Mongoloïde ras
It mongoloïde ras (of it "giele" ras) is ien fan 'e trije haadrassen fan 'e minsklike soarte, neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste iuw frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "mongoloïde" kombinearret de stam "Mongoalen", mei de útgong "-oïde", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan hûdskleur bûten wittenskiplike fermiddens noch gauris brûkt, al wurde termen as "ras" en "mongoloïde" dêrby oer it algemien ferfongen troch eufemismen, lykas "rasiale eftergrûn" en "Aziaten". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan ras, is dat fan gerjochtlike lykskôgings, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it mongoloïde ras oer it algemien in wat rûner antlit, mei mangelfoarmige eagen troch it foarkommen fan 'e saneamde Mongoaleploai.
Tradisjonele yndieling
Ta it mongoloïde ras waarden behalven de befolking fan East- en Súdeast-Aazje en Sibearje ek de Turkske folken fan Sintraal-Aazje, it Heine Easten, de Kaukasus, de Balkan en East-Jeropa rekkene; de Oeralyske folken fan West-Sibearje, Noard-Ruslân, it Eastseegebiet en East-Jeropa (bgl. de Finnen, Esten en Hongaren); de Austronezyske folken fan 'e Yndyske Arsjipel (Maleiers en besibbe folken); de Polyneziërs en Mikroneziërs fan 'e Stille Oseaan; en de Eskimo's en Yndianen fan 'e Amearika's. De yndieling fan it mongoloïde ras wie sadwaande rûchwei sa:
- it mongoloïde ras
- it Amerikaanske ras (de Yndianen)
- it Eskimo-ras (ynkl. guon folken yn East-Sibearje)
- it Japanske en Koreaanske ras
- it Maleiske ras
- it Maory-ras (de Maory fan Nij-Seelân binne eins Polyneziërs)
- it Mikronezyske ras
- it Noardmongoalske ras (de Mongoalske, Turkske, Toengoezo-Mantsjoeske en Oeralyske folken)
- it Polynezyske ras
- it Sineeske en Yndosineeske ras
- it Tibetaanske ras
- yndieling ûnwis
- it Dravidyske ras (de befolking fan Súd-Yndia)
- it Singaleeske ras (de Yndo-Arysktalige, mar Dravidyskkleurige befolking fan Sry Lanka)
Galery fan it mongoloïde ras neffens de âlde klassifikaasje
-
In Mongoalske frou. Miss Mongoalje 2007, Oyungerel Gankhuyag
-
In Turkske frou
-
In Sineeske man
-
Keizer Akihito, in Japanske man
-
In Tibetaanske frou
-
In Finske frou
-
In Maleiske man
-
Joko Widodo, de 7e en hjoeddeistige presidint fan Yndoneezje
-
In Samoaanske frou
-
In Maöary-man
-
In Sami-frou
-
In Eskimo-man
-
In Yndiaanske frou
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |