Ashlynn Brooke
Ashlynn Brooke | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Ashlynn Brooks, Gabby | |
echte namme | Ashley Brooke | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 augustus 1985 | |
berteplak | Choctaw (Oklahoma) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 2006 – 2010 | |
offisjele webside | ||
www.ashlynnbrooke.com |
Ashlynn Brooke, echte namme: Ashley Brooke (Choctaw (Oklahoma), 14 augustus 1985), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en mainstream-filmaktrise, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Ashlynn Brooks, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Gabby. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34C. Neffens eigen sizzen is har seksuële oriïntaasje biseksueel.
Libben en karriêre
Ashlynn Brooke waard yn 1985 berne yn Choctaw, yn 'e steat Oklahoma. Se wie njoggen jier lang lid fan ferskillende cheerleaderstiims, en slagge yn maaie 2003 foar har middelbere-skoaldiploma. Neitiid wurke hja trije en in heal jier foar in twaddehâns-autoferkeaper ûnder de reek fan Oklahoma City. Om 2005 hinne posearre se foar in neakenblêd dat fêstige wie yn Oklahoma City, en letter wurke se in hoartsje as stripper yn in pleatslike stripklub.
Yn 2006, doe't se 21 jier wie, makke Brooke har debút yn in pornografyske film, wêrnei't se yn febrewaris 2007 in eksklusyf kontrakt ôfsleat mei de foaroansteande filmstudio New Sensations. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se yn har karriêre yn 113 pornofilms spile, fral foar New Sensations en it susterlabel dêrfan, Digital Sin, mar ek wol foar Zero Tolerance, ClubJenna en Platinum X Pictures. Dêrmei hat Brooke ferskate prizen wûn, wêrûnder 3 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), wylst se ek nochris 13 nominaasjes foar AVN Awards yn 'e wacht sleept hat. Njonken har aktearwurk wie Brooke ek aktyf as regisseur; datoangeande makke se yn 2009 har debút mei Ashlynn Brooke's Lesbian Fantasies 1. Yn totaal regisearre se 6 films, mei dêrûnder pornografyske ferzjes fan it mearke Readkapke (Red Riding Hood XXX) en fan stripheldinne Wonder Woman (Wonder Woman XXX: A Hardcore Parody).
Brooke hat fierders in lyts roltsje fertolkt yn 'e mainstream-horrorfilm Piranha 3D, út 2009, en de fideoklip fan it nûmer Too Drunk... fan 'e rockband Buckcherry. Yn 2010 loek Brooke har út 'e pornoyndustry werom nei't se swier wurden wie. Se ferhuze werom út Los Angeles nei Oklahoma City, dêr't se in hoart letter it libben skonk oan in dochter. Op 27 oktober 2013 troude se mei fotograaf Chad Duerksen. Nettsjinsteande it feit dat se doe al opholden wie mei aktearjen, waard Brooke yn 2011 troch de stjoerder CNBC noch útroppen ta ien fan 'e tolve populêrste pornostjerren fan 'e wrâld.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2008 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Ashlynn & Friends |
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Mark Davis) | Addicted Forever | ||
nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | nije stjer | n.f.t. | |
2009 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | My Plaything: Ashlynn Brooke |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jenna Haze) | Addicted 4 | ||
nominearre | bêste POV-sekssêne (mei Tommy Gunn) | Point Blank P.O.V. | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Hearts & Minds 2: Modern Warfare | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste trochrinnende fideosearje | Ashlynn Goes to College | ||
wûn | bêste nije searje | Ashlynn Goes to College | ||
wûn | bêste ynteraktive dvd | My Plaything: Ashlynn Brooke | ||
FAME Award | wûn | leaflingsboarsten | n.f.t. | |
Hot d'Or | nominearre | bêste Amerikaanske aktrise | Hearts & Minds 2: Modern Warfare | |
2010 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske triosekssêne (mei Devon Lee en Faye Reagan) | All About Ashlynn 2 |
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Evan Stone) | Seinfeld: A XXX Parody | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | 30 Rock: A XXX Parody | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2011 | AVN Award | nominearre | bêste aktrise | WKRP in Cincinnati: A XXX Parody |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Ashlynn Brooke
- (in) Biografy en filmografy fan Ashlynn Brooke yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|