Springe nei ynhâld

Gina Lynn

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Gina Lynn
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tanya Mercado
nasjonaliteit Portorikaansk
Amerikaansk
berne 15 febrewaris 1974
berteplak Mayagüez (Porto Riko)
etnisiteit Portorikaansk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19992012
offisjele webside
www.ginalynn.com

Gina Lynn, echte namme: Tanya Mercado (Mayagüez (Porto Riko), 15 febrewaris 1974), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Portorikaansk-Italjaansk komôf, dy't op 't heden wurksum is as pornoregisseur en -produsinte.

Libben

Gina Lynn waard berne yn Mayagüez, op Porto Riko, mar ferfear doe't se fiif jier wie mei har heit en mem nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn Jackson, yn 'e steat Nij-Jersey. Yn 1993, doe't se njoggentjin jier wie, begûn se te wurkjen as stripper yn in stripklub oan 'e saneamde Jersey Shore ("Jerseykust"), yn Asbury Park. Op in stuit waard har doe frege om te posearjen foar neakenblêden, lykas Chéri, dêr't se yn 1997 yn stie. Se waard as neakenmodel sa populêr dat har frege waard oft se net guon lesbyske pornofilms meitsje woe. Gina Lynn gie dêr op yn en makke har debút yn in pornografyske film yn 1999.

Yn 2001 die se har earste heteroseksuële sêne yn in film foar de studio Pleasure Productions, dêr't se doe in kontrakt by rinnen hie. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 180 pornofilms, oant se yn 2012 oankundige net mear as aktrise wurkje te sillen. Mei har aktearwurk hat se ien kear in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se 11 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Boppedat waard se yn 2010 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Fan 2004 ôf regissearre Gina Lynn sels ek films; oant 2013 binne dat der 28. Yn 2004 rjochte se, tegearre mei har man, pornoakteur en -regisseur Travis Knight, in eigen filmstudio op, Gina Lynn Productions. Yn 2012 stie se nochris yn 'e Penthouse as de Penthouse Pet fan 'e moanne april.

Njonken har pornokarriêre figurearre Gina Lynn ek yn fideoklips fan 'e rappers Eminem (fan it nûmer Superman) en Vinnie Paz (fan it nûmer Keep Movin' On). Fierders wie se in figurante yn 'e mainstream-films Analyze That en Minghags. Yn 2004 hie se in lyts (pratend) roltsje as stripper yn in ôflevering fan 'e misdiesearje The Sopranos.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 AVN Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2005 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Boo Dilicious) Gina Lynn Reinvented
nominearre bêste orale sekssêne (fideo) Gina Lynn's Darkside
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Jules Jordan, Travis Knight en Mr. Pete) Gina Lynn's Darkside
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste gonzo-publikaasje Gina Lynn's Darkside
2008 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Emmanuel Delcour) Flesh Hunter 9
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Nikki Benz en Mick Blue) Meet the Fuckers 6
nominearre de Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jier n.f.t.
FAME Award wûn leaflingskont n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Oil Overload 1
nominearre de Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jier n.f.t.
nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.