Finding Dory
Finding Dory is in Amerikaanske berne-aventoerekomeedzje út 2016 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre lange tekenfilm. Dy waard regissearre troch Andrew Stanton en produsearre troch de Pixar Animation Studios. De haadrollen waarden ynsprutsen troch stimakteurs Ellen DeGeneres, Albert Brooks en Hayden Rolence. De titel betsjut "Op 'e Siik nei Dory". De film is in ferfolch op 'e tige súksesfolle tekenfilm Finding Nemo út 2003. It ferhaal giet oer de oan ûnthâldsferlies lijende doktersfisk Dory, dy't op reis giet om har âlden werom te finen nei't se dy as lyts fiskje kwytrekke is. Finding Dory waard goed ûntfongen troch de filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses.
Finding Dory | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Andrew Stanton | |
produsint | Lindsey Collins | |
senario | Andrew Stanton Victoria Strouse | |
kamerarezjy | Jeremy Lasky Ian Megibben | |
muzyk | Thomas Newman | |
filmstudio | Pixar Animation Studios | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Ellen DeGeneres Albert Brooks Hayden Rolence | |
byrollen | Ed O'Neill Kaitlin Olson Ty Burrell Diane Keaton Eugene Levy | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 8 juny 2016 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | berne-aventoerekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 97 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $175-200 miljoen | |
opbringst | $1.028,6 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award 1 × Empire Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Finding Nemo | |
● foarich diel | Finding Nemo |
Plot
bewurkje seksjeDory, in jonge doktersfisk dy't oan koarte-termynûnthâldsferlies lijt, rekket by har âlden wei. As se âlder wurdt, besiket se harren te sykjen, mar troch har oandwaning begjint se harren stadichoan te ferjitten. Yn in flashback nei de foargeande film, Finding Nemo, jout se har by Marlin, in clownfisk op 'e siik nei syn fermiste soan Nemo, nei't se by fersin by him op swommen is.
In jier nei harren grutte aventoer libbet Dory mei Marlin en Nemo op harren koraalrif foar de kust fan Austraalje. Dêr hat Marlin hiel wat mei har te stellen fanwegen har ûnthâldsferlies, mar om't se him holpen hat en fyn syn soan werom, fielt er him ferplichte om foar har te soargjen. Op in dei komt Dory in oantinken oan har âlden tebinnen. Se beslút nei harren op 'e siik te gean, mar har oandwaning bliuwt in obstakel. Uteinlik komt har, om't Nemo de namme neamt, yn 't sin dat se yn 'e Morrobaai wenje, oan 'e kust fan Kalifornje, oan 'e oare kant fan 'e oseaan.
Marlin en Nemo beselskipje Dory op har lange reis, wêrby't se mei de help fan harren freon Crush de sopskylpod de seestreaming nei Kalifornje beride. As se dêr oankomme, ûndersykje se in skipswrak op 'e boaiem fan 'e see, dêr't Dory by fersin in reuze-inketfisk wekker makke dy't harren efterfolget en op in hier nei Nemo te pakken kriget om him op te iten. Marlin, dy't troch dat foarfal rare kjel wurden is, beskrobbet Dory om se syn soan yn gefaar brocht hat. Kwetst swimt Dory nei it wetteroerflak, dêr't se ferstrikt rekket yn plestik sixpackringen. Se wurdt fongen wurde troch meiwurkers fan it deunby leine Marine Life Institute ("Seelibbensynstitút"), dy't har fan 'e rommel befrije, mar har ek meinimme nei harren iepenbier akwarium.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dory wurdt fan in merkje foarsjoen en yn 'e karantêneseksje fan it akwarium pleatst. Dêr komt se yn 'e kunde mei de grommelige oktopus Hank, waans noartske hâlding in gouden hert ferberget. It merkje fan Dory jout oan dat se trochstjoerd wurde sil nei in iepenbier akwarium yn Cleveland (Ohio). Fanwegen traumatyske ûnderfinings yn 'e fisk-yt-fiskwrâld fan 'e iepen oseaan wol Hank neat leaver as yn in akwarium wenje, dêr't er op fêste tiden fuorre wurde sil en gjin gefaar rinne sil om sels foer foar in grutter bist te wurden. Mei't de meiwurkers fan it akwarium fan doel binne om him wer út te setten yn see, praat er mei Dory ôf om fan merkje te wikseljen as er har helpt om har âlden te finen.
Yn ien fan 'e wettertanks fan it Marine Life Institute treft Dory in kammeraatske út har jonkheid, de no reuseftige mar bysjende walfiskhaai Destiny, mei wa't Dory foarhinne kommunisearre fia it buizestelsel fan it iepenbier akwarium. Se komt ek yn 'e kunde mei Bailey, in wite dolfyn dy't himsels derfan oertsjûge hat dat er it fermogen ta echolokaasje kwytrekke is. It bekende fermidden fan it Marine Life Institute feroarsaket by Dory opienfolgjende flashbacks nei har libben as jongfiskje mei har âlden, en se wrakselet mei harsels om har de details tebinnen te bringen. Uteinlik komt har wer yn 't sin hoe't se har âlden kwytrekke is: se hearde op in jûn har mem gûlen om har oandwaning, besleat in moaie skulp te heljen om har op te fleurjen, en waard fuortskuord troch in ûnderstreaming dy't har it buizestelsel yn sûgde en har yn 'e iepen see útspuide.
Underwilens hawwe Marlin en Nemo foar it ferstân krigen dat Dory yn it Marine Life Institute fêstholden wurdt. Mei de help fan 'e Kalifornyske seeliuwen Fluke en Rudder en de misfoarme ielsliner Becky kringe se it iepenbier akwarium binnen, dêr't se Dory nei in stikmannich aventoeren opspoare yn it buizestelsel. Uteinlik bedarje se trijeresom wer yn karantêneseksje, dêr't se fan in iezing oare doktersfisken te hearren krije dat Dory har âlden lang lyn al út it iepenbier akwarium ûntsnapt binne om har te sykjen en dat se nea weromkommen binne. Dory tinkt dat dat betsjutte moat dat se dea binne.
Tsjin dy tiid sil it transport nei Cleveland hast ôfsette, en Hank wurdt ûnrêstich. Hy fisket Dory út 'e tank mei de oare doktersfisken (dy't ek nei Cleveland sille), mar lit Marlin en Nemo efter, om't er net wit dat se by Dory hearre. Neitiid wurdt er trappearre troch meiwurkers fan it Marine Life Institute en lit by ûngelok Dory yn in goatsgat falle. Se wurdt dêrtroch de see yn spield, dêr't se in skoft doelleas omdwaald oant se by tafal in spoar fan skulpen foarby komt. Yn in flashback komt har dan yn 't sin dat har âlden foar har as jongfiskje ek skulpespoaren oanleine, sadat se it paad nei hûs weromfine koe. As Dory it spoar folget, liedt dat har nei in hol stik koraal, dat it mulpunt fan withoefolle skulpespoaren foarmet, dy't dêrwei yn alle rjochtings liede. Dêr treft se har âlden Jenny en Charlie oan, dy't har fertelle dat se jierrenlang dwaande west hawwe mei it oanlizzen fan 'e skulpespoaren yn 'e hope dat dy Dory úteinlik nei harren weromliede soene.
Marlin, Nemo en Hank binne ûnderwilens efteryn in frachtweintsje bedarre dy't in lading seewêzens nei Cleveland ta ride sil. Op Dory har fersyk ûntsnappe Destiny en Bailey út harren tanks nei iepen see ta om har te helpen har freonen te rêden. Op ûnwierskynlike wize witte se Dory yn 'e frachtwein te krijen, dêr't se Hank bepraat om mei syn freonen werom te gean nei see. Hank kaapt dêrop it frachtweintsje en riidt it oer in drokke snelwei werom yn 'e rjochting fan it iepenbier akwarium (wêrby't er in spoar fan gaos efterlit). Op 't langelêst bedarret it hiele frachtweintsje yn see, sadat alle fisken efteryn wer frij binne. Dory trochkrúst op 'e nij de oseaan om mei har âlden en mei Marlin en Nemo werom te kearen nei it koraalrif.
Yn in sêne dy't folget nei ôfrin fan 'e ôftiteling berikt de tankbinde út Finding Nemo, dy't noch altyd fêstsit yn 'e no mei algen oerdutsen plestik pûden, Kalifornje in jier nei't se de Stille Oseaan oerdreaun binne. Se wurde úteinlik fûn en út 'e pûden befrijd troch meiwurkers fan it Marine Life Institute.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Dory de doktersfisk | Ellen DeGeneres | Annick Boer |
Marlin de clownfisk | Albert Brooks | Has Drijver |
Nemo de clownfisk | Hayden Rolence | Thijs Overpelt |
- byrollen
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeNei it súkses fan Finding Nemo, yn 2003, makke Disney plannen foar in ferfolch dat sûnder bemuoienis fan Pixar produsearre wurde soe troch Circle 7 Animation, in nije filmstudio foar de produksje fan ferfolchfilms, wêrfan't de oprjochting yn 2005 oankundige waard. Doe't Disney it jiers dêrop Pixar oankocht, waard Circle 7 lykwols ôftanke sûnder ea in film makke te hawwen. It oarspronklike ferhaal foar it ferfolch op Finding Nemo wie it opdûken fan in twillingbruorke fan Nemo, dat Remy hjitte soe, wêrnei't Marlin troch minsken fongen wurde soe, sadat Nemo, Remy en Dory him rêde moasten.
Uteinlik waard Finding Dory regissearre troch Andrew Stanton, deselde dy't ek ferantwurdlik west hie foar Finding Nemo. Hy wurke nei in senario dat hy tegearre mei Victoria Strouse skreaun hie op basis fan in idee fan himsels. As filmprodusint wie foar Pixar Lindsey Collins by it projekt belutsen. Der wie foar Finding Dory in budget beskikber fan nei skatting $175 oant 200 miljoen. De kamerarezjy wie op 'e noed fan Jeremy Lasky en Ian Megibben, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Finding Dory waard fersoarge troch Walt Disney Pictures fia syn distribúsjepoat Walt Disney Studios Motion Pictures. De film gie op 8 juny 2016 yn premiêre yn it El Capitan Theatre yn Los Angeles en iepene op 17 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. Dêrby waard de haadfilm foarôfgien troch in koarte film fan 'e Pixar Animation Studios, Piper, dy't regissearre wie troch Alan Barillaro. It soundtrackalbum fan Finding Dory waard op 14 juny 2016 útbrocht troch platemaatskippij Walt Disney Records. De film kaam op 25 oktober fan dat jier beskikber as digitale download en ferskynde op 15 novimber op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFinding Dory krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa skreau Mike Ryan fan Uproxx: "Ik siet net op in ferfolch op Finding Nemo te wachtsjen, mar hjir is it dochs en ik bin no behoarlik gelokkich dat it bestiet. En foar my wie it in noch emosjonelere ûnderfining as de earste film. Finding Dory rekke my, makke my oan it gûlen." Yn The New York Times skreau A.O. Scott dat hoewol't it Finding Dory oan "dûzelichmeitsjende orizjinaliteit" ûntbrekt, de film dat "mear as goedmakket mei waarmte, sjarme en humor." Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety skreau: "It is in film dy't oerrint fan it laitsjen […] en de triennen […]". Peter Travers fan Rolling Stone joech Finding Dory 31/2 fan 4 stjerren en skreau dat de film smoarfol "humor, moed en animaasjemerakels" siet, nettsjinsteande in gebrek oan "de frisse ferrassing fan syn foargonger."
Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter joech de film lykwols in negative reinsje. Hy skreau: "De heldinne [fan Finding Dory] mei dan lije oan koarte-termynûnthâldsferlies, mar sjoggers mei lykfol hokker ûnthâld ek sille beseffe dat [de film] frijwat tekoartkomt yn ferhâlding mei syn prachtige foargonger." Yn 'e Los Angeles Times wie Kenneth Turan it dêrmei iens. Hy skreau: "Sa't de kleau fan trettjin jier tusken Nemo en Dory al oanjout, wie dit net in konsept dat smeekte om ferwêzentlike te wurden."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Finding Dory in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 308 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is grappich, oangripend en ta neitinken stimmend, en leveret in prachtich animearre aventoer dat in bykommend fermaaklik haadstik tafoeget oant it klassike ferhaal fan syn foargonger." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Finding Dory in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 48 resinsjes.
Natoerbeskermers warskôgen dat, krekt as nei it útkommen fan Finding Nemo mei clownfisken barde, Finding Dory liede koe ta it oanskaffen fan doktersfisken troch klanten dy't fierders fan neat ôfwitte om 'e bisten thús yn akwaria te hâlden. Mei't dokterfisken har yn finzenskip net fuortplantsje, en dêrom allegearre yn it wyld fongen wurde moatte, kin soks aaklike gefolgen hawwe foar it fuortbestean fan 'e soarte. Dêr kaam noch by dat doktersfisken fjoerskerpe stikels oan wjerskanten fan 'e sturt hawwe dêr't se minsken behoarlik mei ferwûnje kinne.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeFinding Dory brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $486,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $542,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.028,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 oant 200 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $928,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Finding Dory de meast opbringende tekenfilm fan it jier en de op twa nei meast opbringende film fan 2016, nei de superheldefilm Captain America: Civil War en de science fiction-film Rogue One. It wie ek de op twa nei meast opbringende produksje fan Pixar (nei Toy Story 3 en Incredibles 2), de op fiif nei meast opbringende tekenfilm aller tiden en de op tritich nei meast opbringende film aller tiden. It blêd Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Finding Dory op $296,6 miljoen.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2016 waard Finding Dory nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste tekenfilm en wûn de film de Teen Choice Award foar favorite simmerfilm. Ellen DeGeneres wûn de Teen Choice Award foar favorite froulike simmerfilmstjer. Yn 2017 waard Finding Dory nominearre foar de Annie Award, de Satellite Award en de BAFTA foar bêste tekenfilm. De film wûn dat jiers de Saturn Award, de Empire Award, de People's Choice Award en de Kids' Choice Award foar bêste tekenfilm en ek de People's Choice Award foar bêste famyljefilm. Fierders wûn DeGeneres de People's Choice Award en de Kids' Choice Award foar bêste stimakteur.
Mooglik ferfolch
bewurkje seksjeYn juny 2016 sei regisseur Andrew Stanton oer in mooglik ferfolch op Finding Dory dat er it nea útslute soe, hoewol't dêr gjin direkte plannen foar wiene. Hy ferwiisde nei de Toy Story-franchise foar hoe't de yntroduksje fan nije personaazjes liede koe ta de útwreiding fan in tekenfilmwrâld.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Finding Dory
- (in) Ynformaasje oer Finding Dory yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |