Springe nei ynhâld

Ashley Fires

Ut Wikipedy
Ashley Fires
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Angela Aspen, Aspen Blue
echte namme Trisha Jean Newalu
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 maart 1982
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Gryksk
Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.ashleyfires.com

Ashley Fires, echte namme: Trisha Jean Newalu (Los Angeles, 2 maart 1982), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Gryksk-Skotsk etnysk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Angela Aspen en Aspen Blue. Fires sette yn 2003 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Se waard acht kear nominearre foar in AVN Award.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ashley Fires waard yn 1982 berne yn Northridge, in wyk fan Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja is fan mingd Gryksk en Skotsk etnysk komôf.[1] Koart nei't se mearderjierrich wurden wie, sette se útein mei in karriêre as stripper, wêrby't se û.m. yn Las Vegas wurke. Fia-fia rekke se doe by de Amerikaanske pornoyndustry belutsen

Yn 2003, doe't se 21 jier wie, makke Fires har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin begjin 2017 yn mear as twahûndert films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Jill Kelly Productions, Sin City, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Evil Angel, Hustler Video en Adam & Eve. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Girlfriends Films, Metro en Third Degree Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Fires hat acht kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld): twa kear yn 2012, ien kear yn 2013, trije kear yn 2014 en twa kear yn 2015. Fierders wûn se yn 2013 de Sex Award yn 'e kategory meast seksy pornostjer. Njonken har aktearwurk is Fires ek aktyf as neakenmodel en reizget se feature dancer tsjintwurdich foar optredens by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ashley Fires is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en tatoeaazjes hat se allikemin.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Marie Luv en Bobbi Starr) Bobbi's World
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue en Mark Wood) Burning Embers
2013 AVN Award nominearre meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
Sex Award wûn meast seksy pornostjer n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei ferskate oaren) Gape Lovers 8
nominearre bêste P.O.V.-sekssêne Anal Workout 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Anikka Albrite, Mischa Brooks, Dillion Harper, Remy Lacroix, Riley Reid en Manuel Ferrara) Manuel Ferrara: Reverse Gangbang
2015 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Roxy Rave en Jessie Volt) Voracious: Season 2, Volume 3
nominearre skandalichste sekssêne (mei Madison Ivy en Chastity Lynn) Pretty Sloppy 5

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens op 'e eigen webside fan Ashley Fires