Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2018
Siden fan de wike yn 2018
Wike 1
In hert of hertsje is in symboal en ideogram dat brûkt wurdt om 'e leafde út te drukken. It bestiet út in foarm mei twa rûnings oan 'e boppekant wêrfan't de linen oan 'e ûnderkant gearkomme yn in punt. De tradysjonele kleur fan dit symboal is read. It is basearre op it hert as minsklik orgaan, de spier dy't it bloed ompompt troch it lichem. De foarm fan it hertsymboal is lykwols (suver) net werom te kennen yn it lichemsdiel dêr't it syn namme oan ûntlient. De oerienkomst is dan ek earder metafoarysk, en slacht op it lichaamlike hert as it symboalyske sintrum fan 'e minsklike emoasje, dêr't leafde en affeksje by ynbegrepen binne.
Wike 2
Rudi Falkenhagen (folút: Rudolf Johan Falkenhagen; Diemen, 6 maaie 1933 – Breukelen, 26 jannewaris 2005) wie in ferneamd Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur. Hy briek oarspronklik troch mei de rol fan 'e boef Snuf yn 'e bernerige Pipo de Clown. Ien fan syn bekendste rollen hie Falkenhagen as fabryksdirekteur Dries Rustenburg yn 'e dramasearje De Fabriek. Yn lettere jierren makke er himsels as stimakteur bekend by in jonger publyk yn 'e rol fan 'e piloat Turbo McKwek, yn 'e Disney-tekenfilmsearje DuckTales.
Wike 3
De Ekspedysje nei de Black Hills of de Black Hills-ekspedysje wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger út 1874 nei de Black Hills fan súdwestlik Dakota. De ekspedysje kin as ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen beskôge wurde, hoewol't der net by fochten waard. It doel wie om 'e Black Hills te ferkennen en de mooglike oanwêzigens fan weardefolle mineralen lykas goud te ûndersykjen. Dy misje waard útfierd troch it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Doe't der yndie goud fûn waard yn 'e Black Hills joech dat oanlieding ta de Goudkoarts fan de Black Hills. Om't it gebiet hillich wie foar de Lakota, late dy goudkoarts ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876.
Wike 4
De Swahily (Swahily: Waswahili) foarmje in etnyske groep dy't yn East-Afrika oan 'e kusten fan 'e Yndyske Oseaan wennet. Harren heitelân, de saneamde Swahilykust, omfiemet de kustgebieten fan Kenia en Tanzania (mei yn 't bysûnder Sansibar), it súdeasten fan Somaalje en it noardeasten fan Mozambyk. De taal fan 'e Swahily, dy't ek Swahily hjit, is in Bantoe-taal fan 'e Niger-Kongoleeske taalfamylje, dy't sûnt de koloniale tiid yn East-Afrika rûnom brûkt wurdt as lingua franca, en sadwaande in offisjele status hat yn Tanzania, Kenia en Oeganda. Neffens gegevens út 2007 wiene der doe sa'n 2 miljoen etnyske Swahily.
Wike 5
Batsjêba (Hebriuwsk: בַּת שֶׁ֫בַע, Baṯšēḇaʿ, útspr.: [bat'ʃɛ:vaʔ], likernôch: "batsjêva"; letterlike betsjutting: "dochter fan 'e eed"; fl. ±1000 f.Kr.) wie yn it Alde Testamint fan 'e Bibel de frou fan Oería de Hetyt en letter fan David, de kening fan Israel. Hja is it bekendst fan it bibelske ferhaal wêryn't David oerhoer mei har bedreau. Doe't se neitiid swier fan him bliek te wêzen, liet er har man Oería út 'e wei romje en naam er har ta frou. Batsjêba waard letter de mem fan Salomo, David syn erfgenamt en opfolger.
Wike 6
De muskusrôt of bisamrôt (Latynske namme: Ondatra zibethicus), by túltsjes ek wol wetterknyn neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dat binnen de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) de monotypyske (út ien soarte besteande) tûke fan 'e muskusrotten (Ondatrini) en it krektlyk monotypyske skaai fan 'e muskusrotten (Ondatra) foarmet. De muskusrôt is lânseigen yn Noard-Amearika, mar komt as eksoat ek foar yn grutte dielen fan Jeropa (Nederlân ynbegrepen), noardlik Aazje en op guon plakken yn Súd-Amearika. Hy wurdt bejage om syn pels en om syn fleis, en yn Noardwest-Jeropa ek om't er dêr as skealik ûngedierte beskôge wurdt. De muskusrôt is de grutste fan 'e 142 soarten wrotmûzen (Arvicolinae), en wurdt in "rôt" neamd om't er in middelgrut kjifdier is, mar hy is gjin echte rôt. Muskusrotten wurde ek holden troch de minske, as ûnderdiel fan 'e pelsdierfokkerij; muskusrottepelzen wurde op 'e merk brocht ûnder de namme "bisam".
Wike 7
West-Austraalje (Ingelsk: Western Australia) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet likernôch it westlike trêdepart fan it lân, en rint fan it tropyske noarden alhiel oan 'e kust fan 'e Súdlike Oseaan ta. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Perth. Mei 32,9% fan it nasjonaal grûngebiet is West-Austraalje fierwei it grutste Australyske gewest (it twadde, Queenslân, komt net fierder as 22,5%). Lykwols is it oergrutte part fan 'e steat mar hiel tin befolke. Neffens gegevens út 2013 hie West-Austraalje doe rom 2,5 miljoen ynwenners, wat delkomt op 10,9% fan 'e totale Australyske befolking.
Wike 8
In Playboy Playmate is in froulik neakenmodel dat in fotoreportaazje fan harsels meitsje lit en dêrmei yn it (ienris yn 'e moanne ferskinende) neakenblêd Playboy stiet as de Playmate fan 'e Moanne. De fotoreportaazjes fan Playmates fan 'e Moanne omfiemje in útklapbere centerfold-poster en in Playmate Data Sheet mei persoanlike bysûnderheden fan it model, lykas namme, berteplak en -datum, lichemsmaten, hobbys, ensfh. De oantsjutting playmate is Ingelsk en betsjut safolle as "boarterskammeraat"; nei't men oannimme mei is dat in bedutsen ferwizing nei it leafdesspul. Playmates fan 'e Moanne wurde faak oantsjut as Miss ("Juffer") folge troch de moanne dat se yn 'e Playboy stiene, dus bgl. Miss January.
Wike 9
Tsjeppe Noas (Ingelsk: Pretty Nose; westlike Feriene Steaten, 1851 – yn it Wind River Yndianereservaat (Wyoming), nei 1952) wie in froulik kriichsopperhaad fan 'e Noardlike Arapaho, dy't meifocht yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Hoewol't hja yn guon boarnen identifisearre wurdt as in Noardlike Sjajinne, wie hja beslist in Arapaho. De betizing waard wierskynlik feroarsake trochdat de beide folken nau besibbe binne en foarhinne trouwe bûnsgenoaten wiene. Tsjeppe Noas oerlibbe de oarloch en wenne oant op hege jierren yn it Wind River Yndianereservaat fan 'e Noardlike Arapaho Stamme yn 'e Amerikaanske steat Wyoming.
Wike 10
Himmelumer Aldefurd (Nederlânsk en offisjeel: Hemelumer Oldeferd) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, oan 'e kust fan de Iselmar en De Fluezen. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 4.899 minsken, en besloech in oerflak fan 65,68 km². It gemeentehûs fan Himmelumer Aldefurd stie yn Koudum. It wie in plattelânsgemeente dy't yn 'e Midsiuwen in soad te krijen hie mei wettersneed en oarloch. It monumint foar de Slach by Warns op Reaklif is dêr in oantinken oan. Letter koe it gebiet in lange perioade fan grutte bloei troch hannel en skipfeart, mar yn 'e tweintichste iuw rekke de gemeente troch gebrek oan wurkgelegenheid sterk ûntfolke. Yn 1984 waard Himmelumer Aldefurd opheft en rekke it grûngebiet ferdield ûnder de gemeenten Nijefurd en Gaasterlân-Sleat. Sûnt 2011, resp. 2014 heart it gebiet ta de nije fúzjegemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.
Wike 11
In stjer is in ljochtôfjaand bolfoarmich himellichem besteande út superferhjitte en dêrtroch baarnende gassen, dy't gearholden wurde troch de eigen swiertekrêft. De druk en temperatuer fan 'e gaskonsintraasje yn 'e kearn fan in stjer binne sa alderferskuorrendste heech dat der spontane kearnfúzjereäksjes plakfine wêrby't wetterstof omset wurdt yn helium. Dêrtroch wurdt in ôfgryslik soad enerzjy produsearre, dy't troch de stjer útstriele wurdt yn ferskate weachlingten, mei as wichtichste de spektrale bân fan it sichtbere ljocht. It eigenskipswurd dat by 'stjer' heart, is stellêr, fan it Latynske stella ("stjer"). De leechte tusken stjerren wurdt nei ferwiisd as de ynterstellêre romte. Stjerren ûntsteane troch it proses fan stjerformaasje en einigje harren bestean nei in nova of supernova as in stellêr restant.
Wike 12
Lugh of Lug (Aldierske útspr.: [luɣ], likernôch: "lûg" mei de g fan 'drûge'; modern Iersk: Lú, útspr.: [lu:], likernôch: "lûû") is yn 'e Ierske mytology in godheid dy't ferbûn is mei de sinne en/of tonger en wjerljocht en/of wiisheid en kennis. Yn 'e myten wurdt er beskreaun as in held en in hege kening dy't earne yn it twadde milennium f.Kr. oer Ierlân hearske hawwe soe. Lugh stiet bekend ûnder in stikmannich bynammen dy't foar it meastepart ferwize nei syn betûftens yn 'e striid en syn knaphandigens by it meitsjen fan foarwerpen. As god komt er fuort út 'e pan-Keltyske godheid Lugus. Syn Welske wjergader is Lleu Llaw Gyffes.
Wike 13
The Last Light of the Sun is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay (foto). De titel betsjut: "It Lêste Ljocht fan de Sinne", en ferwiist nei de westlike râne fan 'e (bekende) wrâld, dêr't it ferhaal spilet, en dêr't yn 'e optyk fan 'e haadpersoanen de sinne it lêst skynt. The Last Light of the Sun heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet tsjin 'e eftergrûn fan in trijetal fiktive lannen dy't dúdlik op Midsiuwske foarmen fan Ingelân (of om persiis te wêzen it Keninkryk Wesseks), Wales en Skandinaavje basearre binne. It boek waard yn 2004 publisearre troch de útjouwerij Simon & Schuster. Yn 2005 waard de The Last Light of the Sun nominearre foar in Sunburst Award.
Wike 14
Marijke Jongbloed (Ljouwert, 19 oktober 1956 – Amsterdam, 18 augustus 2016) wie in Nederlânsk dokumintêremakster fan Frysk komôf. Har measte films hiene op 'e iene of oare manear te krijen mei keunst en dûns. Se waarden útbrocht foar de bioskoop, ear't de almeast ferkoarte ferzje op 'e tillefyzje útstjoerd waard. Jongbloed waard benammen bekend troch har dokumintêres Alle Dagen Snein, oer de Fryske keunstskilder Ruurd Wiersma, en Stap voor Stap, oer eksessen yn 'e balletwrâld. Dy lêste film wie yn 1980 de Nederlânske ynstjoering foar de Oscars.
Wike 15
It Krieë Yndianereservaat (Ingelsk: Crow Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Dit reservaat waard yn 1868 stifte as útfloeisel fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie. It omfiemet û.m. it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan Montana. Behalven de Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, fûn op it grûngebiet fan it reservaat yn 1887 ek de Krieë-Oarloch plak. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling út 2000 wennen der doe likernôch 6.900 minsken yn it reservaat. It haadplak is it doarp Crow Agency.
Wike 16
In film noir (Frânsk foar swarte film) is yn de measte gefallen in misdiefilm wêrfan't de haadpersoanen yn in eksistinsjeel bedriigjende en nihilistyske wrâld libje. De 'klassike perioade' fan de film noir begjint mei John Hustons The Maltese Falcon, út 1941, en einiget mei Orson Welles' Touch of Evil, út 1958. Strikt nommen is de film noir gjin sjenre, mar wurdt dermei ferwiist nei de styl of toan fan ferskate Amerikaanske films fan de fjirtiger jierren ôf oant de hjoeddeistige neo noirs. Film noirs binne meast swart-wytfilms mei in oerhearskjende rol foar melankelikens, ferfrjemding, trystens, teloarstelling, ûntgûcheling, pessimisme, dûbelsinnigens, morele korrupsje, skuld en paranoia. Typyske, faak foarkommende personaazjes binne de synyske, iensume held (of antyheld) en de femme fatale, tusken wa’t har allerhanne yntriizjes ôfspylje tsjin de eftergrûn fan in obskuere grutte stêd.
Wike 17
Sokrates (Aldgryksk: Σωκράτης, "Sokrates"; útspr.: ['sɔ:kratɛ:s], "sôkratês"; Alopeke, 469 of 470 f.Kr. – Atene, 399 f.Kr.) wie wie de earste fan 'e trije ynfloedrykste filosofen út 'e Grykske Aldheid (njonken Plato en Aristoteles). Hy wurdt beskôge as ien fan 'e grûnlizzers fan 'e Westerske filosofy, ek al hat er sels gjin geskriften neilitten en komt alles dat oer him bekend is, út 'e twadde hân, fan syn learlingen Plato en Ksenofon en út 'e toanielstikken fan syn tsjinstanner Aristofanes. Sokrates is sadwaande in wat riedselich figuer, mei't ûndúdlik is hoefolle fan him oft ûnbeneamd bliuwt yn 'e oerlevere beskriuwings, krekt sa't by de betrouberheid fan dy beskriuwings fraachtekens set wurde kinne. Tradysjoneel is Sokrates benammen ferneamd as betinker fan 'e sokratyske metoade, wêrmei't er de earste wie dy't it hanneljen fan 'e minske sintraal stelde yn syn wrâldbeskôging, fanút de fraach: hoe moatte wy sa ferantwurdlik mooglik libje?
Wike 18
Magnum, P.I. wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't acht seizoenen rûn, fan 1980 oant 1988, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd waard. It wie in detektivesearje; de ôfkoarting P.I, út 'e titel, stiet foar private investigator, oftewol "privee-detektive". De titelrol fan Thomas Magnum waard fertolke troch akteur Tom Selleck. De searje spile op it Hawaïaanske eilân Oähû, en waard dêr ek opnommen. It tropyske dekôr joech de searje in fakânsje-eftige sfear en dêrmei in hiel eigen sjarme, wat wierskynlik foar in grut diel debet wie oan it súkses.
Wike 19
Vaira Vīķe-Freiberga (útspr.: ['vai̭ra 'vi:kʲə-frai̭'bɛrɡa], likernôch: "waira wiikje-fraiberga"; Riga, 1 desimber 1937) is in Letsk politika, wittenskipster, publisiste en diplomate, dy't fan 1999 oant 2007 de sechsde presidint fan 'e Republyk Letlân wie (rekkene fan 1919 ôf). Hja wie de earste froulike presidint fan ien fan 'e Baltyske steaten. Under Vīķe-Freiberga har lieding wist Letlân it lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny en de NATO te winnen. Ek nei har presidintskip bleau hja aktyf yn 'e nasjonale en ynternasjonale polityk.
Wike 20
Edinburch of Edinboarch (Ingelsk: Edinburgh, Skotsk: Embra, Embro of Edinburrie, Skotsk-Gaelysk: Dùn Èideann, poëtysk: Edina of Dunedin) is de haadstêd fan it Britske lânsdiel Skotlân. Dit plak leit yn 'e krite Lothian, oan 'e eastkust fan Skotlân en de súdkust fan 'e Firth fan Forth, en draacht yn it Skotsk de flaainamme Auld Reekie ("Ald Stjonkert"). Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Edinburch doe 465.000 ynwenners, wêrmei't it de op ien nei grutste stêd fan Skotlân is (nei Glasgow), en de op seis nei grutste stêd fan it Feriene Keninkryk. As stêdekloft hat Edinburch mei alle foarstêden derby in befolking fan goed 1,3 miljoen minsken. Histoarysk stiet Edinburch bekend as in sintrum fan ûnderwiis (yn 't bysûnder op it mêd fan 'e genêskunde), it rjocht, literatuer, wittenskippen en technology.
Wike 21
Man Ray, berne as Emmanuel Radnitzky (Philadelphia (Pennsylvania), 27 augustus 1890 - Parys, 18 novimber 1976) wie in Joadsk-Amerikaansk dadaïstysk en surrealistysk fotograaf en filmregisseur. De withoefolle portretfoto's dy't Man Ray makke fan keunstners en syn likefolle moadefoto's binne yllustraasjes by it kulturele libben op syn hichtepunt yn it Parys fan de ûnlijige tweintiger jierren. Man Ray waard teffens bekend troch it wurkjen mei fotogrammen, dy't er, ferwizend nei syn namme, "rayographs" neamde.
Wike 22
De grifformearde tsjerke yn Lollum wie oant 2014 in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Lollum-Waaksens. It is de eardere tsjerke fan 'e grifformearde gemeente fan Lollum. Mei de foarming fan de PKN-gemeente Lollum-Waaksens besiet de gemeente twa herfoarme tsjerken en ien grifformearden-ien. Sadwaande waard de grifformearde tsjerke fan Lollum oerstallich achte en yn 2016 fûn der de lêste tsjinst plak. Foar it monumintale tsjerkegebou, dat de bynamme fan 'Greidhoeke-katedraal' draacht, wurdt no in nije bestimming socht. De tsjerke waard boud yn 'e jierren 1914-1915; de byhearrende pastory datearret fan 1898.
Wike 23
It Lytse Famke mei de Swevelstokken, yn it oarspronklike Deensk: Den Lille Pige med Svovlstikkerne (Nederlânsk: Het Meisje met de Zwavelstokjes), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn desimber 1845, yn 'e Dansk Folkekalender for 1846 ("Deenske Folkskalinder foar 1846"). Yn 1848 waard it werútjûn as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr: Andet Bind: Anden Samling ("Nije Mearkes: Oarde Bân: Oarde Samling"), yn 'e mande mei fiif oare mearkes (It Ald Hûs, De Wetterdrip, De Lokkige Famylje, It Ferhaal fan in Mem en De Krage). It Lytse Famke mei de Swevelstokken is ien fan Andersen syn bekendste mearkes en waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset nei it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
Wike 24
Eva Mendes (Miami, 5 maart 1974) is in Amerikaansk aktrise, model en filmprodusinte fan Kubaansk komôf. Hja sette har aktearkarriêre ein jierren njoggentich útein, wêrby't hja yn 't earstoan benammen te sjen wie yn B-films. Letter briek Mendes troch mei rollen yn grutte Hollywood-produksjes as Training Day, 2 Fast 2 Furious, Stuck on You, Hitch en We Own the Night. Se is ek aktyf as sjongster en hat û.m. in duët mei sjonger CeeLo Green útbrocht.
Wike 25
De Kroan fan Kastylje (Kastyljaansk: Corona de Castilla; Leöneesk: Cornoa de Castiella; Galisysk: Coroa de Castela; Astuerysk: Cornoa de Castiella; Baskysk: Gaztelako Koroa; Latyn: Corona Castellae) wie in machtige Midsiuwske steat op it Ibearysk Skiereilân, dy't yn 1230 foarme waard út 'e fúzje fan ferskate lytsere keninkriken. Yn 1516 gie dit ryk in personele uny oan mei ferskate oare keninkriken, en sûnt dy tiid waard der ornaris sprutsen fan it Keninkryk Spanje. It duorre lykwols noch oant 1715 ear't der in steatsherfoarming trochfierd waard wêrby't de Kroan fan Kastylje ek wier yn Spanje opgie. Yn 'e regel wurdt de Kroan fan Kastylje koartwei oantsjut as 'Kastylje', wat lykwols betizing opsmyt mei it eardere Keninkryk Kastylje, dêr't de Kroan fan Kastylje syn namme oan ûntliende. Tsjin 1516 besloech de Kroan fan Kastylje in oerflak fan likernôch 380.000 km² op it Ibearysk Skiereilân, en hie it in befolking fan sa'n 4,5 miljoen minsken.
Wike 26
Berte is de beneaming foar it proses wêrby't in nij libben organisme te wrâld komt, ûntstien út ien of (meastal) twa oare organismen fan deselde soarte. Dit nije organisme kin nei de berte selsstannich bestean, al kin it, benammen by hegere bisten, faak noch net lang sûnder help fan ien of beide fan syn âlden oerlibje. De berte fynt meastal in beskate, soartbûne lingte fan tiid nei de befruchting fan in aaisel plak. Yn 'e tuskentiid groeit der in embryo yn it aai of yn it lichem fan 'e mem. Dy tuskenlizzende perioade hjit de draachtiid, en wurdt by minsken meastal oantsjut as it swierwêzen.
Wike 27
Kirani James (Gouyave, 1 septimber 1992) is in Grenadaansk atleet dy't him spesjalisearre hat yn it hurddraven op 'e 400 m en de 200 m. Yn 2011 waard er yn Daegu, yn Súd-Koreä, wrâldkampioen op 'e 400 m. James die ek mei oan 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, dêr't er in gouden medalje op 'e 400 m wûn, en teffens oan 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro, yn 2016, dêr't er in sulverne medalje op dyselde ôfstân behelle. Mei û.m. de (ûnderwilens opholden) Jamaikaanske atleet Usain Bolt heart er ta de wrâldtop fan 'e sprintsport by de manlju.
Wike 28
Firginia (Ingelsk: Virginia; útspr.: [vəɹ'ʤɪɲə], likernôch "w'rdzjinje"), offisjeel it Mienebêst Firginia (Ingelsk: Commonwealth of Virginia), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Firginia, byneamd de Old Dominion State of koartwei it Old Dominion, leit yn it easten fan it lân oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Richmond, mar de grutste stêd is Virginia Beach. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 8,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 12e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Firginia mei krapoan 111.000 km² de 35e steat. Firginia stiet bekend om syn (foar Amerikaanske begripen) lange skiednis, om syn neite ta de Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C., om it Pentagon en it Nasjonaal Begraafplak Arlington, en om 'e liedende rol dy't de steat spile yn 'e Konfederearre Steaten fan Amearika ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch.
Wike 29
De giele hierkwab (Latynske namme: Cyanea capillata) is in kwab út 'e stamme fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), it skift fan 'e flachbekkwabben (Semaeostomeae), de famylje fan 'e hierkwabben (Cyaneidae) en it skaai fan 'e echte hierkwabben (Cyanea). Dit is de grutste bekende soarte kwab. De giele hierkwab libbet yn it noarden fan 'e Atlantyske Oseaan, ynkl. de Noardsee. Guon soölogen binne fan betinken dat alle oare soarten hierkwabben as ûndersoarteen fan 'e giele hierkwab beskôge wurde moatte. Dat wol oaren net oan, û.m. om't de giele kwab yn 'e Noardsee njonken in oare soarte út itselde skaai bestiet, de blauwe hierkwab (Cyanea lamarckii).
Wike 30
Malcolm X (berne as: Malcolm Little en ek bekend as: Malik El-Shabazz en El-Hajj Malik El-Shabazz, fan it Arabyske الحاجؑ مالك الشبازؑ, al-Ḥaǧǧ Malīk al-Šabāzz; Omaha (Nebraska), 19 maaie 1925 – New York (New York), 21 febrewaris 1965), wie in Amerikaansk minskerjochte-aktivist, islamitysk predikant en publisist fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy rekke as bern beide âlden kwyt en groeide fierhinne op yn in rige pleechgesinnen. As tiner rekke er op it ferkearde paad, en mei 20 jier bedarre er yn it tichthûs, dêr't er yn oanrekking kaam mei de Nation of Islam. Dêr joech er him by, en nei syn frijlitting klom er al rillegau op ta ien fan 'e liedingjaande posysjes yn dy organisaasje.
In jier as tolve lang preke Malcolm X it gedachteguod fan 'e Nation of Islam, dat in ôfwikende foarm fan 'e islaam en in swart rasisme omfieme. As sadanich kaam er kear op kear yn botsing mei net inkeld de hearskjende noarmen en wearden yn it doetiidske Amearika, mar ek mei mear moderate boargerrjochte-aktivisten. Likernôch in jier nei't er yn 1964 desyllúzjonearre de Nation of Islam de rêch takearde, waard er fermoarde troch trije leden fan 'e organisaasje. Hoewol't Malcolm X noch altyd in kontroversjeel figuer is, wurdt er rûnom beskôge as de wichtichste lieder fan 'e swarten yn 'e Feriene Steaten yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw nei Martin Luther King, en as ien fan 'e ynfloedrykste lieders dy't de Afro-Amerikaanske mienskip ea fuortbrocht hat.
Wike 31
Ruth, yn it oarspronklike Hebriuwsk: רוּת, Ruṯ, is in boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Ḵeṯuḇim, de Geskriften, en is it it 14de boek (fan 24); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis en is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 8ste boek (fan 39). Yn Ruth wurdt it ferhaal fan 'e jonge Moäbityske widdo mei deselde namme ferteld, dy't har skoanmem folget werom nei it lân Israel om dêr yn 'e fremdte ta te hâlden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Ruth, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Adzer H. de Vries, kaam yn 1915 út.
Wike 32
De United States Marshals Service (USMS) is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't resortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje waard oprjochte yn 1789 en is dêrmei de âldste Amerikaanske plysjetsjinst mei lanlik foech, hoewol't de Amerikaanske Dûanetsjinst nòch âlder is. De USMS naam yn 1969 syn hjoeddeistige namme oan. De organisaasje hat as wichtichste doel de befeiliging fan alle aspekten fan 'e Amerikaanske federale rjochtspraak, wêrûnder de befeiliging fan tsjûgen wa har libben bedrige wurdt. Fierders is de USMS ek ferantwurdlik foar it transport fan finzenen en de opspoaring fan ûntsnapte finzenen.
Wike 33
It Hollânsk (Hollânsk: Hollands) is ien fan 'e haaddialekten fan 'e Nederlânske taal, en wurdt benammen sprutsen yn 'e provinsjes Noard- en Súd-Hollân, mar ek yn dielen fan Fryslân, Noard-Brabân en Utert. De Nederlânske standerttaal sels is yn prinsipe in standerdisearre foarm fan it Hollânsk en wurdt dêrom troch taalkundigen yn 'e regel beskôge as in Hollânsk dialekt, ynstee fan oarsom. Yn Flaanderen wurdt de term "Hollânsk" brûkt om te ferwizen nei it Nederlânsk sa't dat yn Nederlân sprutsen wurdt, wylst der yn it bûtenlân (en ek faak yn Fryslân) simpelwei it Nederlânsk mei oantsjutten wurdt.
Wike 34
Alexis Amore, echte namme Fabiola Melgar (Lima, 29 desimber 1978), is in Perûviaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, regisseur, kollumniste en radiopresintatrise. Hja sette yn 1999 útein mei in wurkpaad as pornoaktrise yn Los Angeles en spile yn in grut tal films. Benammen troch har grutte boarsten en eksoatyske foarkommen wie Amore tusken 2005 en 2010 ien fan 'e populêrste aktrises yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Se waard trijeris nominearre foar in prestizjeuze AVN Award. Yn 2013 beëinige Amore har karriêre as pornoaktrise.
Wike 35
De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen (Ingelsk: Church of Jesus Christ of Latter-day Saints), ek de Mormoanske Tsjerke of de LDS-Tsjerke neamd, is in kristlik tsjerkgenoatskip dat ornaris ta de protestantske streaming rekkene wurdt. De leden fan dit tsjerkgenoatskip, dy't ynformeel mormoanen neamd wurde, sjogge harren mienskip lykwols as de restauraasje fan 'e iene wiere tsjerke, dy't stifte wêze soe troch Jezus Kristus. De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen waard yn 1830 yn 'e Amerikaanske steat New York oprjochte troch de profeet Joseph Smith, yn in snuorje fan religieuze oplibbing dy't bekendstiet as de Twadde Grutte Untwekking. De mormoanske tsjerkelear is net inkeld basearre op 'e Bibel, mar ek op eigen geskriften, lykas it Boek fan Mormon. Oant 1890 bedreaune de mormoanen mearwiverij. Nei't hja bleat kommen wiene te stean oan leauwensferfolgings, teagen hja om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne ûnder lieding fan 'e profeet Brigham Young nei it Wylde Westen, dêr't hja har fêstigen yn wat letter de Amerikaanske steat Utah wurde soe. Hjoed de dei is it haadkertier fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen fêstige yn Salt Lake City, en hat de tsjerke wrâldwiid mear as 15,3 miljoen leden.
Wike 36
Feroarings fan Stal, yn it oarspronklike Latyn Metamorphoses ("Transformaasjes"), is in ferheljend gedicht yn fyftjin boeken fan 'e hân fan 'e Romeinske dichter Ovidius (43 f.Kr.-17/18 nei Kr.). It beskriuwt de skiednis fan 'e wrâld yn in los mytysk-histoarysk ramt, fan it oanbegjin ôf oant de fergodliking fan Julius Caesar ta. Ovidius foltôge dit wurk yn it jier 8 (nei Kr.) en it wurdt beskôge as in masterwurk fan 'e literatuer út 'e Romeinske Gouden Iuw. Yn 'e Midsiuwen wie de Metamorphoses ien fan 'e meast lêzen klassike wurken en sadwaande oefenen se in grutte ynfloed út op 'e Westerske kultuer. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard yn 2010 útjûn troch Steven Sterk.
Wike 37
A. Leslie Scott (folút: Alexander Leslie Scott; Lewisburg (West-Firginia), 15 jannewaris 1893 – 1974) wie in Amerikaansk skriuwer fan westerns. Hoewol't er leard hie foar yngenieur, lei er him al rillegau ta op it skriuwen fan koarte ferhalen en romans, wêrby't er in grut oeuvre opboude. Foar syn wurk griep Scott gauris werom op syn eigen ûnderfinings yn it Amerikaanske Westen. Hy wie de geastlike heit fan 'e personaazjes Jim Hatfield en Walt Slade, dy't tige populêr waarden. Syn boeken ferskynden almeast ûnder de pseudonimen Bradford Scott en Jackson Cole.
Wike 38
Fort Lauderdale (útspr.: [fɔɹt 'lɔ:dərde:l], likernôch: "fort lôderdeel"), faak skreaun as Ft. Lauderdale, is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Dit plak leit oan 'e Atlantyske kust fan it Floarida-skiereilân, op 37 km benoarden it bekendere Miami. Fort Lauderdale is it haadplak fan Broward County, en hie, neffens in offisjele skatting út 2013 troch it Amerikaanske Folkstellingsburo, doe goed 172.000 ynwenners. De stêd makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Súdflorideeske Stêdekloft (South Florida Metropolitan Area), mei yn totaal mear as 5,7 miljoen ynwenners, dy't fierders û.m. bestiet út Miami, West Palm Beach, Boca Raton en Miami Beach.
Wike 39
Fantasy is in sjenre yn 'e literatuer, op 'e tillefyzje en yn films dat yn 'e regel gebrûk makket fan tsjoenderij en oare boppenatuerlike ferskynsels as primêr ûnderdiel fan 'e plot of as motyf of eftergrûn, en dat fierhinne as in moderne fuortsetting beskôge wurde kin fan 'e myten en de mearkes út it ferline. In grut diel fan 'e moderne literêre wurken dy't ta dit sjenre hearre, spylje har ôf yn optochte wrâlden dêr't tsjoenderij de noarm is, al binne der ek withoefolle fantasywurken dy't in oanpaste ferzje fan ús eigen wrâld beskriuwe. Fantasy kin ûnderskaat wurde fan it besibbe sjenre fan 'e science fiction trochdat der gjin wittenskiplike ûnderbouwing plakfynt fan 'e ferhaaleleminten dy't ôfwike fan 'e wurklikheid. Der is lykwols frijwat oerlaping tusken de beide sjenres, dy't sadwaande ek wol gearfoege wurde ûnder de namme spekulative fiksje.
besjen
Wike 40
De Ottawa Stamme fan Oklahoma (Ingelsk: Ottawa Tribe of Oklahoma) is is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, dy't fêstige is yn it uterste noardeasten fan 'e steat Oklahoma. Dizze stamme bestiet út etnyske Ottawa, dy't yn 'e njoggentjinde iuw út it gebiet fan 'e Grutte Marren wei deportearre waarden, earst nei Kansas, en letter nei Oklahoma. De organisaasje hat likemin as oare Yndianestammen yn Oklahoma in eigen reservaat. Yn 'e tweintichste iuw gie ek de federale erkenning lange tiid ferlern, mar dy waard 1978 weromwûn. It haadkertier fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma stiet yn 'e stêd Miami (Oklahoma).
Wike 41
De Scottsdale Arabian Horse Show of de Arabyske Hynsteshow fan Scottsdale is it grutste rutersportevenemint fan 'e wrâld dat him útslutend taleit op Arabyske hynders. It is in hynstekeuring en in konkoers hippyk dat sûnt 1955 elts jier holden wurdt yn Scottsdale, by Phoenix, yn 'e Amerikaanske steat Arizona. Fan sa'n 50 dielnimmende hynders en 12 treners yn it earste jier is it evenemint útgroeid ta mear as 2.200 hynders en rom 1.300 treners hjoed de dei. Der komme no elts jier hûnderttûzenen besikers op ôf. De Scottsdale Arabian Horse Show foarmet ek it earste part fan 'e saneamde Arabyske Trijefâldige Kroan.
Wike 42
Judah Löw ben Bezalel (Jiddysk: Yehudah Leib ben Betsalel; Dútsk: Judah Löw ben Bezalel; Tsjechysk: Jehuda Lev ben Becalel; Poasen, tusken 1512 en 1526 – Praach, 17 septimber 1609) wie in foaroansteand rabbyn en Talmoedgelearde, joadsk mystikus en filosoof fan Asjkenazysk-Joadsk komôf. Under ynwijden yn it joadendom stiet er bekend as de de Maharal fan Praach of koartwei as de MaHaRaL, fan 'e Hebriuwske ôfkoarting Moreinu Ha-Rav Loew ("Us Learaar, Rabbyn Löw"). Hy brocht it grutste part fan syn libben troch as rabbyn fan 'e joadske mienskippen yn 'e stêden Praach, yn Bohemen, en Mikulov yn Moraavje. Löw stiet binnen it joadendom benammen bekend om syn teologyske wurken oangeande de joadske filosofy en de kabbala (de joadske mystyk), en yn it bysûnder om syn boppekommentaar op it ferneamde kommentaar fan Rashi op 'e Torah. Bûten it joadendom is Löw fral bekend út 'e leginde fan 'e Golem fan Praach.
Wike 43
De ierdappel, earpel, ierpel, jirpel, ierappel of rjappel (Solanum tuberosum) is in soarte plant fan 'e klasse fan 'e blomplanten (Antophyta), it skift fan 'e ierdappeleftigen (Solanales), de famylje fan 'e ierdappelplanten (Solanaceae) en it skaai fan 'e ierdappelplanten (Solanum). Dizze plant foarmet knollen ûnder de grûn, dy't stiselmoal befetsje en tige streksum binne. De ierdappel is oarspronklik ôfkomstich út Súd-Amearika en waard koart foar de ein fan 'e sechstjinde iuw foar it earst troch weromkearende ûntdekkingsreizgers yn Jeropa yntrodusearre. Tsjintwurdich foarmje ierdappels de haaditensboarne foar de befolking fan in grut tal lannen, benammen yn Jeropa, mar ek yn oare dielen fan 'e Westerske wrâld. Fierders wurdt de ierdappel ek almar mear yn ûntwikkelingslannen ynfierd. Neist rys, pasta en bôle is de ierdappel no ien fan 'e wichtichste boarnen fan koalhydraten fan 'e wrâld.
Wike 44
Wommels is in doarp dat sintraal yn de Fryske Greidhoeke leit yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wie foarhinne it haadplak fan de gemeente Littenseradiel, en foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie it it haadplak fan 'e gemeente Hinnaarderadiel. Op 1 jannewaris 2018 ferlear it syn haadplakfunksje, doe't it mei in grut diel fan Littenseradiel ta de gemeente Súdwest-Fryslân kaam te hearren. Ta Wommels wurde njoggen buorskippen en útbuorrens rekkene, wêrûnder Littenserbuorren. It is in terpdoarp werfan't de skiednis neffens argeologyske fynsten werom giet oant yn 'e Romeinske Tiid. Letter hie it in wichtige rol yn de Fryske suvelhannel. Neffens offisjele gegevens fan 'e gemeente Littenseradiel hie Wommels yn 2016 2.233 ynwenners.
Wike 45
Leafde's Lêst Net Leanne, yn it oarspronklike Ingelsk: Love's Labour's Lost, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Men is fan tinken dat it skreaun wêze moat yn 'e midden fan 'e 1590-er jierren. Yn elts gefal waard it foar it earst publisearre yn 1598. Leafde's Lêst Net Leanne is in komeedzje en docht ferslach fan 'e foarfallen oan it hof fan 'e kening fan Navarra as dêr in Frânske prinsesse en har hofdames arrivearje, dy't de kening en alletrije fan syn heechste hôvelingen de holle oerstjoer meitsje. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1956.
Wike 46
In fampier is in ûndead mytysk wêzen út 'e folkloare fan East-Jeropa, dat oerlibbet troch him- of harsels te fieden mei de essinsje fan it libben, ornaris yn 'e foarm fan it bloed fan libbene minsken. Dêrta binne hja yn 'e regel tarist mei ekstra lange boppehoektosken, wêrmei't hja harren slachtoffers bite kinne (meast yn 'e hals) om dan it bloed út 'e wûnen op te sûgen. Soms drinke se mar in bytsje en oerlibbet it slachtoffer it barren, hoewol't hy of sy neitiid in mystike bân mei de fampier ûnderhâlde soe en dernei langje soe om op 'e nij sa brûkt te wurden. Yn oare ferhalen komt it foar dat fampieren harren slachtoffers yn ien kear 'leechdrinke', oant se it bestjerre fan bloedferlies. Fampiers binne in ûnderwerp dat graach brûkt wurdt yn 'e sjenres fan 'e horror en de fantasy.
Wike 47
Eeltsje Hiddes Halbertsma (Grou, 8 oktober 1797 – dêre, 22 maart 1858) wie in Frysk skriuwer, dichter en dokter, en de jongste fan 'e bruorren Halbertsma. Hy waard bekend doe't er yn 1822 tegearre mei syn broer Joast de ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar publisearre. Neitiid waard dat wurk almar fierder útwreide, ek mei bydragen fan in trêde broer, Tsjalling, oant alle proaza en poëzij fan 'e trije bruorren yn 1871 postúm sammele waard en ferskynde as de ferneamde Rimen en Teltsjes. Dat wurk spile in rol fan krúsjaal belang by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie. Fan 'e trije bruorren Halbertsma wie Eeltsje miskien wol it meast bejeftige, en benammen syn poëzij wurdt noch altyd tige bewûndere. Hy wie de skriuwer fan û.m. it gedicht De Alde Friezen, oftewol it Frysk folksliet.
Wike 48
Nûnavût (Inûktitût: ᓄᓇᕗᑦ, Nunavut; Ingelsk, Frânsk en Inûynnaktûn: Nunavut) is ien fan 'e trije territoaria fan Kanada. It leit yn it uterste noarden fan it lân, en heart ta de regio fan Noardlik Kanada. De haadstêd is Iqaluit, dat foarhinne Frobisher Bay hiet. Mei mar leafst 21,0% fan it nasjonaal grûngebiet is it territoarium wat oerflak oanbelanget it grutste fan alle Kanadeeske gewesten, mar op it mêd fan ynwenners komt it net fierder as krapoan 32.000, wat it lytste oantal fan alle Kanadeeske gewesten is, en delkomt op 0,1% fan 'e totale Kanadeeske befolking. Nûnavût is it jongste Kanadeeske gewest, en ûntstie pas yn 1999, doe't it bestjoerlik losmakke waard fan 'e Noardwestlike Territoaria, as in thúslân foar de eastlik Arktyske Inûyt fan Kanada.
Wike 49
Toby Keith (wiere namme: Toby Keith Covel; Clinton (Oklahoma), 8 july 1961) is in foaroansteand Amerikaansk countrysjonger, dy't ek aktyf is as lietsjeskriuwer, muzykprodusint en akteur. Hoewol't er al sûnt 1981 song, briek er pas yn 1993 troch. Hy hie grut súkses mei de hit Should've Been a Cowboy, dy't yn 'e Feriene Steaten it meast spile countrynûmer fan 'e jierren njoggentich wie. Syn earste fjouwer studio-albums waarden sûnder útsûndering gouden of platina platen. Yn totaal hie Keith oant mids 2017 21 nûmer 1-hits hân, wêrûnder Beer for My Horses (in duët mei Willie Nelson) en As Good as I Once Was, dy't yn 2003, resp. 2006 beide seis wiken op it earste plak yn 'e countryhitlisten stiene. Keith hat wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht.
Wike 50
De Keltyske talen foarmje in taalfamylje, besteande út 6 libbene en in stikmannich útstoarne talen, dy't allegear fuortkomme út ien en deselde oertaal, it Proto-Keltysk. Se meitsje ûnderdiel út fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje, en wurde sprutsen op 'e Britske Eilannen en op it Frânske skiereilân Bretanje. Yn 'e moderne tiid hawwe ferkaten fan dizze talen har troch emigraasje oant bûten Jeropa ferspraat (te witten: nei Kanada en Argentynje). De libbene Keltyske talen falle útinoar yn 'e Brytoanyske en de Gaelyske taalgroepen. Mei-inoar hawwe alle seis Keltyske talen mar 820.000 memmetaalsprekkers. De grutsten fan 'e seis talen binne it Welsk, it Bretonsk en it Iersk.
Wike 51
De Dútske hardershûn, ek wol koartwei Dútske harder neamd, is in bekend hûneras dat syn oarsprong fynt yn Dútslân. It is in relatyf nij ras, dat ûntstie yn 1899, mar dat sûnt tige súksesfol west hat en suver net mear fuort te tinken is. De Dútske hardershûn waard oarspronklik fokt om fee op te driuwen, mar fanwegen syn krêft, yntelliginsje, belearberheid en hearrigens hat er him yn 'e tweintichste iuw ûntwikkele ta ien fan 'e rassen dêr't de foarkar oan jûn wurdt foar plysje- en legerhûnen, opspoarings- en rêdingshûnen en blineliedhûnen. De Dútske hardershûn is hjoed de dei ien fan 'e populêrste hûnerassen fan 'e wrâld.
Wike 52
Jean-Charles Pichegru (útspr.: [ʒɔ̃ ʃaʀl piʃə'ɡʀy], likernôch: "zjôn sjarl pysjegrú"; Arbois (of mooglik Les Planches-près-Arbois), 16 febrewaris 1761 – Parys, 5 april 1804) wie in foaroansteand Frânsk generaal, dy't himsels ûnder de Koälysje-oarloggen nei de Frânske Revolúsje yn 1793 ûnderskate oan it Rynfront. Yn 1794-1795 makke er koarte metten mei de Eastenryksk-Britsk-Steatske troepen yn 'e Súdlike Nederlannen en ferovere er de Republyk fan de Feriene Provinsjes. Neitiid wied er behelle yn in royalistyske gearspanning om Napoleon ûnder fuotten te heljen, wat ta syn arrestaasje en dea yn it tichthûs late. Likegoed is 'Pichegru' ien fan 'e nammen dy't ynkurven steane ûnder de Arc de Triomphe yn Parys. Yn (dielen fan) Nederlân bliuwt syn namme noch altyd yn oantinken troch de útspraak: "Maar nu, sprak Pichegru."