Springe nei ynhâld

Zarrah Angel

Ut Wikipedy
Zarrah Angel
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 july ±1992
berteplak Dallas (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20122015
offisjele webside
Zarrah Angel op Twitter

Zarrah Angel, echte namme ûnbekend (Dallas (Teksas), 17 july ±1992), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Yn 2015 beëinige Angel har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zarrah Angel waard omtrint 1992 berne yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Yn 2012, doe't se likernôch tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Angel sûnt yn in seistal films spile, foar it meastepart foar de lytse studio Burning Angel, mar ek in kear foar it bekendere label Evil Angel. Dêrby wurke se gear mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mr. Pete en John Strong. Zarrah Angel krige benammen bekendheid troch har grouwe stuten en de tatoeaazje fan 'e tekst Let it Be by har anus.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zarrah Angel is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.77 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike kupmaat 36A. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, mar se hat wol ferskillende tatoeaazjes, û.m. op har lofterboppe-earm, har lofterûnderearm, har rjochterûnderearm en de bûtenkant fan har rjochterboppeskonk.

Boppe har boarsten hat se fierders in tatoeaazje fan in omkeard krús, en op 'e bûtenkant fan 'e earste keatsjes fan 'e fingers fan har rjochterhân de letters fan it wurd "GAME" en op deselde dielen fan 'e fingers fan har lofterhân it wurd "OVER". Har bekendste tatoeaazje is lykwols de tekst Let it Be ("Lit it Gewurde"), dy't yn in heale sirkel tusken har stuten boppe de slútspier fan har anus stiet. (Nettsjinsteande dat hat se yn suver al har films anale seks bedreaun.) Op har rjochterstút hat se fierders noch in tatoeaazje fan in bij, mei in kronkeljende stippelline fan it wurd Be nei de bij (bee, mei deselde útspraak) ta, dy't it flechtpaad fan it ynsekt foarstelle moat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: