Amy Brooke
Amy Brooke | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Amy Brook, Heather, Kaedyn | |
echte namme | Heather Schlosser | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 25 juny 1988 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
offisjele webside | ||
www.amybrookexxx.com |
Amy Brooke, echte namme: Heather Schlosser (Chicago, 25 juny 1988), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Dútsk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Heather en Kaedyn. Har hjoeddeiske skûlnamme wurdt gauris misstavere as Amy Brook. Hja sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films. Brooke hat har spesjalisearre yn sênes mei ekstreme anale seks en dûbele penetraasje. Yn 2011 wûn se de AVN Award yn 'e kategory skandalichste sekssêne.
Libben en karriêre
Amy Brooke waard yn 1988 berne yn Chicago. Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it cheerleaderstiim, en letter wurke se as servearster yn in Tilted Kilt Pub & Eatery, in saneamd "breastaurant" (in restaurant dat him foarstean lit op syn krap-klaaide servearsters). Ek hie se twa jier lang in baan yn 'e marketingsektor.
Nei't se har yn Los Angeles nei wenjen set hie, liet Brooke har ynskriuwe by LA Direct Models, ien fan 'e meast foaroansteande ympressariaten fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn 2009, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Har earste opname wie daliks in anale sekssêne, en sûnt hat Brooke har spesjalisearre yn sênes mei ekstreme anale seks en dûbele penetraasje.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn mear as 330 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Zero Tolerance, Adam & Eve, Diabolic Video, Evil Angel, Jules Jordan Video, Sin City, Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Devil's Film, New Sensations, Shane's World, Digital Sin en Red Light District.
Ek makke Brooke in film foar it Sweedske Private-label, en fierders wurke se ek wol foar minder bekende Amerikaanske filmstudio's, lykas Pure Play Media, West Coast Productions, Third Degree Films en Black Ice. Dêrnjonken wie se ek in protte yn 't spier foar pornografyske websiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, BangBros, Reality Kings, Naughty America en BlacksOnBlondes. Yn 2011 wûn Brooke mei har kollega's Allie Haze en Adrianna Nicole de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory skandalichste sekssêne. Fierders hat se troch de jierren hinne noch foar sân oare AVN Awards nominearre west.
Lichemsskaaimerken
Brooke is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 49 kg. Foar har beskieden kupmaat 34C hat se yn desimber 2010 lykwols in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien, mei't se fan natuere in B-kup hie. Dêrnjonken hat Brooke ek ympantaten yn har stuten sette litten. Se hat gjin piercings, mar wol in stikmannich tatoeaazjes.
Op har lofterskouder hat se fjouwer Sineeske karakters stean, en de Ingelske nammen fan 'e fjouwer eleminten ("earth", "air", "fire" en "water") foarmje in rjochthoeke op har rjochterskouderblêd. Fierders hat Brooke in fee op har rjochterheup, it astrologyske symboal foar it stjerrebyld kreeft oan 'e binnenkant fan har rjochterpols, in tekst yn it Arabysk-Perzyske alfabet op 'e sydkant fan har lofterfoet, de tekst "love" op har lofterpols, en de tekst "fuck you!!" oer de sydkant fan har rjochtermulfinger.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2011 | AVN Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. |
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Pat Myne) | Up Skirts 2 | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Miles Long en Pat Myne) | Up Skirts 2 | ||
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Monique Alexander, Belladonna, Charley Chase, Tara Lynn Foxx, Ann Marie Rios, Ashli Orion, Sammie Rhodes, Kristina Rose en Andy San Dimas) |
Party of Feet 2 | ||
wûn | skandalichste sekssêne (mei Allie Haze en Adrianna Nicole) | Belladonna: Fetish Fanatic 8 | ||
XRCO Award | nominearre | superslet | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Gracie Glam en Nacho Vidal) | Nacho Vidal vs. Live Gonzo |
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Marco Banderas en John Strong) | Alexis Texas: Nymphomaniac | ||
XRCO Award | nominearre | superslet | n.f.t. | |
2014 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Criss Strokes, John Strong en Mark Wood) | Pump My Ass Full of Cum 3 |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Amy Brooke
- (in) Biografy en filmografy fan Amy Brooke yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Amy Brooke yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Amy Brooke op FreeOnes
- (in) Biografyske gegevens fan Amy Brooke op Babepedia
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|