Springe nei ynhâld

Jesse Jane

Ut Wikipedy
Jesse Jane
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cindy Taylor
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 july 1980
berteplak Fort Worth (Teksas)
stoarn 24 jannewaris 2024
stjerplak Moore (Oklahoma)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20022022
offisjele webside
www.jessejane.com

Jesse Jane, wiere namme: Cindy Taylor (Fort Worth, 16 july 1980 - Moore, 24 jannewaris 2024), wie in tige súksesfol Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, mainstream-aktrise, presintatrise en kollumniste fan etnysk Ingelsk komôf. Har artystenamme is in ferwizing nei de njoggentjinde-iuwske Amerikaanske bandyt en folksheld Jesse James.

Jesse Jane waard berne yn 'e stêd Fort Worth, yn 'e steat Teksas, mar groeide op yn in militêr gesin op in ferskaat oan militêre bases yn it Midwesten fan 'e Feriene Steaten. Se wie yn har famkesjierren wat in wyldkat, mar folge ek ferskillende dûnsopliedings. Op 'e middelbere skoalle, yn Rose Hill, yn 'e steat Kansas, wie se lid fan it pleatslike cheerleadersteam. Se rûne har middelbere-skoaloplieding ôf yn Moore, yn Oklahoma, ûnder de reek fan Oklahoma City. Dêrnei spile se yn reklamespotsjes op 'e tillefyzje, wêrûnder ien foar de Hooters-breastaurants, dy't har foarstean litte op 'e rûnboarstige servearsters. Teffens wûn se de titel Miss Photogenic ("Miss Fotosjenyk") by de American Dreams-missferkiezing. Se sette útein mei in karriêre as bikinymodel en wûn ferskate Hawaiian Tropics-missferkiezings.

Jesse Jane mei twa FAME Awards yn 2007.

Jesse Jane woe graach trochbrekke as aktrise, mar dat woe mar net slagje. Doe't se yn 2002 in artikel oer Tera Patrick lies, dêr't yn stie dat dy in kontrakt hie by it label Digital Playground, besleat se om dêr har ljocht ris op te stekken. By Digital Playground krige se daliks in kontrakt oanbean en noch datselde jiers makke se har debút yn 'e pornografyske film No Limits, yn in lesbyske sêne mei kollega-pornoaktrise Devon. Sawol No Limits as Jesse Jane har oare films by Digital Playground, lykas Beat the Devil, Loaded, Cheerleaders, Nurses en Pirates, wiene bûtengewoan populêr, en binnen in pear jier stie se oan 'e top fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Tsjin 'e ein fan har karriêre, yn 2022 hie se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 233 pornofilms spile, hoewol't dêr grif ek ferskate werpublikaasjes fan âld byldmateriaal tusken sieten. Ek hie se net minder as acht AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se nominearre waard foar nochris 32 oaren. Boppedat waard se yn 2013 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Fierders hie se noch withoefolle oare nominaasjes binnenhelle en prizen wûn, mei dêrûnder ek in Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis.

Mainstream-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har pornokarriêre posearre Jesse Jane ek geregeldwei foar neakenblêden, en stie se op 'e cover stien fan FHM, Maxim, Front en oare tydskriften. Ek makke Jesse Jane ferskate kearen in oerstap (crossover) nei mainstream-tillefyzje. Sa hie se yn 2003 in figuranteroltsje yn 'e tillefyzjefilm Baywatch: Hawaiian Wedding, mei Pamela Anderson, Carmen Electra, Yasmine Bleeth en David Hasselhoff. Yn 2005 hie se in gastrol yn 'e populêre tillefyzjesearje Entourage (seizoen 2, ôfl. 9), en yn 2006 ferskynde se yn it praatprogramma The Tonight Show with Jay Leno. Ek wie se yn 2009 te sjen yn 'e realitysearje The Bad Girls Club, en wijde de dokumintêre Porn: Business of Pleasure, fan 'e Amerikaanske stjoerder CNBC, datselde jiers syn lêste, tsien minuten duorjende segmint oan har. Njonken tillefyzje wie Jesse Jane ek in grut tal kearen te gast yn radioprogramma's, lykas dat fan Howard Stern. Fierders figurearre se ek yn in stikmannich fideoclips, û.m. fan Robbie Williams en fan 'e Teksaanske metal-band Drowning Pool.

Mei har kollega-Digital Playground-stjerren Devon en Teagan Presley presintearre Jesse Jane op it ynternet it live-praatprogramma DP Tonight, dat oan 'e pornoyndustry wijd wie. Yn maart 2006 setten sy en Kirsten Price útein mei it presintearjen fan it populêre live-programma Night Calls, op 'e Amerikaanske betelstjoerder Playboy TV. Teffens presintearre Jesse Jane op Playboy TV it programma Naughty Amateur Home Videos. Yn 2006 presintearre se ek de útrikking fan 'e AVN Awards. Fierdersoan skreau se sûnt 2007 in kollumn foar it neakenblêd Chéri, wylst se datselde jiers ek in kollumn begûn yn it Australyske manljusblêd Ralph, wêryn't se antwurden en advys joech op brieven fan lêzers oer seks en ôfspraakjes. Ek oan 'e blêden Genesis en Buzz levere se gauris bydragen.

Yn maart 2011 begûn Jesse Jane mei de ferkeap fan in eigen merk tequila, ûnder de namme "Diosa". Der binne ferskillende smaken, wêrûnder blauwe agave, apel, mango, mangel en kofje-karamel. Om't Digital Playground de rjochten op har artystenamme yn besit hie, makke se foar har tequila reklame ûnder har bertenamme Cindy Taylor.

Yn 2004 fertelde Jesse Jane yn it radioprogramma fan Howard Stern dat se yn 1999 swier rekke, en dat der wylst se yn ferwachting wie, by har limoerkanker fêststeld wie. Yn 2000, op har njoggentjinde, befoel se fan in soan, en twa dagen letter waard by har de folsleine limoer fuorthelle. Sûnt wie se genêzen, mar moat se noch geregeld foar kontrôle-ûndersiken. Yn novimber 2005 troude Jesse Jane mei kollega-pornoakteur Rick Patrick; it houlik rûn yn maart 2012 út op in skieding. Op 15 oktober fan datselde jier makke se fia har Twitter-account bekend dat se har ferloofd hie mei har persoanlike fitnesstrainer Michael Giovanni. Jesse Jane omskreau harsels as biseksueel.

Jesse Jane ferstoar yn jannewaris 2024 hommels op de âldens fan 43 jier. De aktrise waard tegearre mei har doetiidske freon Brett Hasenmueller dea fûn yn harren hûs yn Moore, yn Oklahoma. De oarsaak liek in oerdoazis drugs te wêzen.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2003 NightMoves Award wûn bêste nije stjer (regisseurskar) n.f.t.
2004 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
nominearre bêste opfiering fan in striptiis Erotique
XRCO Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Delta di Venere Award wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
Venus Award wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
2005 AVN Award nominearre bêste aktrise (fideo) Loaded
2006 AVN Award nominearre bêste aktrise (fideo) Pirates
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Carmen Luvana) Pirates
nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Scott Nails) Pirates
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Janine Lindemulder) Pirates
FAME Award nominearre favorite pornoaktrise n.f.t.
nominearre leaflingskont n.f.t.
nominearre meast seksy lichem n.f.t.
FOXE Award wûn froulike favoryt fan 'e fans n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste aktrise (regisseurskar) n.f.t.
Scandinavian Adult Award wûn bêst ferkeapjende ynternasjonale stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
2007 AVN Award nominearre kontraktstjer fan it jier (foar Digital Playground) n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Teagan Presley, Jana Cova en Sophia Santi) Island Fever 4
Exotic Dancer Award wûn stripper (mei in karriêre as pornoaktrise) fan it jier n.f.t.
FAME Award nominearre favorite froulike stjer n.f.t.
wûn meast seksy lichem n.f.t.
Venus Award wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
XRCO Award nominearre mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Rebeca Linares, Brianna Love en Marco Banderas) Naked Aces 2
nominearre de Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jier n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
FAME Award nominearre favorite froulike stjer n.f.t.
nominearre favorite orale stjer n.f.t.
nominearre leaflingskont n.f.t.
wûn meast seksy lichem n.f.t.
eLine Award wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Cheerleaders
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara) Cheerleaders
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Jenna Haze en Charles Dera) Jesse Jane: Kiss Kiss
nominearre bêste aktrise Pirates II: Stagnetti's Revenge
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre de Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jier n.f.t.
wûn bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Belladonna) Pirates II: Stagnetti's Revenge
wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Shay Jordan, Stoya, Adrianna Lynn, Brianna Love, Lexxi Tyler, Memphis Monroe, Sophia Santi en Priya Rai) Cheerleaders
FAME Award nominearre favorite froulike stjer n.f.t.
nominearre favorite orale stjer n.f.t.
nominearre leaflingsboarsten n.f.t.
nominearre favorite webside fan in stjer (foar JesseJane.com) n.f.t.
wûn meast seksy lichem n.f.t.
Hot d'Or wûn bêste Amerikaanske aktrise Pirates II: Stagnetti's Revenge
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre solo-optreden Pirates II: Stagnetti's Revenge
nominearre bêst klikkende gearwurking op it skerm (mei Belladonna) Pirates II: Stagnetti's Revenge
nominearre mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Scott Nails) Jesse Jane: Atomic Tease
nominearre bêste triosekssêne (mei Riley Steele en Manuel Ferrara) Nurses
nominearre bêste groepsekssêne (mei Katsuni, Shay Jordan, Stoya, Riley Steele en Erik Everhard) Nurses
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
FAME Award nominearre favorite froulike stjer n.f.t.
nominearre favorite orale stjer n.f.t.
nominearre leaflingsboarsten n.f.t.
nominearre meast seksy lichem n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Kayden Cross, Riley Steele, Katsuni en Raven Alexis) Body Heat
wûn publykspriis foar meast idioate sekssêne (mei Kayden Cross, Riley Steele, Katsuni en Raven Alexis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre pornostjerwebside fan it jier (foar JesseJane.com) n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Scott Nails) Fighters
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei BiBi Jones en Manuel Ferrara) Assassins
nominearre bêste groepsekssêne (mei Kayden Kross, Stoya, Riley Steele, BiBi Jones en Manuel Ferrara) Babysitters 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Kayden Kross, Stoya, Riley Steele, Selena Rose en Tommy Gunn) Top Guns
nominearre skandalichste sekssêne (mei Tommy Gunn) Bad Girls 6
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
nominearre bêste pornostjerwebside (foar JesseJane.com) n.f.t.
wûn bêste byrol fan in aktrise Fighters
wûn publykspriis foar lekkerste sekssêne (mei Kayden Kross, Stoya, Riley Steele, BiBi Jones en Manuel Ferrara) Babysitters 2
Adultex Award wûn bêste artyste n.f.t.
NightMoves Award wûn publykspriis foar bêste artyste n.f.t.
Xbiz Award nominearre aktearprestaasje fan it jier Fighters
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
nominearre pornostjerwebside fan it jier (foar JesseJane.com) n.f.t.
XRCO Award nominearre mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Kayden Kross, Riley Steele, Selena Rose en Manuel Ferrara) n.f.t.
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste aktrise (film) Mothers & Daughters
nominearre artystewebside fan it jier (foar JesseJane.com) n.f.t.
wûn bêste lesbyske sêne (mei Kayden Kross, Riley Steele, Selena Rose en Vicki Chase) n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste sêne yn in feature-film (mei Kayden Kross, Brooklyn Lee, Stoya en Johnny Sins) Bridesmaids
nominearre bêste aktrise yn in publikaasje mei in pearke as tema Love, Jesse
nominearre bêste aktrise yn in feature-film Bridesmaids
nominearre bêste aktrise Code of Honor
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste sêne yn in feature-film (mei Kayden Kross, Riley Steele, Selena Rose, Stoya en Manuel Ferrara) Code of Honor
XRCO Award nominearre bêste aktrise Code of Honor

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.