategory bêste nije stjer, en dat jiers en yn 1998 wûn se de CAVR Award foar meast seksy stjer twa jier efterinoar. Boppedat waard har yn 1998 ek de prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) takend yn 'e kategory bêste nije stjer.

Njonken har aktearwurk wie Black ek aktyf as neakenmodel en posearre se foar fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden. Fierders rjochte se in eigen produksjestudio op mei de namme JB Productions, en yn 1998 regissearre se sels twa pornofilms, ntl. Rubber Riders en Chasin' Pink. Ek liende se har namme oan twa seksboartersguodprodukten, Johnni Black's Sensual Hot Wax en Johnni Black's Anal Beads.

Black hie har goedroomske âlden en susters net ferteld oer har nije wurkpaad as pornoaktrise, mar de moard kaam út doe't har heit-en-dy yn 1997 in reklamekatalogus fan 'e pornografyske filmstudio Adam & Eve by de post krigen, dêr't har films út en tenei yn beljochte waarden. Har âlden wiene, sêft útdrukt, net sa gelokkich mei Black har beropskar. Nei't Black yn april 2002 fan har earste man skieden wie, loek se har werom út 'e Amerikaanske pornoyndustry. Se ferliet Los Angeles en ferhuze werom nei Chicago, dêr't se sekretaresse waard op in abbekatekantoar. Neitiid is se wertroud.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Johnni Black mei Mark Kernes en Christi Lake by in gearkomste fan 'e Free Speech Coalition yn 1999.

Johnni Black is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Op har gesicht en boppelichem hat se in soad skeinspruten. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre yn 'e pornoyndustry) in gewicht fan 59 kg. Se hat kupmaat 37C, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings en likemin hat se tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1997 CAVR Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
wûn meast seksy stjer n.f.t.
1998 AVN Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
CAVR Award wûn meast seksy stjer n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: