Springe nei ynhâld

Adam & Eve (bedriuw)

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Adam & Eve
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornoyndustry
haadkertier Hillsborough (Noard-Karolina)
oprjochte 1970
oprjochter Phil Harvey
Tim Black
mem PHE, Inc.
offisjele webside
www.adameve.com

Adam & Eve is in Amerikaansk bedriuw dat seksboartersguod en kondooms ferkeapet en pornografyske films produsearret. Dêrnjonken hâldt it him dwaande mei it finansierjen fan maatskiplike marketingorganisaasjes op non-profitbasis, dy't yn ûntwikkingslannen foarljochting jouwe op it mêd fan befolkingsgroei, syktebehearsking en seksueel ûnderwiis. It is fêstige yn Hillsborough, yn 'e steat Noard-Karolina, dêr't syn memme-ûndernimming, PHE, Inc., de grutste wurkjouwer yn 'e publike sektor is. Sûnt syn oprjochting yn 1970 hat Adam & Eve him ûntjûn ta ien fan 'e grutste pornografyske filmprodusinten fan Amearika, en yn 2006 waard it troch it parseburo Reuters omskreaun as ien it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret. Under de pornoaktrises dy't in kontrakt by Adam & Eve hân hawwe, binne û.m. Juli Ashton, Mari Possa, Bree Olsen, Kayden Kross, Alexis Ford en Teagan Presley.

Skiednis en aktiviteiten

Adam & Eve waard oarspronklik oprjochte troch dokter Paul Mueller en ûntwikkelingswurker Phil Harvey, as in postoarderbedriuw dat foarbehoedsmiddels ferkocht bûten de doedestiden gebrûklike medyske kanalen om. Harvey wie doe krekt weromkeard út Yndia, dêr't er fêststeld hie dat in protte maatskiplike swierrichheden yn ûntwikkelingslannen feroarsake wurde (of mei feroarsake wurde) troch minne gesinsplanning. Wylst se noch studearren oan 'e Universiteit fan Noard-Karolina, hiene Harvey en Mueller Adam & Eve betocht as in non-profitorganisaasje dêr't se projekten op it mêd fan gesinsplanning en oanbesibbe saken yn 'e Tredde Wrâld mei finansiere kinne soene. Mei tastimming fan 'e universiteit setten se nei in advertinsjekampanje yn trijehûndert fan 'e grutste Amerikaanske kranten útein mei it ferkeapjen fan kondooms fia postoarder. Dat bliek in gat yn 'e merk te wêzen.

Mei de winst dy't Mueller en Harvey makken mei de kondoomferkeap, setten se Population Services International (PSI) op, en yn 1975 wiene se gesinsplanningkampanjes begûn en mei it suteljen mei kondooms úteinset yn Banglades en Kenia. Hjoed de dei ferkeapet PSI goedkeape foarbehoedsmiddels en medisinen yn mear as sechtich lannen. Yn 1989 rjochte Harvey boppedat DKT International (DKT) op, in organisaasje dy't him njonken gesinsplanning ek dwaande hâldt mei it bestriden en foarkommen fan HIV/AIDS yn Afrika, Aazje en Latynsk-Amearika. DKT bedript himsels foar in grut part troch de ferkeap fan goedkeape foarbehoedsmiddels, mar dêrnjonken draacht Adam & Eve jiers 25% fan syn winst oan DKT oer.

Njonken syn filantropyske jildlike stipe oan beide neamde susterorganisaasjes, fungearret Adam & Eve ek as in soarte fan bank fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Want net allinnich produsearret Adam & Eve syn eigen pornofilms, mar teffens klopje konkurrearjende filmstudio's by it bedriuw oan om harren nije projekten te finansierjen. Boppedat skinkt Adam & Eve ek geregeldwei grutte bedraggen oan 'e Free Speech Coalition, in organisaasje dy't him ynset foar frijheid fan mieningsuterings yn 'e Feriene Steaten (en tsjin it besykjen fan fûnemintalistyske kristenen om pornografy yn Amearika te ferbieden).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.