Springe nei ynhâld

Eden DD

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Eden DD
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Eden 38DD
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 septimber 1972
berteplak Louisville (Kentucky)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
gjint

Eden DD, ek wol bekend as Eden 38DD (Louisville (Kentucky), 1 septimber 1972), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2003 útein mei har karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Sûnt 2005 wurket se dêrnjonken ek as in legaal prostituee yn Nevada.

Libben en karriêre

Eden DD waard yn 1972 berne yn Louisville, yn 'e steat Kentucky. Hja wurke mear as tsien jier lang as binnendoararsjitekte foar't se nei in reis nei Las Vegas besleat dat se stripper wurde woe. Yn 2003 makke se mei 31 jier har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 35 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Wicked Pictures, Sin City en Devil's Film.

Fierders hat Eden ek in protte yn 't spier west foar de minder bekende studio Big Top Video, dy't him taleit op it meitsjen fan films fan it grutte-boarstesjenre, en foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros. Njonken har aktearwurk is Eden ek aktyf as neakenmodel en sûnt 2005 wurket se as prostituee op 'e ferneamde Moonlite Bunny Ranch, in legaal bordeel yn 'e Amerikaanske steat Nevada.

Lichemsskaaimerken

Eden DD in blank en hat read hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 75 kg, en in natuerlike kupmaat 38DD, dêr't se har skûlnamme oan ûntlient. Eden hat tatoeaazjes op 'e siden fan har búk en teffens in earsgewei boppe har stuten. Se hat piercings troch har nâle, klitoris en tonge. Yn 2011 kaam se 25 oant 30 kg oan om te wurkjen foar de webside PlumpersPass, dy't him taleit op pornografy mei grouwe froulju.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: