Springe nei ynhâld

Fampier

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
De Fampier, troch Philip Burne-Jones, út 1897.

In fampier is in ûndead mytysk wêzen út 'e folkloare fan East-Jeropa, dat oerlibbet troch him- of harsels te fieden mei de essinsje fan it libben, ornaris yn 'e foarm fan it bloed fan libbene minsken. Dêrta binne hja yn 'e regel tarist mei ekstra lange boppehoektosken, wêrmei't hja harren slachtoffers bite kinne (meast yn 'e hals) om dan it bloed út 'e wûnen op te sûgen. Soms drinke se mar in bytsje en oerlibbet it slachtoffer it barren, hoewol't hy of sy neitiid in mystike bân mei de fampier ûnderhâlde soe en dernei langje soe om op 'e nij sa brûkt te wurden. Yn oare ferhalen komt it foar dat fampieren harren slachtoffers yn ien kear 'leechdrinke', oant se it bestjerre fan bloedferlies. Fampiers binne in ûnderwerp dat graach brûkt wurdt yn 'e sjenres fan 'e horror en de fantasy.

Eigenskippen

Der besteane ferskate folkswiisheden oer fampieren, hoewol't dy lang net allegear yn alle ferhalen foarkomme. Sa soene fampieren net oer deiljocht kinne en ta in heapke jiske ferbrâne as se troch de sinne beskynd wurde. Fierders soene se gjin spegelbyld hawwe en net oer knyflok, krusifiksen of wijwetter kinne. Fampieren soe men deadzje kinne troch se in houtene staak troch it hert te driuwen en/of troch se de holle ôf te slaan.

As men biten wurdt troch in fampier dy't by jin drinkt en men drinkt dêrnei sels ek fan it bloed fan 'e fampier, dan soe men sels ek in fampier wurde. Der wurdt ek gauris in, sij it dizenige, konneksje lein tusken fampieren en flearmûzen, mooglik om't it beide wêzens binne dy't nachts aktyf binne. Guon fiksjewurken wolle hawwe dat fampieren har yn flearmûzen feroarje kinne.

Yn East-Jeropa stiene fampieren der oarspronklik om bekend dat se nei harren dea weromkamen om harren djipdrôven te besykjen en dêrby kattekwea en stjergefallen feroarsaken yn it om-en-by fan harren eardere wente. Hja droegen yn 'e regel lykkladen en waarden gauris omskreaun as opsetten, mei in rodzige of dûnkere hûdskleur, wat it tsjinstelde is fan hoe't fampieren tsjintwurdich foarsteld wurde: lykbleek en meager.

Skiednis

Hoewol't fampiereftige wêzens yn 'e measte minsklike kultueren foarkomme, krong de term 'fampier' foar it earst yn 'e iere achttjinde iuw troch yn West-Jeropa, nei't mei in stream Eastjeropeeske ymmigranten ek it byleauwe yn fampieren út it easten wei oerkommen wie. It oarsprongsgebiet fan it leauwen yn fampieren lei benammen yn it súdlike part fan East-Jeropa en op 'e Balkan, yn it gebiet dat no de lannen Roemeenje (mei Transsylvaanje), Bulgarije, Grikelân, Masedoanje, Albaanje, Kosovo, Montenegro, Servje, Bosnje, Hongarije, Slowakije, Moldaavje en de Oekraïne omfiemet. Ek noardliker, yn Poalen, Wyt-Ruslân en Litouwen, waard wol yn it bestean fan fampieren leaud.

In frou ferklaaid as fampier.

Yn it súdeasten fan Jeropa kamen in protte folksferhalen oer fampieren foar, hoewol't der foar sokke wêzens ferskillende nammen bestiene: shtriga (Albaanje), vrykolakas (Grikelân), strigoi (Roemeenje), ensfh. Yn 'e achttjinde iuw, wylst yn it westen fan Jeropa de Ferljochting opkaam, late it leauwen yn it bestean fan fampieren yn eastlik Jeropa ta in massahystery, wêrby't yn 1721 in 'útbraak fan fampiere-oanfallen' yn East-Prusen plakfûn, en fan 1725 oant 1734 in noch grutteren yn Servje en oangrinzgjende gebieten, in krite dy't doe ta Keizerryk Eastenryk hearde. Twa bekende gefallen fan fampirisme wiene dy fan 'e Servyske boeren Arnold Paole en Petar Blagojević. De hystery rûn dêrby sa út 'e hân, dat yn guon gefallen grêven iepene waarden om 'e liken previntyf in staak troch it hert te slaan, wylst guon libbenen berjochte waarden op 'e oanklacht dat se eins fampieren wiene.

Geandewei de njoggentjinde iuw stoar op 'e measte plakken it leauwen yn it bestean fan fampieren út, hoewol't yn guon net-Jeropeeske kultueren it leauwen yn oare fampiereftige wêzens, lykas de Portorikaanske chupacabra, noch altyd fuortlibbet. It iere folksleauwe yn fampieren wurdt wol taskreaun oan ûnwittendheid op it mêd fan ûntbining fan it minsklik lichem nei de dea, en oan 'e manieren dêr't lju yn pre-yndustriële maatskippijen de riedseleftige feroarings fan en lûden makke troch de stoflike omskotten fan 'e ferstoarnen besochten te rasjonalisearjen.

De 'moderne fampier', in garismatysk en heechûntwikkele figuer út 'e moderne literatuer, ûntstie yn 1819 doe't de Italjaansk-Ingelske skriuwer John Polidori syn ferhaal The Vampyre publisearre. Dat wie tige súksesfol en oefene in ûnbidich grutte ynfloed út op it byld fan 'e fampier sa't dat der yn it Westerske folksbewustwêzen út kaam te sjen. It wie lykwols de roman Dracula, út 1897, fan 'e hân fan 'e Ierske auteur Bram Stoker, dy't beskôge wurdt as it meast ikoanyske fampiereferhaal. Ut it súkses fan Stoker syn horrorboek kaam yn 'e tweintichste iuw in hiel subsjenre fan literatuer, films en tillefyzjesearjes fuort. It bewiis dat de fampier yn 'e ienentweintichste iuw noch in like oansprekkend personaazje is as twa iuwen lyn, wurdt bewiisd troch it súkses fan tillefyzjeprogramma's as Buffy the Vampire Slayer, films as Interview with the Vampire en de (ek ferfilme) Twilight-romanrige fan 'e Amerikaanske skriuwster Stephenie Meyer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.