Springe nei ynhâld

Julia Bond

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 okt 2020 om 13.13 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Lichemsskaaimerken: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Julia Bond
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Julia Bombay, Julia, Rude Ruth
echte namme Noel Purdy
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 febrewaris 1987
berteplak Long Beach (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20052013
offisjele webside
www.clubjulianbond.com

Julia Bond, echte namme: Noel Purdy (Long Beach (Kalifornje), 26 febrewaris 1987), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Julia Bombay, koartwei Julia en Rude Ruth. Hja sette yn 2005 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2013 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bond waard yn 1987 berne yn Long Beach, yn it suden fan 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles.

Yn 2005, koart nei't se achttjin jier wurden wie, makke Bond har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn mear as 130 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Zero Tolerance, Jules Jordan Video, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, VCA Pictures, Red Light District, Elegant Angel, Wicked Pictures, ClubJenna, Shane's World en Adam & Eve.

Dêrnjonken wurke Bond ek wol foar minder bekende filmstudio's, lykas Mile High Media, Metro, Third Degree Films, Pure Play Media, West Coast Productions, Legend Video en T.T. Boy Productions. Ek wie se in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers, Naughty America en Blacks on Blondes. Bond waard wol de "Omslachkeninginne" (Box Cover Queen) neamd, om't se yn 'e simmer fan 2005 op safolle omslaggen fan dvd's stie. Yn 2007 en nochris yn 2008 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Njonken har aktearwurk wie Bond ek aktyf as neakenmodel en centerfold.

Op 18 maaie 2005 wie Bond op 'e Amerikaanske tillefyzje te gast yn it praatprogramma The Tonight Show, fan presintator Jay Leno. Datselde jiers wurke se as sjongster gear mei DJ Bijal oan 'e mixtape Sex Sells. Op 26 july 2006 wie se te gast yn it kontroversjele praatprogramma The Jerry Springer Show fan presintator Jerry Springer, dêr't se oan har mem opbychte dat se pornoaktrise wurden wie en 45 oant 50 pornofilms yn it jier makke. Dy ôflevering hie as titel A Porn Star and an Angry Mom ("In Pornostjer en in Lulke Mem"). Yn 2013 loek Bond har nei in karriêre fan acht jier út 'e pornoyndustry werom.

Yn in fraachpetear joech Bond oan dat se hâldt fan útgean yn nachtklubs, fan winkeljen en fan jetskyen. Hja is ek aktyf as blochster. Op 2 maaie 2015 troude se mei akteur en komyk Corey Simmons.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Julia Bond is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se mar 1.52 m lang, mei in gewicht fan 48 kg, en kupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Se hat piercings troch har earlellen, har lofternoaswjuk, beide spiennen en har klitoris, mei dêropta in nâlpiercing, in labret en in monroe-piercing.

Fierders hat Bond in grut tal tatoeaazjes: in rige kleurige stjerren yn har nekke en oer de lofterkant fan har hals; de wjukken fan in ingel op har rêch; in minsklike skedel mei de tekst "Till Death / Do Us / Part" ("Oant de dea ús skiedt") op in banier op har lofterboppe-earm; de print fan in hûnepoat op 'e boppekant fan elts fan har boarsten (yn 2011 feroare yn twa read-blauwe florals); de tekst "Daddy's Little Girl" ("Heity's lytse famke") op har ûnderrêch; de namme "William" tusken twa revolvers op har búk; de tekst "Fingaz" op har rjochterûnderearm; de tekst "West" op 'e efterkant fan har lofterankel en "Coast" op 'e efterkant fan har rjochterankel ("Westkust"); in Playboy-knyntsjesymboal boppe har rjochterankel; en in keatling mei in krús om har rjochterankel hinne.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 FAME Award nominearre grientsje fan it jier n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste P.O.V.-sekssêne POV Casting Couch 6
2008 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Aaralyn Barra, Jersey Cummings, Danae, Daryn Darby, Divine, Jamie Elle, Lena Lang,
Charlie Mac, Jasse Monroe, Mark Anthony, Lee Bang, Domineko Heffne, Sledge Hammer, Jon Jon, Sean Michaels en Nathan Threat)
Orgy World 11

Filmografy (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • All for My Ass
  • Ass Masterpiece (sêne foar Naughty America)
  • Big Cock Seductions # 23
  • Big Wet Asses # 11
  • Craving Big Cocks # 7
  • Diary of Julia Bond
  • Eighteen 'n Interracial # 18
  • Jungle Love # 5
  • Little White Slave Girls # 10
  • My Sister's Hot Friend (sêne foar Naughty America)
  • Naughty Office (sêne foar Naughty America)
  • Reality Teens # 4
  • Teen Dreams # 11
  • What An Ass

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
eigen websiden
oare websiden

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: