Springe nei ynhâld

Keisha Grey

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Keisha Grey
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kelsey Marie Caproon
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 juny 1994
berteplak Tampa (Floarida)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Iersk
Spaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
gjint

Keisha Grey, echte namme: Kelsey Marie Caproon (Tampa (Floarida), 9 juny 1994), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk, Iersk en Spaansk etnysk komôf. Hja die yn 2013 har yntrede yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en makke dêr daliks furoare. Neffens har offisjele opjefte is Grey 1.60 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en in natuerlike kupmaat 32DD.

Libben en karriêre

Grey waard yn 1994 berne yn Tampa, yn 'e steat Floarida. Nei eigen sizzen waard hja op har sechstjinde jierdei ûntfamme troch har freon fan 'e middelbere skoalle, dy't har iennichste sekspartner wie foar't hja har yn 'e pornoyndustry bejoech. Grey wurke yn har tinerjierren as servearster yn in kafee en yn in pytsarestaurant. Foar't se sels mei in karriêre as pornoaktrise úteinsette, wie se in fan fan pornofilms en yn 't bysûnder fan 'e akteurs Sasha Grey en James Deen.

Yn augustus 2013 makke se mei njoggentjin jier har debút yn in pornografyske film, en yn desimber fan dat jier sleat se har oan by it ympressariaat Motley Models. Har ympressario joech har de efternamme 'Grey' om't se sa'n fan wie fan pornoaktrise Sasha Grey; 'Keisha' wie har bynamme op 'e middelbere skoalle. Grey die har earste ynterrasiale pornosêne ûnder de titel My First Interracial foar de site Blacked.com. Yn 'e film Keisha die hja har earste triosekssêne mei twa manlike akteurs, en har earste anale sekssêne wie te sjen yn 'e film Big Anal Asses 3 (2015). Har earse ynterrasiale anale sêne die se foar de film Stacked 3 (2015), en foar Gangbang Me 2 (2015) die se har earste gangbang en dûbele penetraasje. Behalven dat se yn pornofilms spilet, posearret Grey ek gauris foar neakenblêden.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Grey sûnt mids 2013 al yn krapoan 130 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Evil Angel, New Sensations, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Red Light District en Digital Sin. Ek wurke se wol foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, West Coast Productions en Third Degree Films. Dêrnjonken wie se ek in protte yn 't spier foar pornosites op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Foar har wurk ûntfong Grey yn 2014 in NightMoves Award yn 'e kategory bêste nije stjer. Yn 2015 waard se nominearre foar fiif ûnderskate AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld). Keisha Grey is in fan fan klassike rockmuzyk en mei graach snowboarde mei har freonen.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2014 NightMoves Award nominearre bêste lichem n.f.t.
wûn bêste nije stjer (redakteurskar) n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Keisha
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Ariana Marie en Manuel Ferrara) Keisha
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Mick Blue en James Deen) Keisha
nominearre bêste presintaasje fan in stjer Keisha
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sêne yn in gonzofilm (mei Criss Strokes) Slut Puppies 8
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre cream dream ("wiete dream") n.f.t.
nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.