George Kennedy
George Kennedy (folút: George Harris Kennedy jr.; New York, 18 febrewaris 1925 – Middleton (Idaho), 28 febrewaris 2016) wie in Amerikaansk akteur en skriuwer fan mingd Dútsk, Iersk en Ingelsk etnysk komôf, dy't yn mear as twahûndert films en tillefyzjeprogramma's spile. Hy fertolke in breed skala oan rollen, en wûn yn 1967 in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol. By in jonger publyk stied er benammen bekend as haadynspekteur Ed Hocken, de gauris ta wanhoop dreaune sjef fan ynspekteur Frank Drebin (Leslie Nielsen) yn 'e Naked Gun-trilogy. Njonken syn aktearkarriêre skreau Kennedy twa misdieromans en in autobiografy.
George Kennedy | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | George Harris Kennedy jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18 febrewaris 1925 | |
berteplak | New York (New York) | |
stoarn | 28 febrewaris 2016 | |
stjerplak | Middleton (Idaho) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Ingelsk | |
jierren aktyf | 1927 – 1943 & 1955 – 2015 | |
prizen | Oscar 1967 | |
offisjele webside | ||
George Kennedy yn 'e IMDb |
- Dizze side giet oer de akteur George Kennedy. Foar oare betsjuttings, sjoch: George Kennedy (betsjuttingsside).
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeKennedy waard yn 1925 berne yn New York, as telch út in laach fan artysten. Syn heit, George Harris Kennedy sr., wie in muzikant en orkestlieder mei Ierske en Ingelske woartels, dy't stoar doe't Kennedy sels noch mar fjouwer jier wie. Hy waard sadwaande grutbrocht troch syn mem, Helen A. Kieselbach, in balletdûnseresse fan Dútsk komôf. Kennedy makke syn debút as toanielakteur doe't er twa jier âld wie, en letter yn syn jonkheid wied er aktyf as harkspulakteur. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er fan 1943 ôf yn it Amerikaanske Leger, dêr't er by de legerradiostjoerder wurke.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeNei ôfrin fan 'e oarloch bleau Kennedy oant 1959 yn militêre tsjinst. As ûnderdiel fan syn wurk foar it Foarljochtingsburo fan it Amerikaanske Leger wied er yn 'e 1950-er jierren as technysk adviseur belutsen by de tillefyzjesearje The Phil Silvers Show, wêryn't er, dêrta oanfitere troch Phil Silvers sels, ek in weromkearende rol as militêre plysje fertolke. Nei't er ôfswaaid wie, sette Kennedy om 1960 hinne serieus útein mei in karriêre as akteur. Datselde jiers hied er in hiel lyts roltsje yn 'e histoaryske dramafilm Spartacus, oer de Slave-opstân fan Spartakus yn it Romeinske Ryk.
Syn earste gruttere rol hie Kennedy yn 'e film The Little Shepherd of Kingdom Come (1961). Yn 'e 1960-er jierren hied er fierders rollen yn ferskate grutte Hollywood-produksjes, wêrûnder de westernfilms Lonely Are the Brave (1962), The Sons of Katie Elder (1965), Bandolero! (1968) en Guns of the Magnificent Seven (1969), de romantyske komeedzje Charade (1963), de skriller Strait-Jacket (1964), de dramafilm The Flight of the Phoenix (1965) en de oarlochsfilms Shenandoah (1965) en The Dirty Dozen (1967). Yn 1967 wûn Kennedy in Oscar foar de bêste manlike byrol mei syn rol yn 'e film Cool Hand Luke as Dragline, in ta twangarbeid feroardiele finzene dy't earst in hekel hat oan it titelpersonaazje (spile troch Paul Newman), mar him úteinlik as in soarte fan idoal begjint te sjen. Foar dy rol waard er ek nominearre foar in Golden Globe yn deselde kategory.
Yn dyseldichste snuorje hie Kennedy gastrollen yn withoefolle tillefyzjesearjes, wêrûnder in protte westernsearjes, lykas Gunsmoke, Rawhide, Bonanza, The Virginian, The Big Valley, Laredo, The Legend of Jesse James en Daniel Boone. Ek wied er te sjen yn 'e komeedzjesearjes The Andy Griffith Show en McHale's Navy en de rjochtbankdramasearje Perry Mason. Kennedy hie de haadrol as pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavanaugh yn 'e detektivesearje Sarge (1971) en as Bumper Morgan yn 'e plysjesearje The Blue Knight (1975).
Yn 1970 spile er de rol fan Joe Patroni yn 'e bekroande rampefilm Airport, wêrfoar't er jitris nominearre waard foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste manlike byrol. Kennedy kearde noch trije kear yn dyselde rol werom, yn 'e ferfolchfilms Airport 1975 (1974), Airport '77 (1977) en The Concorde... Airport '79 (1979). Yn 'e 1970-er jierren wurke er ek gear mei John Wayne, yn 'e westernfilm Cahill, U.S. Marshal (1973), en mei Clint Eastwood, yn 'e lichtfuottige roadmovie Thunderbolt and Lightfoot (1974) en de spionaazjeskriller The Eiger Sanction (1975). Fierders wied er yn 1974 te sjen yn 'e rampefilm Earthquake, mei û.o. Charlton Heston en Ava Gardner, en yn 1978 spile er yn 'e detektivefilm Death on the Nile, mei û.m. David Niven en Peter Ustinov.
Yn 1984 wie Kennedy de tsjinspiler fan Bo Derek yn 'e flop Bolero. Neitiid makke er noch ferskate oare mindere films, lykas Savage Dawn (1985), The Delta Force (1986) en The Gunfighters (1987), foar't er yn 1988 min ofte mear by tafal nij súkses fûn mei de kaskreaker The Naked Gun: From the Files of Police Squad! Dat wie in slapstickeftige komeedzjefilm wêryn't Kennedy de rol fan haadynspekteur Ed Hocken spile, dy't by fleagen ta wanhoop dreaun wurdt troch de nuvere eksploaten fan syn knoffelige ûnderhearrige, ynspekteur Frank Drebin, spile troch Leslie Nielsen. Kennedy kearde noch twaris werom as Hocken foar de beide ferfolchfilms út 'e Naked Gun-trilogy: yn 1991 yn The Naked Gun 2½: The Smell of Fear, en yn 1994 yn Naked Gun 33⅓: The Final Insult.
Underwilens fertolke Kennedy op 'e tillefyzje fan 1988 oant en mei 1991 de rol fan 'e korrupte oaljetycoon Carter McKay yn 'e ferneamde soapsearje Dallas. Yn 1996 en 1998 wied er op 'e nij yn dy rol te sjen yn 'e tillefyzjefilms Dallas: J.R. Returns, resp. Dallas: War of the Ewings. Yn 1995 spile Kennedy de rol fan generaal Nelson A. Miles yn 'e westernminysearje The Gambler Part III: The Legend Continues, mei Kenny Rogers yn 'e titelrol. Yn 1998 wurke er fierders as stimakteur mei oan 'e tekenfilm Small Soldiers. Neitiid makke Kennedy ferskate ûnôfhinklike films, foar't er yn 2003 weromkearde op 'e tillefyzje yn 'e rol fan Albert Miller yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Kennedy bleau oan syn dea ta mei lytse roltsjes yn films en op 'e tillefyzje aktyf. Foar syn bydrage oan 'e Amerikaanske filmyndustry krige er in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, op 6352 Hollywood Boulevard.
Skriuwkarriêre
bewurkje seksjeNjonken syn aktearwurk wie Kennedy ek yn it spier as skriuwer. Yn 1983 publisearre er it moardmystearje Murder on Location, wêrfoar't er in filmset as setting brûkte. In twadde roman, Murder on High, kaam út yn 1984. Syn trêde en lêste boek wie syn autobiografy, Trust Me, dy't yn 2011 ferskynde.
Priveelibben
bewurkje seksjeKennedy troude yn 1959 mei Norma Wurman, fan wa't er him yn 1971 skiede liet. Neitiid wertroude er yn 1978 mei Joan McCarthy, mei wa't er in dochter, Shaunna, krige. Nei't dyselde yn it tichthûs belâne, adoptearren Kennedy en de frou harren pakesizzer, it famke Taylor. Kennedy hie in fleanbrevet en fleach as piloat gauris yn syn eigen Cessna 210 Centurion- en Beechcraft Bonanza-priveefleantugen.
Ferstjerren
bewurkje seksjeGeorge Kennedy wenne yn Eagle, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Idaho. Op it lêst bedarre er yn in fersoargingssintrum yn it deunby leine Middleton. Dêr kaam er op 28 febrewaris 2016 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 91 jier.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1956–1959 | The Phil Silvers Show | militêre plysje-sersjant Kennedy | weromkearende rol; 14 ôfl. |
1959 | Cheyenne | Lee Nelson | gastrol; ôfl. Prisoner of Moon Mesa |
1959 | Colt .45 | Hank | gastrol; ôfl. The Rival Gun |
1959 | The Deputy | Tex | gastrol; ôfl. The Big Four |
1959 | Sugarfoot | Sykes | gastrol; ôfl. The Canary Kid, Inc. |
1960 | Gunsmoke | Emil | gastrol; ôfl. The Blacksmith |
1960 | Route 66 | Thad Skinner | pilotôflevering: Black November |
1960 | Peter Gunn | Karl | gastrol; ôfl. The Crossbow |
1960 | Sugarfoot | Ross Kuhn | gastrol; ôfl. Funeral at Forty Mile |
1960 | Shotgun Slade | Tex | gastrol; ôfl. The Spanish Box |
1960 | Laramie | trewant fan Gallagher | gastrol; ôfl. Duel at Alta Mesa |
1960 | Have Gun – Will Travel | Tarnitzer | gastrol; ôfl. The Legacy |
1960 | Maverick | helpsheriff Jones | gastrol; ôfl. Hadley's Hunters |
1960 | Lawman | Burt | gastrol; ôfl. To Capture the West |
1960 | Have Gun – Will Travel | luitenant John Bryson | gastrol; ôfl. A Head of Hair |
1961 | Bat Masterson | sheriff Zeke Armitage | gastrol; ôfl. The Fourth Man |
1961 | Have Gun – Will Travel | Preston | gastrol; ôfl. The Road |
1961 | Gunsmoke | Pat Swooner | gastrol; ôfl. Big Man |
1961 | Have Gun – Will Travel | Deke | gastrol; ôfl. The Vigil |
1961 | The Untouchables | Birdie | gastrol; ôfl. The King of Champagne |
1961 | Have Gun – Will Travel | Rud Saxon | gastrol; ôfl. A Proof of Life |
1961 | Gunslinger | sheriff | gastrol; ôfl. The Buried People |
1961 | Bonanza | Peter Long | gastrol; ôfl. The Infernal Machine |
1961 | Have Gun – Will Travel | frater Grace | gastrol; ôfl. Squatter's Rights |
1961 | Gunsmoke | Jake Bayloe | gastrol; ôfl. Kitty Shot |
1962 | The Tall Man | Hyram Killgore | gastrol; ôfl. One for All |
1962 | Rawhide | George Wales | gastrol; ôfl. The Peddler |
1962 | Gunsmoke | Hug | gastrol; ôfl. The Boys |
1962 | Have Gun – Will Travel | Big John | gastrol; ôfl. Don't Shoot the Piano Player |
1962 | Going My Way | Mike | gastrol; ôfl. A Man for Mary |
1962 | Death Valley Days | Steamboat Sully | gastrol; ôfl. Miracle at Whiskey Gulch |
1962 | Outlaws | Joe Ferris | gastrol; ôfl. Farewell Performance |
1963 | The Andy Griffith Show | resjersjeur fan 'e steatsplysje | gastrol; ôfl. The Big House |
1963 | Have Gun – Will Travel | frater Grace | gastrol; ôfl. The Eve of St. Elmo |
1963 | Dr. Kildare | Joe Cramer | gastrol; ôfl. To Each His Own Prison |
1963 | Perry Mason | George Spangler | gastrol; ôfl. The Case of the Greek Goddess |
1963 | The Travels of Jaimie McPheeters | Angus | gastrol; ôfl. The Day of the Long Night |
1963–1964 | McHale's Navy | Big Frenchy | weromkearende rol; 2 ôfl. (French Leave for McHale en The Return of Big Frenchy) |
1964 | Gunsmoke | Cyrus | gastrol; ôfl. Crooked Mile |
1964 | Bonanza | Waldo Watson | gastrol; ôfl. The Scapegoat |
1964 | The Virginian | Jack Marshman | gastrol; ôfl. A Gallows for Sam Horn |
1964 | Gunsmoke | Warden Stryker | gastrol; ôfl. The Warden |
1965 | Daniel Boone | Zach Morgan | gastrol; ôfl. A Rope for Mingo |
1965 | Laredo | Jess Moran | gastrol; ôfl. Pride of the Rangers |
1965 | The Virginian | Tom "Bear" Suchette | gastrol; ôfl. Nobility of Kings |
1965 | A Man Called Shenandoah | Mitchell Canady | gastrol; ôfl. A Special Talent for Killing |
1966 | Gunsmoke | Ben Payson | gastrol; ôfl. Harvest |
1966 | The Legend of Jesse James | Blodgett | gastrol; ôfl. Return to Lawrence |
1966 | Dr. Kildare | brigadier Hensley | weromkearende rol; 2 ôfl. (Mercy or Murder en Strange Sort of Accident) |
1966 | The Virginian | Huck Harkness | gastrol; ôfl. The Trail to Ashley Mountain |
1966 | The Big Valley | Jack Thatcher | gastrol; ôfl. Barbary Red |
1967 | Tarzan | Crandell | gastrol; ôfl. Thief Catcher |
1971 | Ironside | pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavanaugh | gastrol; ôfl. The Priest Killer, tagelyk ek de pilotôfl. foar de spin-offsearje Sarge |
1971 | Sarge | pastoar Samuel Patrick "Sarge" Cavenaugh | fêste rol; 16 ôfl. |
1974 | A Cry in the Wilderness | Sam Hadley | tillefyzjefilm |
1975 | The Blue Knight | Bumper Morgan | fêste rol; 24 ôfl. |
1979 | Backstairs at the White House | presidint fan 'e Feriene Steaten Warren G. Harding | gastrol; ôfl. #1.2 |
1981 | Saturday Night Live | himsels | as presintator; ôfl. George Kennedy/Miles Davis |
1983 | Fantasy Island | Adam Cobb | gastrol; ôfl. God Child/Curtain Call |
1986 | Benson | himsels | gastrol; dûbele ôfl. Reel Murder (diel 1 en 2) |
1988–1991 | Dallas | Carter McKay | fêste rol; 67 ôfl. |
1994 | Lonesome Dove | rjochter J.T. "Rope" Calder | minysearje; ôfl. Judgement Day |
1995 | The Commish | Al Scali | gastrol; ôfl. The Golden Years |
1995 | The Gambler Part III: The Legend Continues | generaal Nelson A. Miles | minysearje |
1996 | Wings | himsels | gastrol; ôfl. What About Larry? |
1996 | The Real Adventures of Jonny Quest | generaal Axton | gastrol; ôfl. DNA Doomsday |
1996 | Dallas: J.R. Returns | Carter McKay | tillefyzjefilm |
1998 | Dallas: War of the Ewings | Carter McKay | tillefyzjefilm |
2003 | The Young and the Restless | Albert Miller | weromkearende rol; ôfl. #1.7762, #1.7763 en #1.7764 |
2004 | The Complete History of U.S. Wars 1700–2004 | himsels | as presintator fan in dokumintêresearje; 8 ôfl. |
2010 | The Young and the Restless | geast fan Albert Miller | gastrol; ôfl. #1.9553 |
films | |||
1960 | The Crowded Sky | plysjeman | net fermeld op 'e ôftiteling |
1961 | The Little Shepherd of Kingdom Come | Nathan Dillon | |
1962 | Lonely Are the Brave | helpsheriff Gutierrez | |
1962 | The Silent Witness | Gus Jordan | |
1963 | The Man from the Diners' Club | George | |
1963 | Charade | Herman Scobie | |
1964 | Strait-Jacket | Leo Krause | |
1964 | McHale's Navy | Henri Le Clerc | |
1964 | Island of the Blue Dolphins | Aleoetyske haadman | |
1964 | Hush... Hush, Sweet Charlotte | Foreman | |
1965 | In Harm's Way | kolonel Gregory | |
1965 | Mirage | Willard | |
1965 | Shenandoah | kolonel Fairchild | |
1965 | The Sons of Katie Elder | Curley | |
1965 | The Flight of the Phoenix | Mike Bellamy | |
1967 | Hurry Sundown | sheriff Coombs | |
1967 | The Dirty Dozen | majoar Max Armbruster | |
1967 | Cool Hand Luke | Dragline | Oscar foar bêste byrol fan in akteur nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur |
1967 | The Ballad of Josie | Arch Ogden | |
1968 | Bandolero! | sheriff July Johnson | |
1968 | The Pink Jungle | Sammy Ryderbeit | |
1968 | The Legend of Lylah Clare | Matt Burke | net fermeld op 'e ôftiteling |
1968 | The Boston Strangler | resjersjeur Phil DiNatale | |
1969 | Guns of the Magnificent Seven | Chris Adams | ek bekend as The Magnificent Seven 3 |
1969 | The Good Guys and the Bad Guys | Big John McKay | |
1969 | Gaily, Gaily | Axel P. Johanson | yn dielen fan Jeropa útbrocht as Chicago, Chicago |
1970 | ...tick...tick...tick... | John Little | |
1970 | Airport | Joe Patroni | nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur |
1970 | Zig Zag | Paul R. Cameron | ek bekend as False Witness |
1970 | Dirty Dingus Magee | Herkimer "Hoke" Birdsill | |
1971 | Fools' Parade | Dallas "Doc" Council | ek bekend as Dynamite Man from Glory Jail |
1973 | Lost Horizon | Sam Cornelius | |
1973 | Cahill, U.S. Marshal | Abe Fraser | |
1974 | Thunderbolt and Lightfoot | Red Leary | |
1974 | Airport 1975 | Joe Patroni | |
1974 | Earthquake | brigadier Lew Slade | |
1975 | The Eiger Sanction | Ben Bowman | |
1975 | The "Human" Factor | John Kinsdale | |
1977 | Airport '77 | Joe Patroni | |
1977 | Ningen no Shōmei | Ken Shuftan | Japanske film; de titel betsjut "Bewiis fan 'e Man" |
1978 | Mean Dog Blues | haadynspekteur Omar Kinsman | |
1978 | Death on the Nile | Andrew Pennington | |
1978 | Brass Target | generaal George S. Patton | |
1979 | Search and Destroy | Anthony Fusqua | |
1979 | The Double McGuffin | kommissaris Talasek | |
1979 | Steel | Big Lew Cassidy | |
1979 | The Concorde ... Airport '79 | Joe Patroni | |
1980 | Death Ship | kaptein Ashland | |
1980 | Virus | admiraal Conway | Japanske produksje; Japanske titel: Fukkatsu no Hi = "Dei fan 'e Weropstanning" |
1980 | Hotwire | Farley en Harley Fontenot | |
1981 | Just Before Dawn | Roy McLean | |
1981 | Modern Romance | himsels / Zoron | |
1981 | The Archer: Fugitive from the Empire | Brakus | |
1982 | Wacko | Doctor Graves | |
1982 | The Jupiter Menace | himsels | dokumintêre |
1984 | Chattanooga Choo Choo | Bert | |
1984 | A Rare Breed | Nathan Hill | |
1984 | Bolero | Cotton | |
1984 | Rigged | Ben | |
1985 | Radioactive Dreams | Spade Chandler | |
1985 | Savage Dawn | Tick Rand | |
1986 | The Delta Force | pastoar O'Malley | |
1987 | Creepshow 2 | Ray Spruce | |
1987 | The Gunfighters | Deke Turner | |
1988 | Born to Race | Vincent Duplain | |
1988 | Counterforce | Vince Colby | |
1988 | Demonwarp | Bill Crafton | |
1988 | Nightmare at Noon | sheriff Hanks | |
1988 | Top Line | Heinrich Holzmann | Italjaanske film; yn 'e Feriene Steaten útbrocht as Alien Terminator |
1988 | Uninvited | Mike Harvey | |
1988 | The Naked Gun: From the Files of Police Squad! | haadynspekteur Ed Hocken | |
1989 | The Terror Within | Hal | |
1989 | Ministry of Vengeance | dûmny Hughes | |
1989 | Esmeralda Bay | Wilson | |
1990 | Brain Dead | Vance | |
1990 | Hired to Kill | Thomas | |
1990 | Mayumi | Bachreinske resjersjeur | Súdkoreaanske film; ek bekend as Mayumi: The Virgin Terrorist |
1991 | Hangfire | Warden E. Barles | |
1991 | Driving Me Crazy | John McCready | |
1991 | The Naked Gun 2½: The Smell of Fear | haadynspekteur Ed Hocken | |
1991 | Intensive Care | dokter Bruckner | Nederlânske film |
1992 | Final Shot: The Hank Gathers Story | pastoar Dave | |
1992 | Distant Justice | Tom Bradfield | |
1994 | Naked Gun 33⅓: The Final Insult | haadynspekteur Ed Hocken | |
1994 | River of Stone | ûnbekend | |
1997 | Cats Don't Dance | L.B. Mammoth | as stimakteur |
1997 | Bayou Ghost | plysjeman Lowe | |
1998 | Small Soldiers | Brick Bazooka | as stimakteur |
1998 | Dennis the Menace Strikes Again | pake Johnson | |
2003 | View from the Top | passazjier dy't om wodka freget | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
2005 | Three Bad Men | Ed Fiske | |
2005 | Truce | dokter Peter Gannon | |
2005 | Don't Come Knocking | regisseur | |
2007 | Sands of Oblivion | John Tevis | |
2008 | The Man Who Came Back | rjochter Duke | |
2010 | Six Days in Paradise | Monty Crenshaw | |
2010 | Mad Mad Wagon Party | J.B. Scotch | |
2011 | Another Happy Day | Joe Baker | |
2014 | The Gambler | Ed |
Bibliografy
bewurkje seksje- 1983 – Murder on Location (misdieroman)
- 1984 – Murder on High (misdieroman)
- 2011 – Trust Me (autobiografy)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|