Mia Khalifa
Mia Khalifa | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Mia Callista | |
nasjonaliteit | Libaneesk Amerikaansk | |
berne | 10 febrewaris 1993 | |
berteplak | Beirût (Libanon) | |
etnisiteit | Libaneesk-Arabysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2014 – 2015 | |
offisjele webside | ||
miakhalifa.com |
Mia Khalifa (Arabysk: ميا خليفة, sekuere transliteraasje: Miyа̄ Ḵalīfah, útspr.: [mijaː χaliːfa], likernôch: "mii-a cha-lii-fa"; Beirût, 10 febrewaris 1993) is in Libaneesk-Amerikaansk ynternetstjer dy't it bekendst wurden is troch har koarte wurkpaad as neakenmodel en pornografysk aktrise yn 2014 en 2015. Hja stiet ek wol bekend ûnder de artystenamme Mia Callista. Khalifa waard berne yn Libanon, mar emigrearre as bern mei har âlden nei de Feriene Steaten. Har karriêrekar joech in protte opskuor yn it Midden-Easten en mank de Arabyske mienskip yn 'e Feriene Steaten, benammen doe't se ferskate sênes opnaam wêrby't se klaaid wie yn in hidjaab, in stik klean dat ornaris assosjearre wurdt mei de islaam, hoewol't har famylje net islamitysk mar eastersk-katolyk is.
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Mia Khalifa waard yn 1993 berne yn 'e Libaneeske haadstêd Beirût, yn in eastersk-katolike famylje. Hja is sadwaande fan Libaneesk-Arabysk etnysk komôf. Yn 2000 emigrearren har âlden mei har nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn Montgomery County, yn 'e steat Marylân. Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it lacrossetiim. Nei't se slagge wie foar har eineksamens studearre se skiednis oan 'e Universiteit fan Teksas yn El Paso, en behelle dêryn in bachelortitel.
Pornokarriêre
Yn 2014 wurke Khalifa yn Miami as servearster yn in restaurant fan 'e fastfoodkeatling Whataburger doe't se oansprutsen waard troch in klant dy't har frege oft se der wolris oer neitocht hie om in karriêre as pornoaktrise te begjinnen en har oanrette om dat te dwaan. Nei't se dat advys ris in skoftke besinke litten hie, besleat se der wurk fan te meitsjen. Sadwaande wurke se yn 'e hjerst fan 2014, doe't se 21 jier wie, as neakenmodel mei oan in fotoreportaazje yn it neakenblêd Score, ûnder de skûlnamme Mia Callista. Doe't dat in grut súkses waard, makke se yn oktober 2014 har debút yn in pornografyske film.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Khalifa yn totaal yn 22 films, yn 't earstoan allinnich foar de The Score Group, mar letter fral ek foar de pornowebside BangBros. Fierders wie se ek te sjen yn twa produksjes fan 'e studio Pure Play Media. Hoewol't se har begjin 2015 alwer út 'e pornoyndustry weromloek en mar in goed fearnsjier as pornoaktrise aktyf wie, groeide Mia Khalifa út ta in wiere sensaasje. Op 28 desimber 2014 makke de pornowebside Pornhub bekend dat se op harren webstee mei 1,5 miljoen sykopdrachten de populêrste pornostjer wie, en dêrmei de ferneamde Lisa Ann fan 'e it earste plak ferdreaun hie.
Khalifa har nij fûne ferneamdens rôp yn har bertelân Libanon en oare dielen fan it Midden-Easten in stoarm fan protest op. In protte lju dêre betitelen har karriêrekar as eat dêr't se har foar skamje moast, en dêr't se har bertelân mei te skande makke. De krityk waard noch helte slimmer doe't Khalifa meiwurke oan in pear sênes fan BangBros wêryn't se in hidjaab droech, in stik klean dat ornaris assosjearre wurdt mei islamityske froulju. Yn ien fan dy sênes, mei as titel Mia Khalifa Is Cumming for Dinner, hie se in triootsje mei har kollega-aktrise Julianna Vega en de manlike pornoakteur Sean Lawless. It dragen fan 'e hidjaab waard sjoen as it te skande meitsjen fan 'e islaam as gehiel, en dêrop begûnen der deadsbedrigings tsjin har te kommen, wêrûnder in foto fan in boal fan 'e saneamde Islamityske Steat yn Irak en Syrje (ISIS), dy't sa bewurke wie dat it no liek as snie de man Khalifa de holle ôf. Ek yn Libaneeske deiblêden ferskynden krityske stikken oer Khalifa, hoewol't dy it teminsten fatsoenlik holden.
Yn in fraachpetear mei de Amerikaanske krante The Washington Post sei Khalifa dat moslims yn 'e mainstream-films dy't yn Hollywood produsearre wurde, folle negativer foarsteld wurde as yn 'e pornografyske sênes dêr't sysels oan meiwurke hie. Ek sei se: "Frouljusrjochten yn Libanon wurde noch lang net serieus nommen as in Libaneesk-Amerikaanske pornostjer dy't dêr net mear wennet sa'n opskuor feroarsaakje kin. It lân wêrfan't ik ienris swetste as it meast ferwesterske lân fan it Midden-Easten, is, sa sjoch ik no yn, eins ûntstellend âlderwetsk en ûnderdrukt." Khalifa krige stipe út ferskate hoeken, wêrûnder fan 'e Libaneesk-Britske skriuwster Nasri Atallah, dy't stelde dat de morele lulkens gjin pas joech, om't Khalifa krekt as eltse minske frij is om mei har eigen lichem te dwaan en litten wat se wol, en teffens om't se oan 'e oare kant fan 'e wrâld libbet en neat mear út te stean hat mei it lân dêr't se tafallich berne is.
Pornhub makke bekend dat troch alle kontroverse omtrint Khalifa it tal sykopdrachten nei har tusken 3 en 6 jannewaris 2015 ferfiiffâldige. Saillant detail: in fjirdepart fan dy sykopdrachten waard dien yn Libanon, wylst ek út oanbuorjende lannen lykas Syrje en Jordaanje oansjenlike oantallen kamen. Fanwegen de hidjaab-opskuor waard Khalifa yn july 2016 it fyfde plak taparte op in ranglist fan 'meast beruchte pornostjerren' fan it Britske tydskrift Loaded. De Libaneeske brouwerij Almaza begûn in reklamekampanje mei advertinsjes mei in foto fan in fleske bier mei dêrnjonken de bril dy't Khalifa yn har measte sênes droech. De byhearrende tekst wie: "We binne beide foar boppe de achttjin". Yn jannewaris 2015 brocht it dance-muzyk-duo Timeflies it nûmer Mia Khalifa út, dat in oade oan 'e pornoaktrise wie. Yn reäksje lade Khalifa in filmke op YouTube op dêr't se op twerkt op dat liet.
Priveelibben
Hoewol't se net mear yn 'e pornoyndustry aktyf is, hat Khalifa mear as in miljoen Twitterfolgers en 300.000 Instagramfolgers. Se wennet op 't heden yn Teksas, mar is lykwols noch altyd in fûleindich fan fan it Amerikaansk fuotbaltiim de Florida State Seminoles. Sasear sels, dat se fia de sosjale media besocht hat om Braxton Miller, de quarterback fan 'e Ohio State Buckeyes, foar de Seminoles te rekrutearjen. Fierders is Khalifa ek in fan fan 'e iishokkyklub de Washington Capitals, út Washington, D.C.
Khalifa troude yn febrewaris 2011, koart nei't se mearderjierrich wurden wie, mei in Amerikaanske man. Dat houlik is anno 2017 noch altyd geef. Yn in fraachpetear hat Khalifa sein dat har âlden alle bannen mei har ferbrutsen hawwe fanwegen har pornokarriêre. Har âlden lieten op it hichtepunt fan 'e mediahype om Khalifa hinne in parseferklearring útgean wêryn't se stelden dat de beslissing fan harren dochter om pornoaktrise te wurden, fuortkaam út 'e ynfloed fan 'e Amerikaanske kultuer dêr't se bûtenshûs yn opgroeid wie, en neat te krijen hie mei har opfieding thús.
Lichemsskaaimerken
Mia Khalifa is fan blank ras mei in ljochtbrune, Middeneastlike hûdskleur, en hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.58 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en kupmaat 34DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Behalven piercings troch har earlellen hat Khalifa ek in nâlpiercing. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes, wêrûnder de earste regel fan it folksliet fan Libanon op har lofterûnder- en -boppe-earm, en it krús fan 'e Forces Libanaises (in kristlike milysje út 'e Libaneeske Boargeroarloch) oan 'e binnenkant fan har rjochterpols. Dy lêste tatoeaazje liet se yn 2012 nei in bomoanslach yn Beirût pleatse út solidariteit mei de politike opfettings fan har heit. Oare tatoeaazjes hat se op har rjochterside, oan 'e bûtenkant fan har lofterûnderearm en oan 'e binnenkant fan har rjochterûnderearm.
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Mia Khalifa
- (in) Mia Khalifa har side op Facebook
- (in) Mia Khalifa har side op Twitter
- (in) Mia Khalifa har side op Instagram
- (in) Biografy en filmografy fan Mia Khalifa yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Mia Khalifa yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Mia Khalifa op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Libaneesk ynternetstjer
- Libaneesk ober of servearster
- Libaneesk neakenmodel
- Libaneesk pornoakteur
- Amerikaansk ynternetstjer
- Amerikaansk ober of servearster
- Amerikaansk neakenmodel
- Amerikaansk froulik pornoakteur
- Amerikaansk pornoakteur fan Middeneastlik of Súdaziatysk komôf
- Amerikaansk persoan fan Libaneesk komôf
- Persoan berne yn 1993