Springe nei ynhâld

Kayla Carrera

Ut Wikipedy
Kayla Carrera
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Candice Batilaran
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 juny 1978
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Spaansk
Filipynsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20072015
offisjele webside
Kayla Carrera op Twitter

Kayla Carrera, echte namme: Candice Batilaran (Chicago, 30 juny 1978), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk, Iersk, Spaansk en Filipynsk etnysk komôf. Hja sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2010 wûn Carrera in prestizjeuze AVN Award. Yn 2015 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carrera waard yn 1978 berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, mar groeide op yn Atlanta, yn 'e steat Georgia. Yn 2003 ferfear se nei Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. Se libbe dêr al fjouwer jier ear't se yn 2007, doe't se 29 jier wie, har akteardebút makke yn in pornografyske film. Carrera kaam al rillegau bekend te stean om har kreaze foarkommen, har fergrutte boarsten en har fermogen ta froulike ejakulaasje. Yn 't earstoan die se inkeld lesbyske sênes, mar fan 2008 ôf wie se ek te sjen yn heteroseksuële pornofilms.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Carrera yn totaal oan 128 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Diabolic Video, Evil Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Shane's World, Red Light District, Penthouse, Adam & Eve en New Sensations. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media, Candy Shop en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre wurke Carrera gear mei manlike kollega's as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Billy Glide, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, J-Mac, Jules Jordan, Keiran Lee, Ramon Nomar, Lexington Steele, Michael Stefano, Criss Strokes, Bruce Venture, Nacho Vidal, Voodoo en Mark Wood. Yn 2008 waard Carrera nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Twa jier letter, yn 2010, wûn se mei tolve oaren de AVN Award yn dyselde kategory foar har optreden yn 'e film 2040.

Njonken har aktearwurk wie Carrera ek aktyf as neakenmodel. Se wenne sûnt likernôch 2010 yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada. Yn 2012 troude se mei kollega-pornoakteur Xander Corvus, mar dat houlik einige yn in skieding. Yn 2015 loek Carrera har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kayla Carrera is blank, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en kupmaat 34DD. Har oarspronklike C-kup liet se begjin 2012 operatyf fergrutsje. Se hat in nâlpiercing en ferskate tatoeaazjes, wêrfan't de floral mei de draak en de tekst "Angel" derûnder tusken har skouderblêden it measte opfalt. Fierders hat se lytsere tatoeaazjes op har rjochterhân en rjochterûnderearm.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Jessica Drake, Brooke Haven, Kimberly Kole en Randy Spears) The Craving
2010 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (mei Alektra Blue, Jessica Drake, Jayden Jaymes, Tory Lane, Kaylani Lei,
Mikayla Mendez, Brad Armstrong, Mick Blue, TJ Cummings, Marcus London, Rocco Reed en Randy Spears)
2040

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: