Ron Jeremy: ferskil tusken ferzjes
No edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 10: | Rigel 10: | ||
| stoarn = |
| stoarn = |
||
| stjerplak = |
| stjerplak = |
||
| etnisiteit =[[Ofbyld:Flag of Israel.svg|20px]] [[Joaden|Joadsk]] |
| etnisiteit = [[Ofbyld:Flag of Israel.svg|20px]] [[Joaden|Joadsk]] |
||
| wurksum as = [[pornoakteur]], [[regisseur]] |
| wurksum as = [[pornoakteur]], [[regisseur]] |
||
| jierren aktyf = [[1979]] – [[2018]] |
| jierren aktyf = [[1979]] – [[2018]] |
||
| webside = [http://ronjeremy.com ronjeremy.com] |
| webside = [http://ronjeremy.com ronjeremy.com] |
||
}} |
}} |
||
'''Ron Jeremy''', echte namme: '''Ronald Jeremy Hyatt''' ([[New York (stêd)|New York]], [[12 maart]] [[1953]]), is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[pornografysk aktrise|pornoakteur]] en -[[regisseur]] en ''mainstream''-[[akteur]] fan [[etnyske groep|etnysk]] [[Joaden|Joadsk]] komôf, dy't yn it ferline as akteur ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen R.J., Ronald Jeremy, Ron Jeremey, David Elliot en David Elliott. Ron Jeremy is ien fan meast werkenbere figueren út 'e Amerikaanske [[porno]]yndustry, en fan alle manlike pornoakteurs is er wierskynlik it measte en it fierste trochkrongen yn ''mainstream''-[[film]]s en -[[tillefyzje]]. Syn bynamme is ''The Hedgehog'' ("De Stikelbaarch"). Op 'e ranglist dy't ''[[AVN]]'', it toanoanjaande [[tydskrift]] oer de Amerikaanske pornoyndustry, gearstalde fan 'e top 50 pornostjerren aller tiden, stie hy op it earste plak. |
'''Ron Jeremy''', echte namme: '''Ronald Jeremy Hyatt''' ([[New York (stêd)|New York]], [[12 maart]] [[1953]]), is in rêstend [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[pornografysk aktrise|pornoakteur]] en -[[regisseur]] en ''mainstream''-[[akteur]] fan [[etnyske groep|etnysk]] [[Joaden|Joadsk]] komôf, dy't yn it ferline as akteur ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen R.J., Ronald Jeremy, Ron Jeremey, David Elliot en David Elliott. Ron Jeremy is ien fan meast werkenbere figueren út 'e Amerikaanske [[porno]]yndustry, en fan alle manlike pornoakteurs is er wierskynlik it measte en it fierste trochkrongen yn ''mainstream''-[[film]]s en -[[tillefyzje]]. Syn bynamme is ''The Hedgehog'' ("De Stikelbaarch"). Op 'e ranglist dy't ''[[AVN]]'', it toanoanjaande [[tydskrift]] oer de Amerikaanske pornoyndustry, gearstalde fan 'e top 50 pornostjerren aller tiden, stie hy op it earste plak. |
||
==Libben== |
==Libben== |
De ferzje fan 19 jan 2023 om 15.28
Ron Jeremy | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Ronald Jeremy, Ron Jeremey, R.J., David Elliot, David Elliott | |
echte namme | Ronald Jeremy Hyatt | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 maart 1953 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur, regisseur | |
jierren aktyf | 1979 – 2018 | |
offisjele webside | ||
ronjeremy.com |
Ron Jeremy, echte namme: Ronald Jeremy Hyatt (New York, 12 maart 1953), is in rêstend Amerikaansk pornoakteur en -regisseur en mainstream-akteur fan etnysk Joadsk komôf, dy't yn it ferline as akteur ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen R.J., Ronald Jeremy, Ron Jeremey, David Elliot en David Elliott. Ron Jeremy is ien fan meast werkenbere figueren út 'e Amerikaanske pornoyndustry, en fan alle manlike pornoakteurs is er wierskynlik it measte en it fierste trochkrongen yn mainstream-films en -tillefyzje. Syn bynamme is The Hedgehog ("De Stikelbaarch"). Op 'e ranglist dy't AVN, it toanoanjaande tydskrift oer de Amerikaanske pornoyndustry, gearstalde fan 'e top 50 pornostjerren aller tiden, stie hy op it earste plak.
Libben
Jonkheid
Jeremy waard berne yn in gesin út 'e middenklasse yn 'e Newyorkske wyk Queens. Syn heit, Arnold Hyatt, wie in apteker, wylst syn mem in redakteur by in útjouwerij wie, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch foar de OSS (de foarrinder fan 'e CIA) wurke hie om't se floeiend Dútsk en Frânsk spriek. Jeremy folge de middelbere skoalle oan 'e Cardozo High School yn 'e Queenske buert Bayside, dêr't er yn 'e klasse siet by akteur Reginald VelJohnson en CIA-direkteur George Tenet. Nei't er slagge wie foar syn skoaleksamen folge er in oplieding oan it Queens College, City University of New York, en behelle dêr bachelorstitels yn ûnderwiiskunde en teäter en in masterstitel yn bysûnder ûnderwiis. Dêrop fûn er wurk as learaar yn it bysûnder ûnderwiis yn New York-Stêd, en dêrnjonken as ynfallearkrêft yn it gewoane ûnderwiis.
Pornokarriêre
Jeremy joech syn wurk as learaar deroan om syn wiere passy, aktearjen, nei te jeien. Hy koe lykwols sa goed as gjin wurk fine, en rekke alhiel ta reapsein. Om dochs wat te fertsjinjen, besleat er om neaken te posearjen foar it tydskrift Playgirl, nei't syn doetiidske freondinne syn foto dêrhinne opstjoerd hie en der fan 'e kant fan it blêd in positive reäksje weromkaam. Fia fia kaam er dêrnei yn 1979 yn 'e pornoyndustry telâne, wêrby't er ûnder syn foar- en middelnamme begûn te wurkjen. Nei de fotorapportaazje yn 'e Playgirl, waard syn beppe Rose (dy't yn it tillefoanboek as R. Hyatt fermeld stie) nammentlik de hiele dei en nacht opbelle troch wyldfrjemde manlju dy't kontakt mei Ron Hyatt sochten. Neffens Jeremy gie it sa bot dat syn beppe in moanne net yn har appartemint ferkeare koe. Syn heit sei tsjin him: "Asto dy sa nedich mei dy neakene idiotery ynlitte moast, dan moast mar dwaan watst net litte kinst, mar ast ús famyljenamme noch ien kear brûkste, dan meitsje ik dy ôf!"
Syn bynamme The Hedgehog krige Jeremy doe't er yn 1979 foar de opnames fan 'e pornografyske film Olympic Fever fan New York oerkaam nei Lake Arrowhead, yn 'e steat Kalifornje. Jeremy hie waarm waar ferwachte, en arrivearre yn in T-shirt en koarte broek, mar ûnder syn ritsje op 'e motor nei de filmset sloech it waar om en barste der in wiere sniestoarm los. Hy kaam frijwol ûnderkuolle op 'e set oan, en waard daliks ûnder de waarme dûs treaun. Doe't er dêr wer ûnderwei kaam, hie syn hûd troch de grutte temperatuerferskillen in felrôze kleur oannommen, wylst it hier oer syn hiele lichem rjocht razend oerein stie, sadat er wol wat wei hie fan in stikelbaarch. Der wurdt gauris tocht dat de bynamme slacht op syn taname yn gewicht, mar dat is net wier, want doedestiden wie Jeremy noch sa fit as wat.
Jeremy stiet yn it Guiness Book of World Records as rekôrhâlder foar it grutste tal spile rollen yn pornofilms. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat er ûndewilens (neijier 2013) as akteur meiwurke oan 2.205 pornografyske films, sij it net altiten yn pornografyske rollen. As regisseur wie Jeremy tusken 1980 en 2009 aktyf, en op dat mêd wied er ferantwurdlik foar 284 pornofilms. Dêrby betsjinne er him fan in wiid ferskaat oan skûlnammen: Bill Blackman, B. Ron Eliot, Dave Elliott, David Elliot, Lance Jeremy, Umberto Lenzi, Barry Morrison, Anthony Pearl, Nicholas Pera, Norm L. Pera, Ron Pighead, Norm Prestissimo, Ron Prestissimo en Ron Presto. Yn 'e Amerikaanske pornoyndustry stiet er bekend om syn gefoel foar humor, dat him tegearre mei syn grutte penis tige populêr makke hat, en fierders om it feit dat hy as iennichste manlike pornoakteur ea syn ejakulaasje sekuer oankundigje kin troch op in beskaat stuit te begjinnen mei fan tsien ôf werom te tellen nei nul. Jeremy is meitiid nochal wat oanwûn yn lichemsgewicht, en dêrby is ûnderwilens sechstich jier âld (mar noch altyd as pornoakteur aktyf). Sadwaande giet yn 'e pornoyndustry wol de grap om dat de dingen dy't guon aktrises te kinky fine, binne: sado-masogisme, seks mei bisten en seks mei Ron Jeremy. Likegoed hat Jeremy troch de jierren hinne 3 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst er der noch 9 oare kearen foar nominearre west hat. Njonken in bulte oare prizen is er ek ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Teffens hat er in eigen stjer krigen op it Adult Star Path of Fame, yn Edison, yn 'e steat Nij-Jersey.
Njonken syn aktearwurk is Jeremy ek de wurdfierder foar de pornografyske webside HotMovies.com, dêr't men tsjin betelling per minút pornofilms sjen kin. As ûnderdiel fan syn ferplichtings reizget er yn dy hoedanichheid elts jier yn Noard-Amearika en Jeropa de grutste eroatyske beurzen ôf. Yn 2009 iepenen Jeremy en syn sakepartner Paul Smith yn Portland, yn 'e steat Oregon, Ron Jeremy's Club Sesso, in nachtklub dy't bedoeld is foar swingers. Fierders hat Jeremy syn namme ek liend foar in rummerk "Ron de Jeremy" (ron is ek Spaansk foar "rum").
Mainstream-karriêre
Ron Jeremy hat nei alle gedachten it grutste tal crossovers nei mainstream-films en -tillefyzje op syn namme stean fan alle Amerikaanske pornostjerren. Sa wurke er bygelyks as "bysûnder adviseur" (special consultant) foar de Hollywood-kaskreaker 9½ Weeks (1986), mei Kim Basinger en Mickey Rourke, en de film Boogie Nights (1997), mei Mark Wahlberg. Fierders figurearre er yn 'e film Ghostbusters en hied er lytse roltsjes yn in ferskaat oan oare mainstream-films, wêrûnder They Bite (1996), The Boondock Saints (1999), Spun (2002), Zombiegeddon (2003) en Finishing the Game (2007). Yn 2003 spile er himsels yn 'e komeedzje Being Ron Jeremy, in parody op it bekendere Being John Malkovich.
Gauris binne syn rollen feitliks lytse byroltsjes wêryn't er himsels spilet, wêrby't selsspot him dan yn 'e regel net frjemd is. Foarbylden binne Crank: High Voltage (2009), wêryn't er himsels as demonstrant tsjin 'e lege salarissen fan manlike pornoakteurs spilet, en One-Eyed Monster (2009), in horrorparody wêryn't syn penis oernommen wurdt troch bûtenierdske wêzens en dan lju begjint te fermoardzjen. Ek wie Jeremy it ûnderwerp fan in oardel oere duorjende dokumintêre út 2001, mei as titel Porn Star: The Legend of Ron Jeremy. Dêrút kaam û.m. nei foarren dat er no miljonêr is, mar dat er sa sunich (of deun) is, dat er noch altiten elts dûbeltsje fiif kear omdraait ear't er it útjout. Sa brûkt er leaver jiskepûden om syn bagaazje yn te ferfieren, as dat er in koffer keapet.
Ek op 'e tillefyzje wie Jeremy yn in ferskaat oan programma's te sjen, fan Amerikaanske realityshow The Surreal Life, wêryn't er freonskip sleat mei evangeliste Tammy Faye Bakker en op it twadde plak einige, krekt efter aktrise Traci Bingham, oant it Britske praatprogramma The Frank Skinner Show, wêryn't er mei de eardere Britske minister Mo Mowlam in duët ten gehoare brocht fan it Sonny en Cher-nûmer I Got You Babe.
Teffens figurearret Jeremy allegeduerigen yn fideoklips fan popnûmers, û.m. fan A Day to Remember, Armin van Buuren, Christina Linhardt, Escape The Fate, Everclear, Flight of the Conchords, Guns N' Roses, Insane Clown Posse, Kid Rock, LMFAO, Los Umbrellos, Mad Yellow Sun, Mercury Rev, My Darkest Days, Moby, Necro, de Radioactive Chickinheads, Sam Kinison, Steel Panther, Sublime en de Iislânske band XXX Rottweiler Hundar. Boppedat hat er yn 1996 sels ek in rapsingle útbrocht, ûnder de titel Freak of the Week, dy't it ta plak 95 brocht op 'e top 100 fan rapnûmers (gearstald troch it tydskrift Billboard), en 27 wiken lang yn dy ranglist stean bleau.
Fierdersoan waard Jeremy yn ferskate fideospultsjes opnommen as in spylber personaazje, wylst er ek figurearre yn fideo's op it ynternet. Hy hat twaris reklame makke foar bistebeskermingsorganisaasje PETA, ienris foar humanere slachtmetoaden by de fastfood-keatling KFC, en ienris tsjin oerpopulaasje fan húsdieren. (Op dy lêste reklameposter leit Jeremy healneaken en mei hanboeiens om op in bêd, mei dêrûnder it boadskip: "Tefolle seks is net goed. Sterilisearje en kastrearje jimme katten en hûnen!") Yn 2007 kaam by útjouwerij HarperCollins Publishers Jeremy syn autobiografy út, mei as titel: Ron Jeremy: The Hardest (Working) Man in Showbiz ("Ron Jeremy: De Hurdste (Wurkjende) Man yn 'e Showbusiness").
Priveelibben
Jeremy is net troud, en hat (foarsafier bekend) gjin bern. Op 29 jannewaris 2013 ried er himsels nei it sikehûs ta mei slimme pine yn it boarst. By ûndersyk waard in aneurisma deunby syn hert ûntdutsen, dat hy waard de oare deis daliks operearre. Trije wiken letter waard er út it sikehûs ûntslein, wêrby't er oan 'e gearkommen parse syn groeden sjen liet en úthold dat er ûnder syn opnametiid 22½ kg ôffallen wie. Ek fertelde er dat er fan doel wie om tenei sûner te iten. Neffens de New York Daily News seid er: "Sûn iten ite is deprimearjend, mar it hâldt my wol yn libben. Us heit is 94 en noch sa sûn as fisk. Hy is lulk op my wurden om't ik dit barre litten haw. Hy makket gauris it grapke dat hy en ús mem my in poerbêst lichem jûn hawwe en dat ik it fertutearzje litten haw."
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar syn optreden yn |
---|---|---|---|---|
1984 | AFAA Award | wûn | bêste byrol fan in akteur | Suzie Superstar |
1985 | AFAA Award | wûn | bêste byrol fan in akteur | All the Way In! |
XRCO Award | nominearre | bêste orgastyske orale sêne (mei Tanya Lawson) | All the Way In! | |
wûn | bêste orgastyske orale sêne (mei Little Oral Annie) | Succulent | ||
1986 | AVN Award | wûn | bêste byrol fan in akteur (film) | Candy Strippers II |
1991 | AVN Award | wûn | bêste byrol fan in akteur (fideo) | Playin' Dirty |
XRCO Award | ynhuldige | XRCO Hall of Fame | n.f.t. | |
1996 | FSC Award | wûn | Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis) | n.f.t. |
2003 | AVN Award | nominearre | bêste byrol fan in akteur (fideo) | Burnin' Love |
Grabby Award | nominearre | bêste net-pornografyske rol | Police Academy | |
2004 | FICEB Ninfa Award | wûn | bêste akteur | Magic Sex Genie |
2005 | XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. |
2006 | FAME Award | wûn | favorite pornoakteur | n.f.t. |
2007 | AVN Award | nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. |
XRCO Award | wûn | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. | |
2008 | AVN Award | nominearre | bêste net-pornografyske rol | Operation Desert Stormy |
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. | ||
Big Daddy Award | wûn | Big Daddy Award | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. | |
2009 | AVN Award | nominearre | bêste net-pornografyske rol | Dark City |
nominearre | de Jenna Jameson Crossover-stjer fan it Jier | n.f.t. | ||
FSC Award | wûn | Positive Image Award | n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | de Jenna Jameson Crossover-stjer fan it Jier | n.f.t. |
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei 15 oaren) | Rocki Whore Picture Show: A Hardcore Parody |
nominearre | bêste net-pornografyske rol | Justice League of Porn Star Heroes | ||
wûn | de Jenna Jameson Crossover-stjer fan it Jier | n.f.t. | ||
2013 | Kyri Michael Award | wûn | Kyri Michael Award | n.f.t. |
Sex Award | wûn | Lifetime Achievement Award ("Oeuvrepriis") | n.f.t. |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Ron Jeremy
- (in) Offisjele webside fan Ron Jeremy's Club Sesso
- (in) Biografy en filmografy fan Ron Jeremy yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Ron Jeremy yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|