Wesley Snipes
Wesley Snipes (folút: Wesley Trent Snipes; Orlando, 31 july 1962), is in Amerikaansk akteur, filmprodusint en fjochtsportbeoefener fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy briek yn 1989 troch mei syn byrol yn 'e honkbalfilm Major League en waard dêrnei fral bekend mei syn haadrollen yn aksjefilms as Passenger 57, Rising Sun, Murder at 1600 en U.S. Marshals. Yn 1998 spile Snipes it personaazje Blade, basearre op in stripfiguer út 'e stâl fan Marvel Comics, yn 'e fantasyfilm Blade, en sûnt is syn namme dêr ûnskiedber mei ferbûn. Yn 2008 waard er feroardiele foar belestingûntdûking, en fan 2010 oant 2013 siet er dêrfoar yn it tichthûs.
Wesley Snipes | ||
akteur | ||
Wesley Snipes yn 2009. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wesley Trent Snipes | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 july 1962 | |
berteplak | Orlando (Floarida) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1986 – 2010 & 2013 – no | |
offisjele webside | ||
Wesley Snipes yn 'e IMDb |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeWesley Snipes waard yn 1962 berne yn Orlando, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, as de soan fan Wesley Rudolph Snipes, in loftfeartboukundige, en dy syn frou Maryann Long, in klasse-assistinte. Hy groeide op yn 'e rûge New Yorkske borough The Bronx, dêr't er it grutste part fan syn middelbere-skoaltiid trochbrocht. Nei't er mei syn âlden weromferhuze wie nei Orlando, slagge er dêr foar syn eineksamens oan 'e Jones High School. Neitiid learde Snipes fierder oan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Purchase en ek oan it Súdwestkolleezje yn Los Angeles.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeDoe't er 23 jier wie, waard Snipes ûntdutsen troch in agint út 'e filmyndustry wylst er meidie oan in wedstryd. Hy makke syn debút as akteur yn 'e film Wildcats, in Goldie Hawn-fehikel út 1986. Letter dat jier hied er in lyts roltsje yn 'e populêre plysjesearje Miami Vice, en yn 1987 spile er de aartsfijân fan popsjonger Michael Jackson yn dy syn troch topregisseur Martin Scorsese makke fideoklip Bad. Hoewol't er mei Bad de oandacht loek fan regisseur Spike Lee, dy't him frege foar in lyts roltsje yn syn komeedzjedrama Do the Right Thing, sloech Snipes dat oanbod ôf om ynstee de (gruttere) byrol fan Willie Mays Hayes foar syn rekken te nimmen yn 'e fermaaklike honkbalfilm Major League, mei Tom Berenger en Rene Russo yn 'e haadrollen. Mei dy film, dy't yn 1989 útkaam, briek Snipes troch.
Neitiid spile er û.m. de jazz-saksofonist Shadow Handerson yn Spike Lee syn Mo' Better Blues (1990) en in travestyt yn To Wong Foo, Thanks for Everything! Julie Newmar (1995). Teffens wied er te sjen yn in dramafilms as The Waterdance (1992) en komeedzjefilms lykas White Men Can't Jump (1992). Snipes waard lykwols fral bekend mei syn haadrollen yn aksjefilms, wêrûnder Passenger 57 (1992), mei Halle Berry; Rising Sun (1993), mei Sean Connery; Demolition Man (1993), mei Sylvester Stallone; Money Train (1995), mei Woody Harrelson en Jennifer Lopez; Murder at 1600 (1997), mei Diane Lane; en U.S. Marshals (1998), mei Tommy Lee Jones.
Yn 1997 wûn Snipes op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje de Coppa Volpi foar bêste akteur foar syn optreden fan dat jier yn 'e film One Night Stand. It jiers dêrop, yn 1998, belibbe er syn grutste kommersjele súkses mei de titelrol yn 'e fantasyfilm Blade, dy't basearre is op in stripferhaal fan Marvel Comics. It giet oer in "deirinner" (daywalker), in persoan mei de boppeminsklike krêften fan in fampier, dy't lykwols gjin fampier is, en krekt de striid oanbynt mei dy kweadaardige wêzens. Dy film wie sa súksesfol dat er it begjin fan in mediafranchise waard, mei it ferfolch Blade II dat yn 2002 útkaam, en diel trije Blade: Trinity út 2004.
Tsjin dy tiid wie Snipes ek úteinsetten mei it produsearjen fan films, en hoewol't (of miskien wol omdat) er as produsint by it meitsjen fan Blade: Trinity belutsen wie, ûntstie der rûzje tusken him, filmstudio New Line Cinema en regisseur David S. Goyer. Snipes hold út dat syn salaris nea folslein betelle wie, dat er mei opsetsin bûten de casting fan 'e oare akteurs holden wie, en dat de byldtiid fan syn personaazje sûnder syn goedfinen beheind wie yn it foardiel fan syn tsjinspilers Ryan Reynolds en Jessica Biel. It spul rûn sels út op in rjochtsaak, al koe de ûnienichheid letter sust wurde, sadat it úteinlik binnenskeamers ta in (geheim holden) skikking kaam.
Nei't Snipes syn finzenisstraf útsitten hie, makke er yn 2014 in comeback as Doc Death yn 'e aksjefilm The Expendables 3. Hy spile ek akteur en regisseur D'Urville Martin yn 'e biografyske film Dolemite Is My Name, mei Eddie Murphy yn 'e haadrol as komyk Rudy Ray Moore. Yn 2021 wurke Snipes op 'e nij gear mei Murphy, doe't er de rol fan 'e antagonist generaal Izzi spile yn 'e komeedzje Coming 2 America.
Fjochtsport
bewurkje seksjeSnipes is in ekspêr yn ferskate fjochtsporten. Syn training dêryn begûn er doe't er tolve jier wie. Hy hat in fyfdegraads swarte bân yn shokotan-karate en in twaddegraads swarte bân yn hapkido. Fierders is er ek traind yn 'e Brazyljaanske fjochtsport/dûnsfoarm capoeira en ferskate oare dissiplines, lykas de Sineeske fjochtsport kung fu en de Brazyljaanske foarm fan jiu jiutsu. Mei syn broer runt Snipes in bedriuw dat befeiligingsminsken en liifwachten traind foar filmstjerren en oare pommeranten, ûnder de namme Amen-Ra, wat ek de namme is fan syn eigen filmstudio.
Priveelibben
bewurkje seksjeSnipes waard kristlik grutbrocht, mar bekearde him yn 1978 ta de islaam. Tsien jier letter, yn 1988, kearde er him ek fan dy godstsjinst ôf. Der binne oanwizings (lykas de namme fan syn bedriuwen en de nammen fan syn bern) dat er him oanlutsen fielt ta it kemetisme, it Egyptyske heidendom.
Snipes wie fan 1985 oant 1990 troud mei April Dubois, mei wa't er in soan krige, Jelani Asar Snipes (1988). Yn 2003 wertroude Snipes mei de keunstskilderesse Nakyung "Nikki" Park, mei wa't er fjouwer bern hat: soan Akhenaten Kihwa-T Snipes, dochter Iset Jua-T Snipes (2001), soan Alaafia Jehu-T Snipes (2004) en soan Alimayu Moa-T Snipes (2007). It gesin wennet in diel fan 'e tiid yn Park har heitelân Súd-Koreä, dat Snipes syn "twadde thúslân" neamd hat.
Belestingûntdûking
bewurkje seksjeOp 12 oktober 2006 waarden Snipes, Eddie Ray Kahn en Douglas P. Rosile oanklage foar gearspanning om it regear fan 'e Feriene Steaten te bestellen (troch mei ferfalske gegevens oanspraak te meitsjen op foar miljoenen oan belestingweromjeften), it willensmoeds opjaan fan falske gegevens en seis ûnderskate gefallen fan belestingûntdûking. Yn reäksje hold Snipes út dat er in net yn 'e Feriene Steaten wenjend bûtenlanner is, hoewol't er yn wurklikheid sawol de Amerikaanske nasjonaliteit hat as yn 'e Feriene Steaten wennet. Fierders bewearde er dat der in foarbyld fan him makke waard fanwegen syn ferneamdens.
Nei in rjochtsaak dy't twa jier duorre, waard Snipes úteinlik op 1 febrewaris 2008 frijsprutsen fan 'e oanklachten fan gearspanning en it willensmoeds opjaan fan falske gegevens, mar skuldich befûn oan trije fan 'e seis gefallen fan belestingûntdûking. Op 24 april 2008 waard er sadwaande feroardiele ta trije jier finzenisstraf. (Syn mei-fertochten Kahn en Rosile waarden op alle punten skuldich befûn en krigen tsien, resp. fjouwer en in heal jier sel.) Yn heger berop waard it fûnis befêstige, wylst it Amerikaanske Heechgerjochtshôf Snipes syn berop net yn behanneling nimme woe. Snipes melde him dêrom op 9 desimber 2010 by de plysje en brocht krapoan twa en in heal jier troch yn in federaal tichthûs yn Pennsylvania. Hy kaam op 2 april 2013 omreden fan goed gedrach betider frij.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1984 | All My Children | Marty | gastrol; ôfl. #1.3877 |
1986 | Miami Vice | Silk | gastrol; ôfl. Streetwise |
1987 | Vietnam War Story | Bookman | gastrol; ôfl. An Old Ghost Walks the Earth |
1989 | A Man Called Hawk | Nicholas Murdock | weromkearende rol; ôfl. Choice of Chance en A Time and a Place |
1989 | The Days and Nights of Molly Dodd | Hood | gastrol; ôfl. Here's Why You Should Always Make Your Bed in the Morning |
1990 | H.E.L.P. | plysjeman Lou Barton | weromkearende rol; 6 ôfl. |
1996 | America's Dream | George Du Vail | tillefyzjefilm |
1997 | Happily Ever After: Fairy Tales for Every Child | de Rottefanger fan Hamelen | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Pied Piper |
1998 | Masters of the Martial Arts Presented by Wesley Snipes | n.f.t. | as presintator; ek tillefyzjeprodusint; tillefyzjespecial |
1998 | Futuresport | Obike Fixx | ek tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm |
2000 | Disappearing Acts | Franklin Swift | ek tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm |
2001 | Dr. Ben | n.f.t. | tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm |
2003 | The Bernie Mac Show | Duke | gastrol; ôfl. Bernie Mac Rope-a-Dope |
2015 | The Player | Johnson | weromkearende rol; 9 ôfl. |
2019 | What We Do in the Shadows | Wesley | gastrol; ôfl. The Trial |
2021 | Paper Empire | Damon Moore | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2021 | True Story | Carlton | weromkearende rol; 7 ôfl. |
films | |||
1986 | Wildcats | Trumaine | |
1986 | Streets of Gold | Roland Jenkins | |
1987 | Critical Condition | ambulânsesjauffeur | |
1989 | Major League | Willie Mays Hayes | |
1990 | King of New York | resjersjeur Thomas Flanigan | |
1990 | Mo' Better Blues | Shadow Handerson | |
1991 | New Jack City | Nino Brown | |
1991 | Jungle Fever | Flipper Purify | |
1992 | The Waterdance | Raymond Hill | |
1992 | White Men Can't Jump | Syd Deane | |
1992 | Passenger 57 | John Cutter | |
1993 | Boiling Point | spesjaal agint Jimmy Mercer | |
1993 | Rising Sun | ynspekteur Web Smith | |
1993 | Demolition Man | Simon Phoenix | |
1994 | Sugar Hill | Rome Skuggs | |
1994 | Drop Zone | U.S. marshal Pete Nessip | |
1995 | To Wong Foo, Thanks for Everything! Julie Newmar | Noxeema Jackson | |
1995 | Money Train | plysjeman John Robinson | |
1995 | Waiting to Exhale | James Wheeler | cameo |
1996 | The Fan | Bobby Rayburn | |
1996 | John Henrik Clarke: A Great and Mighty Walk | n.f.t. | as filmprodusint; dokumintêre |
1997 | Murder at 1600 | resjersjeur Harlan Regis | |
1997 | One Night Stand | Max Carlyle | |
1998 | U.S. Marshals | Mark J. Sheridan / Mark Roberts / Mark Warren | |
1998 | The Big Hit | n.f.t. | as filmprodusint |
1998 | Down in the Delta | Will Sinclair | ek filmprodusint |
1998 | Blade | Eric Brooks / Blade | ek filmprodusint |
1999 | Play It to the Bone | fan op earste rige | cameo |
2000 | The Art of War | spesjaal agint Neil Shaw | ek filmprodusint |
2002 | Liberty Stands Still | Alex / Joe | |
2002 | Zig Zag | Dave Fletcher | |
2002 | Blade II | Eric Brooks / Blade | ek filmprodusint |
2002 | Undisputed | Monroe "Undisputed" Hutchens | ek filmprodusint |
2004 | Unstoppable | spesjaal agint Dean Cage | |
2004 | Blade: Trinity | Eric Brooks / Blade | ek filmprodusint |
2005 | 7 Seconds | Jack Tulliver | direkt-op-fideo útbrocht |
2005 | The Marksman | Enter "The Marksman" Painter | direkt-op-fideo útbrocht |
2005 | Chaos | Lorenz / Jason York | direkt-op-fideo útbrocht |
2006 | The Detonator | spesjaal agint Sonni Griffith | direkt-op-fideo útbrocht |
2006 | Hard Luck | Lucky | direkt-op-fideo útbrocht |
2007 | The Contractor | spesjaal agint James Jackson Dial | direkt-op-fideo útbrocht |
2008 | The Art of War II: Betrayal | spesjaal agint Neil Shaw | direkt-op-fideo útbrocht |
2009 | Brooklyn's Finest | Casanova "Caz" Phillips | |
2010 | Game of Death | spesjaal agint Marcus Jones | direkt-op-fideo útbrocht |
2012 | Revelations of the Mayans: 2012 and Beyond | n.f.t. | as filmprodusint; dokumintêre |
2012 | Gallowwalkers | Aman | direkt-op-fideo útbrocht |
2014 | The Expendables 3 | Doctor "Doc" Death | |
2015 | Chi-Raq | Sean "Cyclops" Andrews | |
2017 | The Recall | The Hunter | ek filmprodusint |
2017 | Armed Response | Isaac | ek filmprodusint; direkt-op-fideo útbrocht |
2019 | Dolemite Is My Name | D'Urville Martin | |
2020 | Cut Throat City | Lawrence | |
2021 | Coming 2 America | generaal Izzi | |
20?? | Back on the Strip | Luther "Mr. Big" | |
fideoklips | |||
1987 | Bad | Mini Max | fan Michael Jackson, regissearre troch Martin Scorsese |
fideospultsjes | |||
1994 | Demolition Man | Simon Phoenix | live-action |
2011 | Julius Styles: The International | Julius Styles | as stimakteur |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|