Springe nei ynhâld

Aaliyah Hadid

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jan 2023 om 16.34 troch 88.66.150.96 (oerlis)
Aaliyah Hadid
persoan yn de seksyndustry
Ofbyld:Aaliyah Hadid.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lythi Ahna Barnette
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 oktober 1995
berteplak Sanford (Noard-Karolina)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Angelsaksysk Amerikaansk
Fjetnameesk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
Aaliyah Hadid op Twitter

Aaliyah Hadid, echte namme Lythi Ahna Barnette (Sanford (Noard-Karolina), 19 oktober 1995), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en escort fan mingd etnysk komôf. Hja sette ein 2016 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films.

Libben en karriêre

Hadid waard yn 1995 berne yn Sanford, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina. Hja is fan tige mingd etnysk komôf, mei Afro-Amerikaansk, Angelsaksysk Amerikaansk, Fjetnameesk en Sjeroky-Yndiaansk bloed. Hadid groeide op yn in brutsen gesin, mei in mem dy't ferslave wie oan drugs, en in heit dy't him mar komselden sjen liet. Sy en har mem ferhuzen mear as tweintich kear, en nei eigen sizzen brocht Hadid yn har jonkheid nea in fol jier yn itselde wenplak troch. Likegoed makke se as earste froulike lid fan har famylje de middelbere skoalle ôf ynstee fan swier te reitsjen en as tiner al in gesin te stiftsjen.

Nei't se slagge wie foar har eineksamens, learde Hadid troch oan 'e Universiteit fan Noard-Karolina yn Greensboro, dêr't se Spaansk, politikology en kommunikaasjekunde studearre. Dêrfoar betelle se, troch yn har frije tiid as stripper en escort te wurkjen. Nei in minne ûnderfining mei in gewelddiedige klant, dêr't se foar itselde jild it libben by ynsjitte kinnen hie, seach Hadid om har hinne nei minder gefaarlik wurk. Op it ynternet fûn se de webside Sexy Jobs, dêr't se in profyl oanmakke. Al rillegau naam der in man út Floarida kontakt mei har op, dy't har in baan oanbea. Nei't se lykwols har stúdzje ôfbrutsen hie en alhiel nei Floarida ta reizge wie, ûntdiek Hadid dat it in poaier wie, dy't har as prostituee oan it wurk hawwe woe.

Dêr gie se net op yn, mar om't se ûnderwilens finansjeel oan 'e grûn siet, begûn Hadid yn stripklubs yn Miami te dûnsjen wylst se dêr fierder socht nei better wurk. Nei in hiele rige moetings mei lju dy't allegear poaiers blieken te wêzen, ferfear se nei Fort Myers, oan 'e westkust fan it Floarida-skiereilân, dêr't se wer as escort oan it wurk gie. Koarte tiid letter naam in agint fan it modelleburo foar neakenmodellen Hussie Models kontakt mei har op en bea har in kontrakt oan. Dat oanbod griep Hadid oan, en se ferhuze nei Coral Springs (Floarida), dêr't it bedriuw fêstige wie. Al rillegau stapte se lykwols oer nei it Kalifornyske O.C. Modeling Agency, dat har yntrodusearre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Ein 2016, doe't se 21 jier wie, makke Hadid har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2018 yn mear as 110 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Devil's Film, Jules Jordan Video, Wicked Pictures en Diabolic Video. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Metro, Mile High Media en Third Degree Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Under har karriêre as pornoaktrise hat Hadid gearwurke mei kollega-aktrises as Bridgette B, Keisha Grey, Nicolette Shea, Lela Star en Misty Stone, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, Tommy Gunn, J-Mac, Sean Lawless, Keiran Lee, Logan Long, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Johnny Sins, Criss Strokes en Prince Yahshua.

Lichemsskaaimerken

Aaliyah Hadid is fan mingd rasiaal komôf, mei in ljochtbrune hûdskleur, brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 56 kg, en in beskieden kupmaat 34D, dêr't se lykwols in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Hadid hat piercings troch har earlellen, troch beide spiennen en troch har rjochternoaswjuk. Oer de lofterside fan har ribbekas hat se in grutte tatoeaazje fan in twiich fan in kersebeam mei bluossems deroan.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: