Springe nei ynhâld

Asia Carrera

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Asia Carrera
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Asia, Jessica Bennett,
Asia Lemmon,
Asia Carrera Lemmon
echte namme Jessica Andrea Steinhauser
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 augustus 1973
berteplak New York (New York)
etnisiteit Dútsk
Japansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19932005
offisjele webside
www.asiacarrera.com
Net te betiizjen mei Asia, in oare Amerikaanske pornoaktrise.

Asia Carrera, echte namme: Jessica Andrea Steinhauser en troch har houlik ek bekend as Asia Lemmon of Asia Carrera Lemmon (New York, 6 augustus 1973), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja brûkte ier yn har karriêre ek wol de artystenammen Jessica Bennett of koartwei Asia (net te betiizjen mei in oare aktrise mei dy namme). Carrera sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Se wie yn 'e 1990-er jierren ien fan 'e bekendere Amerikaanske pornoaktrises. Carrera wûn twaris in prestizjeuze AVN Award, wêrûnder yn 1995 dy foar artyste fan it jier. Ek waard se opnommen yn sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Yn 2005 beëinige se har karriêre.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Carrera waard yn 1973 berne yn New York as de âldste fan fjouwer bern yn it gesin fan in Dútske mem en in Japanske heit. Hja hat twa bruorren en ien suster, en waard grutbrocht yn it plak Little Silver, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Carrera siet al jong op pianoles, en mei trettjin jier fersoarge se as pianiste in optreden yn Carnegie Hall yn New York.

Carrera is hiel yntelligint, en as bern koe se op skoalle tige goed meikomme. Se folge middelber ûnderwiis oan 'e Red Bank Regional High School yn Little Silver. Doe't se sechstjin jier wie, hie se in fakânsjebaantsje as leraresse Ingelsk oan it Tsuruga Kolleezje yn it Japanske Tsuruga. Se wûn twa stúdzjebeurzen, wêrmei't nei de middelbere skoalle trochlearde oan 'e Rutgers Universiteit yn New Brunswick (Nij-Jersey). Har haadfakken wiene Japanske taal- en letterkunde en ekonomy, mar se studearre nea ôf.

Karriêre yn 'e pornoyndustry

Carrera briek 1990 har stúdzje ôf en rûn fan hûs fuort om't se net mear oer de druk koe dy't har folle-easkjende âldelju op har útoefenen. Hja wie in skoftke dakleas en begûn yn 1991, doe't se mearderjierrich waard, te wurkjen as stripper om harsels te ûnderhâlden. Doe't se hearde hoefolle jild oft der yn 'e pornoyndustry te fertsjinjen wie, ferfear se nei Los Angeles, yn Kalifornje, dêr't se fia-fia yn kontakt kaam mei pornoregisseur Bud Lee. Yn 1993, doe't se tweintich jier wie, makke Carrera har debút yn ien fan dy syn pornografyske films. Yn fraachpetearen joech se letter oan dat se har skûlnamme keas om't se heal Aziatysk is (dêrfandinne: Asia) en om't se in fan is fan 'e aktrise Tia Carrere. De einletter feroare se yn in a om gjin kâns te rinnen op auteursrjochtlike strideraasjes.

Yn har tsienjierrich wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry spile Carrera yn mear as 400 pornofilms. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) wiene it der 450, mar dêr sitte ek frijwat dûblueres by fanwegen werpublikaasjes fan âlder wurk. Carrera wurke û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Adam & Eve, Sin City, VCA Pictures, New Sensations, Elegant Angel, Digital Playground, Penthouse en it Sweedske Private. Fierders wie se ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas Jill Kelly Productions, Metro, Caballero Home Video, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Legend Video en Big Top Video. Yn 'e midden fan 'e 1990-er jierren stie Carrera inkele jierren eksklusyf ûnder kontrakt by Vivid.

Under har karriêre hat Carrera yn ien sêne spile mei kollega-aktrises as Jasmine Aloha, Brittany Andrews, Davia Ardell, Johnni Black, Bunny Bleu, Tabatha Cash, Kimberly Chambers, Vivienne Clash, Racquel Darrian, Jewel De'Nyle, Helen Duval, Jeanna Fine, Nina Hartley, Kylie Ireland, Jenna Jameson, Jessica Jewel, Julia Ann, Jill Kelly, Christi Lake, Dyanna Lauren, Shayla LaVeaux, Jordan Lee, Janine Lindemulder, Gina Lynn, Brittany O'Neil, Rocki Roads, Alexandra Silk, Sydnee Steele, Stephanie Swift, Kobe Tai, Stacy Valentine, Teri Weigel, Rebecca Wild en Kitty Yung. Fierders wurke se gear mei manlike tsjinspilers as Buck Adams, T.T. Boy, Tom Byron, Mark Davis, Jon Dough, Erik Everhard, Billy Glide, Mike Horner, Peter North, Herschel Savage, Rocco Siffredi, Joey Silvera, Michael Stefano, Tony Tedeschi, Voodoo, Vince Vouyer en Randy West.

Ien fan 'e bekendste films fan Carrera wie Babewatch, in parody op 'e aksjesearje Baywatch, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie. Yn 1998 hie Carrera in cameo (dêr't se net foar op 'e ôftiteling fermelden waard) yn 'e cultfilm The Big Lebowski, mei Jeff Bridges en John Goodman. Se spile yn dy film in aktrise yn 'e fiktive pornofilm Logjammin’. Njonken har live action-aktearwurk wie Carrera ek aktyf as stimaktrise. Se liende har stim oan personaazjes yn ferskate eroatyske hentai-animaasjefilms fan 'e Japanske filmstudio Pink Pineapple, wêrûnder Shusaku (1999) en Inmu (2001). Yn oktober 2001 wie Carrera sadwaande tegearre mei har kollega Kobe Tai earegast op it Big Apple Anime Fest yn New York.

Behalven as aktrise wie Carrera ek efter de skermen yn 'e pornoyndustry aktyf. Sa regissearre se trije pornofilms: A is for Asia (1995), wêryn't se sels ek spile en foar it earst in anale sekssêne die, en fierders Appassionata (1997), fan Adam & Eve, en Last Little Whorehouse (1997), fan New Sensations. Dêrnjonken wie Carrera by guon films ek behelle yn 'e hoedanichheid fan produsinte, senarioskriuwster en fisazjiste. Carrera wûn twaris in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry). Yn 1995 waard se as earste Aziatyske aktrise útornearre ta artyste fan it jier. En yn 2000 wûn se de priis yn 'e kategory bêste sekssêne mei in pearke, tegearre mei James Bonn, foar harren rol yn 'e film Search for the Snow Leopard. Yn 2001 waard Carrera boppedat opnommen yn 'e AVN Hall of Fame, en yn 2007 waard se ynhuldige as nij lid fan 'e XRCO Hall of Fame.

Asia Carrera op 'e set fan in pornofilm yn 2002.

Carrera loek har yn 2003, doe't se troude, út 'e pornoyndustry werom. Yn 2010 foarme hja it ûnderwerp fan 'e dokumintêre After Porn Ends, dy't oer it ferfetsjen fan in 'gewoan' libben giet nei't men pornoaktrise west hat.

Priveelibben

Op 27 febrewaris 1995 troude Carrera mei Bud Lee, in regisseur en produsint fan pornofilms. Harren houlik einige op 29 septimber 2003 yn in skieding, mar se bleaune ek neitiid befreone. Foar de formele skieding wiene se al lange tiid skieden fan tafel en bêd. Yn dy tiid hie Carrera in relaasje mei in Clarke, in earder lid fan 'e filmcrew by guon fan har films, oant syn fisum ôfrûn en hy werom moast nei Ingelân.

Op 19 desimber 2003 wertroude Carrera mei fiedingskundige en publisist Don Lemmon, wat foar har reden wie om in punt te setten efter har karriêre as pornoaktrise. Hja sette har mei har twadde man yn maart 2004 nei wenjen op Hawaï en ferhuze yn jannewaris 2005 mei him nei St. George, yn 'e steat Utah. Se krigen twa bern. In famke, Catalina, waard berne op 4 maart 2005. In jonkje, Donald Edward Lemmon III, brocht Carrera thús, sûnder help, te wrâld op 31 july 2006, wylst de froedfrou noch ûnderweis wie. Dat wie oardel moanne nei't syn heit, Don Lemmon, op 10 juny fan dat jier yn 'e omkriten fan Las Vegas omkommen wie by in auto-ûngemak. Carrera krige neitiid fan in oare man noch in soan, dy't se foar adopsje ôfstie.

Yn 2010 bychte Carrera yn har bloch op dat se nei de dea fan har man oan 'e drank rekke wie. Yn 'e twadde helte fan maart 2010 sleat se har oan by Alcoholics Anonymous en swarde se alkohol ôf.

Carrera hat in IQ fan 156, en is lid fan Mensa International, in organisaasje fan sa'n 100.000 heechbejeftige lju fan oer de hiele wrâld, dy't allegear in IQ hawwe dat harren by de heechste 2% fan 'e wrâldbefolking pleatst. Carrera is in autodidaktysk ûntwerpster fan websiden, dy't yn 1996 ek har eigen webside fan 'e grûn ôf opboude. Fierders fertsjinnet se ek mei belizzings fan oandielen op 'e effektebeurs. Op har bloch hat Carrera oanjûn dat se ynvestearder en miljardêr Warren Buffett as in held beskôget. Dêrmei konfrontearre, sei Buffett dat er it moai fûn om dat te hearren.

Carrera is in oertsjûge ateïste. Yn in fraachpetear sei se: "Wittenskip kin alles útlizze. It libben hat gjin betsjutting of doel, útsein om it bêste te wêzen yn in beskaat fakgebiet. Godstsjinst is ûnnoazel. Ast dea giest, wurdst in itensboarne foar takomstige blommen en planten." Se is ek in pastafariaan, dy't derfoar keazen hat om 'e wetlike regel bespotlik te meitsjen dy't seit dat men op 'e pasfoto yn jins rydbewiis gjin holdeksel drage mei, útsein as dat moat fan jins religy. Krekt as oare fûleindige ateïsten yn 'e Feriene Steaten en oare lannen (wêrûnder Nederlân) hat se fan dy regel gebrûk makke om op har rydbewiisfoto in gatsjepanne op 'e holle te dwaan, mei't dat moatte soe fan 'e religy fan it Fleanend Spagettymeunster.

Lichemsskaaimerken

Asia Carrera is heal blank en heal mongoloïde, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre yn 'e pornoyndustry 1.74 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en cupmaat 36C, dêr't se mids njoggentiger jierren twa boarstfergruttingsoperaasjes foar ûndergie, ien fan in lytse B-cup nei in grutte C-cup, en letter noch ien dy't har in D-cup joech. Se hie gjin tatoeaazjes en mar wol in piercing troch har lofterskamlippe.

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
1995 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise (film) Masseuse II
wûn artyste fan it jier n.f.t.
2000 AVN Award nominearre bêste aktrise (film) Search for the Snow Leopard
wûn bêste sekssêne mei in pearke (mei James Bonn) Search for the Snow Leopard
2001 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame oeuvre
2007 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame oeuvre

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.