Springe nei ynhâld

Tera Patrick

Ut Wikipedy
Tera Patrick
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Tara Patrick, Sadie Jordan,
Brooke Thomas, Tera Hopkins
echte namme Linda Ann Hopkins
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 july 1976
berteplak Great Falls (Montana)
etnisiteit Taisk
Ingelsk
Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, produsinte
jierren aktyf 19992002 & 20032008
offisjele webside
www.terapatrick.com

Tera Patrick, echte namme: Linda Ann Hopkins (Great Falls (Montana), 25 july 1976), is in rêstend Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornografyfilmprodusinte, mainstream-aktrise en presintatrise fan mingd Ingelsk-Nederlânsk-Taisk etnysk komôf. Har namme wurdt ek wol (mis)stavere as Tara Patrick, en yn it begjin fan har karriêre hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Sadie Jordan, Brooke Thomas en Tera Hopkins. Patrick waard ûntdutsen troch de bekende neakenfotografe Suze Randall, en wie in Playboy Playmate en in Penthouse Pet ear't se as pornoaktrise begûn te wurkjen. Se sette yn 1999 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, hold yn 2002 op, mar makke yn 2003 in comeback. Patrick hie grut súkses en wie ien fan 'e populêrste pornoaktrises fan 'e 2000-er jierren. Yn 2008 loek se har foargoed út 'e pornoyndustry werom.

Tera Patrick waard berne yn Great Falls, yn 'e steat Montana, út in Taiske mem en in Ingelsk-Nederlânske heit. It gesin ferfear al rillegau nei har berte nei San Fransisko, yn 'e steat Kalifornje, dêr't Patrick grutbrocht waard troch har heit, in legerdokter, mei't har mem koart nei de ferhuzing man en bern yn 'e steek liet en weromkearde nei Tailân. Doe't Patrick op har trettjinde oer de ferneamde Fisherman's Wharf kuiere, waard se sjoen troch in talinteskout fan Morning Sun, dat ûnderdiel útmakket fan it prestizjeuze Ford Modeling Agency. Der waard har in kontrakt oanbean, dêr't se grif op yn gie. Se ferfear nei New York dêr't se fiif jier lang wurke as fotomodel. Op har achttjinde joech se dat wurk deroan om te studearjen oan 'e Steatsuniversiteit fan Boise, te Boise, de haadstêd fan 'e steat Idaho. Dêr behelle se in Associate Degree yn ferpleechkunde en in bachelorstitel yn mikrobiology. Se studearre ôf doe't se twaentweintich wie en ferfear doe nei Los Angeles, mei de bedoeling om fierder te studearjen oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje.

Tera Patrick.

Yn Los Angeles mette se de ferneamde neakenfotografe Suze Randall, en om finansjele redens begûn Patrick doe as neakenmodel te wurkjen. Se posearre û.m. as Playmate foar de Playboy en as Pet foar de Penthouse, wêrby't se de Penthouse Pet fan 'e moanne febrewaris 2000 wie en it twadde plak behelle yn 'e Pet of the Year-ferkiezing. Underwilens hie se yn 1999, op har fiifentweintichste, har debút makke yn in pornografyske film, sij it in sêft-pornografysken-ien, fan 'e súksesfolle regisseur Andrew Blake. Koart dêrnei spile se yn har earste hurd-pornografyske film.

Tera Patrick rekke hiel gau hiel populêr, en waard ien fan 'e grutte nammen fan 'e Amerikaanske pornoyndustry yn it earste desennium fan 'e ienentweintichste iuw. Se joech hiel wat opsjoch doe't se yn 2002 oankundige dat se har weromloek út 'e pornoyndustry, nammenste mear om't se doedestiden noch foar fiif jier ûnder kontrakt stie by it label Digital Playground. Nei in jier fan ôfwêzigens kearde se yn 2003 werom yn 'e pornowrâld troch in twajierrich kontrakt ôf te sluten mei Vivid Entertainment. Oant se yn 2008 ophold mei aktearjen, spile Patrick neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 120 films. Dêrmei wûn se seis AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), wylst se fierders noch alve nominaasjes foar in AVN Award yn 'e wacht sleepte, en ek noch in Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis, wist te winnen. Yn 2006 rjochte Patrick in talinteburo op, it Tera Patrick Agency, foar pornoakteurs en -aktrises en neakenmodellen. Se is teffens eigner fan in eigen filmstudio, dy't Teravision hjit. Fan 2008 ôf presintearre se op 'e Amerikaanske betelstjoerder Playboy TV in eroatysk ynstruksjeprogramma, mei de titel School of Sex.

Mainstream-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 spile Patrick yn 'e Yndonezyske horrorfilm Rintihan Kuntilanak Perawan ("It Kreunjen fan 'e Keine Geast"). Datselde jiers kaam har autobiografy Sinner Takes All (in wurdspiling op winner takes all) út, dy't mei-skreaun wie troch sjoernaliste Carrie Borzillo. Dêryn beskriuwt Patrick û.m. hoe't se ta in fermoedsoening kaam mei har mem.

Op 9 jannewaris 2004 troude Patrick mei kollega-pornoakteur Evan Seinfeld. Har relaasje mei him liket de oarsaak west te hawwen foar har úttreden út 'e pornoyndustry yn 2002 en har súksesfolle ferbrekken fan har kontrakt mei Digital Playground, want yn har nije kontrakt mei Vivid, liet se yn 2003 fêstlizze dat se inkeld mei har man en mei froulju hoege soe te wurkjen. Seinfeld wie ek mei-oprjochter fan it Tera Patrick Agency en fan Teravision. Op 30 septimber 2009 rûn it houlik fan Patrick mei Seinfeld út op in skieding, al giene se as freonen útinoar en bleaune se sakepartners. Neitiid krige Patrick in relaasje mei de keunstner Tony Acosta, mei wa't se op 25 febrewaris 2012, doe't se fiifentritich wie, in dochter krige (har earste bern), dy't se Sophie Evelia neamden.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tera Patrick.
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2000 Hot d'Or wûn bêste nije stjer n.f.t.
2001 AVN Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
wûn bêste ynteraktive dvd Virtual Sex with Tera Patrick
publykspriis fan Adult Stars-magazine wûn bêste nije stjer n.f.t.
Genesis Award wûn bêste nijynkommelinge n.f.t.
XRCO Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
2002 AVN Award wûn bêste opfiering fan in striptiis Island Fever
Hustler wûn Hustler Honey fan it jier n.f.t.
Penthouse twadde plak Penthouse Pet fan it jier-ferkiezing n.f.t.
2004 Genesis Award wûn pornostjer fan it jier n.f.t.
FOXE Award wûn favorite fan 'e fans n.f.t.
2005 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Savanna Samson) Tera Tera Tera
Genesis Award wûn pornostjer fan it jier n.f.t.
FOXE Award wûn favorite fan 'e fans n.f.t.
2006 FHM nû. 37 Top 100 Meast Seksy Froulju n.f.t.
FOXE Award wûn favorite fan 'e fans n.f.t.
2007 AVN Award nominearre kontraktstjer fan it jier (by Vivid Entertainment) n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste ynteraktive film InTERActive
eLine Award wûn bêste artyste n.f.t.
wûn bêste sakefrou n.f.t.
FAME Award wûn favorite froulike stjer n.f.t.
Genesis Award wûn pornostjer fan it jier n.f.t.
Venus Award wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Tommy Gunn) Fashion Underground
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Monique Alexander, Briana Banks,
Lanny Barbie, Lacey Love, Lyndsey Love, Lexi Marie, Nina Mercedez, Stefani Morgan,
Tawny Roberts en Savanna Samson)
Where the Boys Aren't 18
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste sinematografy Fashion Underground
wûn bêste pornografyske kwaliteitsfilm Broken
FAME Award wûn favorite froulike stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Tera Goes Gonzo
nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Kelle Marie en Stefani Morgan) Tera Goes Gonzo
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Monique Alexander, Briana Banks,
Lanny Barbie, Lacey Love, Lyndsey Love, Lexi Marie, Nina Mercedez, Stefani Morgan,
Tawny Roberts en Savanna Samson)
Where the Boys Aren't 19: Arabian Nights
nominearre de Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jier n.f.t.
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
FAME Award wûn favorite froulike stjer n.f.t.
Xbiz Award wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn ASACP-Fertsjinste Erkenningspriis n.f.t.
XRCO Award nominearre mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Evan Seinfeld) Sex in Dangerous Places
Exxxotica Fan Choice Award wûn oeuvrepriis n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.