Diamond Foxxx
Diamond Foxxx, echte namme: Stephanie Woodcock (Albany (Georgia), 5 jannewaris 1973), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Diamond en Lauren. Har tsjintwurdige skûlnamme wurdt gauris misstavere as Diamond Foxx of Diamond Fox. Hja sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Foxxx stiet benammen bekend om har grutte boarsten. Yn 2012 wûn se in AVN Award.
Diamond Foxxx | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Diamond Foxx, Diamond Fox, Diamond, Lauren | |
echte namme | Stephanie Woodcock | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 5 jannewaris 1973 | |
berteplak | Albany (Georgia) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2004 – no | |
offisjele webside | ||
www.diamondfoxxx.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeFoxxx waard yn 1973 berne op in marinebasis yn Albany, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't har heit, in ofsier by de Amerikaanske Marine, op dat stuit legere wie. Oan har heitekant stammet hja út in famylje mei in militêre tradysje, en ek har mem, dy't in marinier west hat, past yn dat plaatsje. Foxxx wie it âldste bern yn in gesin mei ien dochter en twa soannen, dat him úteinlik foargoed yn 'e steat Firginia fêstige.
Folwoeksen libben
bewurkje seksjeAs tiner sleat Foxxx har earste houlik al, krige in bern en wurke as EHBO-frijwilliger. Yn dy tiid ûntjoech se har hobbys, ntl. pokerjen, haken en naaien. Nei't se fan har earste man skieden wie, naam Foxxx sels tsjinst by de Amerikaanske Marine, en brocht har 21e jierdei troch yn in trainingskamp. Nei alve moannen en alve dagen waard se lykwols ûnearfol ûntslein út 'e marine om't se seksuële omgong hân hie mei in oare matroas. Neitiid wurke Foxxx as stripper yn in stripklub yn Dallas, yn 'e steat Teksas, dêr't se yn 'e kunde kaam mei har twadde man Ben, mei wa't se yn 1999 wertroude en nei it tropyske Key West ferfear, op 'e Florida Keys, dêr't se makelder waard.
Pornokarriêre
bewurkje seksjeYn 2004, doe't se 31 jier wie, makke Foxxx har debút yn in pornografyske film, mei as oarspronklik doel de oprjochting fan in eigen makelerdij te finansieren. Har earste sêne waard op 20 febrewaris 2004 opnommen en makke diel út fan 'e rige My First Sex Teacher, fan 'e webside Naughty America. Dêrmei lei Foxxx har daliks ta op wat letter har spesjaliteit wurde soe, nammentlik milfpornografy. Yn febrewaris 2005 waard Foxxx yn Ohio arrestearre op beskuldiging fan prostitúsje, mar kaam frij nei betelling fan in lichte jildboete. Letter datselde jiers waard by har limoerhalskanker fêststeld, en waard har limoer operatyf ferwidere. Dêrtroch moast se har pornokarriere twa en in heal jier lang dellizze.
Yn 2011 loek Foxxx de belangstelling fan 'e media doe't se in parseferklearring útgean liet wêryn't se oankundige dat se, as de Pittsburgh Steelers de Superbowl wûnen, al har Twitterfolgers dy't op har oerwinningsfeest kamen, oraal befredigje soe. Datselde jiers fernijden Foxxx en har man harren trou-ûnthjitten by in seremoanje dy't opnommen waard foar de dokumintêre Brides of Beverly Hills fan 'e tillefyzjestjoerder TLC. Dat programma waard op 28 oktober 2011 útstjoerd. Ein 2011 breide Foxxx in ein oan har karriêre as pornoaktrise, mar yn 'e maityd fan 2012 makke se in comeback.
Yn desimber 2012 naam se in gangbang op, en op 3 jannewaris 2013 die se har earste sekssêne mei dûbele penetraasje, beide foar it label Brazzers. Foxxx wûn yn 2012, yn 'e mande mei Zoey Holloway, Brooklyn Lee en Missy Martinez, in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste lesbyske groepsekssêne, foar har optreden yn 'e film Cherry 2. Dêrnjonken hat se noch trije oare kearen foar in AVN Award nominearre west.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Diamond Foxxx sûnt 2004 yn mear as 210 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Digital Sin, New Sensations, Evil Angel, Diabolic Video, Shane's World, Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Adam & Eve, Hustler Video, The Score Group en Devil's Film. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Muffia.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeDiamond Foxxx is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 47 kg, en kupmaat 32DD, dêr't se yn desimber 2004 in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Ek hat se ymplantaten yn har stuten ynbringe litten. Behalven de gebrûklike piercings troch de earlellen hat Foxxx ek in nâlpiercing, in Monroe-piercing en in piercing troch har klitoris. Se hat lykwols gjin tatoeaazjes.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | AVN Award | nominearre | milf/cougar-artyste fan it jier | n.f.t. |
FAME Award | finaliste | cougar fan it jier | n.f.t. | |
NightMoves Award | nominearre | bêste milf-artyste | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | bêste comeback fan it jier | n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | milf/cougar-artyst fan it jier | n.f.t. |
Xbiz Award | nominearre | milf-artyste fan it jier | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | milf/cougar-artyste fan it jier | n.f.t. |
wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Zoey Holloway, Brooklyn Lee en Missy Martinez) | Cherry 2 | ||
NightMoves Award | nominearre | bêste milf-artyste | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | milf-artyste fan it jier | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Diamond Foxxx
- (in) Webside fan Diamond Foxxx
- (in) Biografy en filmografy fan Diamond Foxxx yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Diamond Foxxx yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Diamond Foxxx op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|