Springe nei ynhâld

Taylor Hayes

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Taylor Hayes
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tara Ellyn Smith
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 jannewaris 1975
berteplak Grosse Pointe (Michigan)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19952006
offisjele webside
gjint

Taylor Hayes, echte namme: Tara Ellyn Smith (14 jannewaris 1975), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Har artystenamme hie hja ûntliend oan it personaazje mei deselde namme, spile troch Hunter Tylo, yn The Bold and the Beautiful, in Amerikaanske soapsearje dêr't Hayes as tiner oan ferslingere rekke. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34DD.

Karriêre

Hayes waard berne yn Grosse Pointe, yn 'e steat Michigan, mar brocht har middelbere-skoaltiid troch yn Teksas. Yn 1994 posearre se neaken foar de Penthouse, en yn 1995 stie se yn it neakenblêd Hustler. Koart dêrnei ferfear Hayes nei Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. Datselde jiers noch, op har tweintichste, makke se har debút yn in pornografyske film foar de studio VCA Pictures. Nei in pear jier foar VCA wurke te hawwen, gie se by dat label wei om ien fan 'e fêste aktrises yn 'e gonzo-pornofilms fan akteur/regisseur/produsint Seymore Butts te wurden. Yn 1997 tekene se in eksklusyf kontrakt mei de studio Vivid Entertainment, dêr't se tsientallen films foar makke. Yn totaal spile Hayes yn 88 pornofilms, foar't se har yn 2006 út 'e pornoyndustry weromloek. Dêrmei wûn se û.m. fjouwer AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), en boppedat waard se yn 2007 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Njonken har pornokarriêre wurke Hayes ek mei oan ferskate net-pornografyske filmprojekten, wêrûnder de soft-eroatyske film Animal Instincts III, út 'e midden fan 'e njoggentiger jierren, en de B-horrorfilm Evil Breed: The Legend of Samhain, út 2003.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1999 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (mei Mr. Marcus en Billy Glide) Masseuse 3
2001 AVN Award wûn bêste aktrise (film) (dield earste plak mei Raylene foar dy har optreden yn Artemisia) Jekyll & Hyde
XRCO Award wûn bêste aktrise (yndividueel optreden) Jekyll & Hyde
2002 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Joey Ray) Fade to Black
wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Taylor St. Clair en Dale DaBone) Fade to Black
XRCO Award wûn bêste aktrise Fade to Black
2007 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.