Cassandra Cruz, echte namme: Vanessa Cabanillas (Weehawken (Nij-Jersey), 27 septimber 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Portorikaansk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.56 m, mei in gewicht fan 49 kg en kupmaat 34B.

Cassandra Cruz
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vanessa Cabanillas
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 septimber 1982
berteplak Weehawken (Nij-Jersey)
etnisiteit Portorikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20062013
offisjele webside
www.cassandracruz.com
Cruz mei har man Dick Delaware.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Cruz waard berne yn it plakje Weehawken, yn 'e steat Nij-Jersey. Se learde foar yllustratrise oan 'e Parsons School of Design, en studearre dêr yn 2005 ôf mei in bachelorstitel. Om't se lykwols min wurk fine koe, sette se útein mei neaken te posearjen, wat fia-fia yn maaie 2006 ta har debút yn in pornografyske film late, dy't opnommen waard yn New York. Koarte tiid letter lies Cruz in advertinsje wêryn't frege waard om pornoaktrises dy't ree wiene om foar in putsje alhiel nei Los Angeles ta te reizgjen. Hja reägearre dêrop en rekke op dy wize belutsen by de Kalifornyske pornoyndustry. Se wie earst fan doel en reizgje op en del, eltse kear dat der wurk foar har wie, mar nei't se in pear kear yn Los Angeles west hie, besleat se der mar hinne te ferhúzjen.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Cruz sûnt yn mear as 200 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Elegant Angel, Wicked Pictures, Hustler Video, Adam & Eve, Vivid Entertainment, Jules Jordan Video, Diabolic Video, Digital Playground, Devil's Film, Pure Play Media, Third Degree Films, Red Light District en Extreme Associates. Ek hat Cruz in protte wurke foar pornosites as Reality Kings, Brazzers, PornPros en Kink.com. Yn 2008, en nochris yn 2009, waard se nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry).

Njonken har aktearwurk posearre Cruz foar neakenblêden, en yn 2012 makke se har debút as stripper. Los fan har pornokarriêre is hja ek altiten noch dwaande mei in karriêre as yllústratrise en keunstneresse. Neffens eigen sizzen binne de trije passys yn har libben keunst, seks en hurddraven. Sûnt 30 jannewaris 2007 is Cruz troud mei kollega-pornoakteur en Amerikaansk wrakselder Dick Delaware. Yn 2013 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne Club Satan: The Witches' Sabbath
2009 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise Hearts & Minds 2: Modern Warfare

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: