Springe nei ynhâld

Renee LaRue

Ut Wikipedy
Renee LaRue
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Renee Larue, Rene LaRue,
Rene Larue, Renee La Rue,
Rene La Rue, Renee LeRue, Ray
echte namme Tracy Renee Evans
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 augustus 1970
berteplak St. Louis (Missoury)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19982006
offisjele webside
www.reneelaruexxx.com

Renee LaRue, echte namme: Tracy Renee Evans (St. Louis, 14 augustus 1970), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur, wa har skûlnamme oft wol op ferskate manearen ferhaspele is, ta Renee Larue, Rene LaRue, Rene Larue, Renee La Rue, Rene La Rue en Renee LeRue. Ek hat se wol wurke ûnder de namme Ray. Neffens har offisjele opjefte is LaRue 1.70 m lang, mei in gewicht fan 54 kg en kupmaat 34D, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Renee Larue.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

LaRue waard yn 1970 berne yn St. Louis, yn 'e steat Missoury. Yn 1998, doe't se 28 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn totaal yn 219 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Jill Kelly Productions, VCA Pictures, New Sensations, Elegant Angel, Sin City, Adam & Eve en Devil's Film. Ek wurke se wol foar minder bekende studio's, wêrûnder Extreme Associates en Afro-Centric Productions.

Njonken har aktearwurk posearre LaRue ek wol foar neakenblêden. Yn 2005 regisearre hja fierders twa films, ntl. Elements of Desire, foar de studio Wildlife, en Sex Illusions 1, foar X-Worx. LaRue waard twaris nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld): yn 2002, yn 'e kategory bêste groepsekssêne, foar har optreden yn 'e film X-Rated Auditions 3, en yn 2003, yn 'e kategory bêste lesbyske groepsekssêne, foar har rol yn 'e film Paying the Piper. Uteinlik loek LaRue har yn 2006 út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2002 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Angel, Calli Cox, Sana Fey, Shay Sights, Joel Lawrence,
Nick Manning, Pat Myne en Tony Pounds)
X-Rated Auditions 3
2003 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (film) (mei Claudia Adkins, Angelica Costello, Dasha,
Alana Evans en Raylene)
Paying the Piper

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: