Vicki Chase
Vicki Chase | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Vicky Chase | |
echte namme | Victoria Ramirez | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 febrewaris 1985 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Meksikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2009 – no | |
offisjele webside | ||
vickichasexxx.com |
Vicki Chase, echte namme: Victoria Ramirez (Los Angeles, 6 febrewaris 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Meksikaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Vicky Chase. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34C.
Libben en karriêre
Vicki Chase waard yn 1985 berne yn it Kalifornyske Los Angeles, dêr't se ek opgroeide. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, wurke se as kassier by in bank, doe't se yn 'e kunde kaam mei pornoakteur Eric John, dy't dêr klant wie. Se krigen wat mei-inoar, en trouden op 7 jannewaris 2010 by in publike seremoanje op it AVN Adult Entertainment Expo, de wichtichste pornografybeurs fan 'e Feriene Steaten.
Chase makke yn 2009, doe't se 24 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Neitiid hat se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn likernôch 150 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Digital Playground, Pure Play Media, Zero Tolerance en Jules Jordan Video. Dêrby ûntjoech se har al hiel gau ta in favoryt fan 'e fans. Chase spilet faak Aziatyske rollen, mar yn wurklikheid is se fan Latino-komôf; sawol har heit as har mem stamje út Meksiko. Yn in fraachpetear fan 21 april 2013 op Spizzyblog.com sei se: "Ik bin net Aziatysk, hoewol't ik der wol foar trochgean kin. [...] It sil it Yndiaanske bloed dat ik haw wol wêze, tink."
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2011 | Xbiz Award | nominearre | nije stjer fan it jier | n.f.t. |
2012 | AVN Award | nominearre | ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. |
XRCO Award | nominearre | ûnderwurdearre sirene | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Selena Rose en Ben English) | Mothers & Daughters |
Xbiz Award | nominearre | bêste sêne (yn in film oer in pearke) (mei Marco Rivera) | Tango to Romance | |
wûn | bêste lesbyske sêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Riley Steele en Selena Rose) | Mothers & Daughters | ||
XRCO Award | wûn | ûnderwurdearre sirene | n.f.t. | |
2014 | AVN Award | nominearre | bêste orale sekssêne | Jules Jordan: Feeding Frenzy 11 |
Xbiz Award | nominearre | bêste sêne mei in pearke (mei Ramon Nomar) | Troublemakers | |
XRCO Award | wûn | ûnderwurdearre sirene | n.f.t. | |
wûn | orgastysk oraliste | n.f.t. |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Vicki Chase
- (in) Biografy en filmografy fan Vicki Chase yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Fraachpetear mei Vicki Chase
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |