Ben-Hur (film út 2016)
Ben-Hur is in Amerikaanske sandalefilm út 2016 ûnder rezjy fan Timur Bekmametov, mei yn 'e haadrollen Jack Huston en Toby Kebbell. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan. De film is basearre op 'e roman Ben-Hur: A Tale of the Christ, fan Lew Wallace. Teffens is it in remake fan 'e ferfilming út 1959. It ferhaal folget de Joadske ealman Judah Ben-Hur en syn pleechbroer, de Romeinske ofsier Messala Severus, foar wa't de bruorreleafde omslacht yn haat as se troch omstannichheden útinoar dreaun wurde. Dizze nije ferfilming fan Ben-Hur, dy't troch de produsinten omskreaun waard as "in nije ynterpretaasje fan 'e roman", krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, en flopte yn 'e bioskopen.
Ben-Hur | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Timur Bekmambetov | |
produsint | Sean Daniel Joni Levin Duncan Henderson | |
senario | Keith Clarke John Ridley | |
basearre op | de roman fan Lew Wallace | |
kamerarezjy | Oliver Wood | |
muzyk | Marco Beltrami | |
filmstudio | Sean Daniel Company Lightworkers Media | |
distribúsje | Paramount Pictures Metro-Goldwyn-Mayer | |
spilers | ||
haadrollen | Jack Huston Toby Kebbell | |
voice-over | Morgan Freeman | |
byrollen | Nazanin Boniadi Morgan Freeman Ayelet Zurer Sofia Black-D'Elia Rodrigo Santoro | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 augustus 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sandalefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 125 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $87-100 miljoen | |
opbringst | $94,1 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeJudah Ben-Hur, in jonge Joadske ealman út Jeruzalim yn 'e Romeinske provinsje Judeä, en syn Romeinske pleechbroer Messala Severus binne boezemfreonen nettsjinsteande harren tige ferskillende etnyske en religieuze eftergrûnen. Ben-Hur syn jongere suster Tirzah is fereale op Messala, mar Ben-Hur syn mem Naomi is op in relaasje tusken harren tsjin. Messala beslút tsjinst te nimmen yn it Romeinske Leger en nimt yn 'e folgjende jierren diel oan 'e fjildtochten fan it Romeinske Ryk yn ûnder mear Germaanje, Mesopotaamje en Núbje. Underwilens rekket Ben-Hur fereale op 'e tsjinstfaam Esther, dy't soartgelikense gefoelens foar him koesteret. Hy stiket lykwols net om har fanwegen it ferskil yn maatskiplike klasse. As har heit Simonides har lykwols úthylkje wol, begrypt Ben-Hur lykwols dat it no of nea is, dat hy ferklearret har syn leafde en nimt har ta frou.
Trije jier letter keart Messala nei Jeruzalim werom as in ûnderskaat Romeinsk ofsier. Tagelyk fynt der in oplibbing fan 'e fersetsdieden plak, dy't tsjin 'e Romeinske oerhearsking fan Judeä útfierd wurde troch fersetslju dy't de seloaten neamd wurde. Dat hat te krijen mei it nije sirkus dat de Romeinen yn Jeruzalim oanlizze foar it hâlden fan weinraces; foar de bou brûke se grêfsarken dy't se fan it Joadske begraafplak bûten de stêd stelle. De sympaty fan Esther foar de seloaten liedt derta dat Ben-Hur in ferwûne jonge seloat, dy't Dismas hjit, fersoarget en ûnderdak biedt. Messala besiket ûnderwilens syn pleechbroer derta bewegen om ynformant foar de Romeinen te wurden en de identiteit fan 'e seloaten te ferrieden. Hy fertelt ek dat der mei koarten in nije Romeinske lânfâd komme sil, Pontius Pilatus, om it bestjoer oer de provinsje oer te nimmen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
In stikmannich dagen letter, by de yntocht fan Pilatus yn Jeruzalim, sjocht Ben-Hur mei syn frou, mem en suster ta fanôf it platte dak fan syn filla yn 'e binnenstêd. As Pilatus de filla passearret, besiket Dismas him fan it dak ôf mei pylk-en-bôge te deadzjen. Dat mislearret, en de Romeinen falle de filla binnen. De leffe Dismas naait út, en ek Esther wit te ûntkommen, mar Simonides wurdt deaslein en Ben-Hur en syn mem en suster wurde finzennommen. Ben-Hur smeket Messala om syn mem en suster te rêden, mar Messala fielt him ferret troch syn pleechfamylje en seit dat er neat foar harren dwaan kin.
Ben-Hur sels wegeret in oare Joad oan 'e Romeinen te ferrieden, en nimt de ferantwurdlikheid foar de moardoanslach op him. Naomi en Tirzah wurde feroardiele ta krusiging, wylst hysels ta slaaf makke en nei de kust fierd wurdt om as roeier yn 'e galeien fan 'e Romeinske float te tsjinjen. Wylst er ta de stêd út laat wurdt, falt er der midden op 'e strjitte hinne fan mishanneling, toarst en honger. Esther, dy't him temûk folge wie, besiket him in bytsje wetter te jaan, mar in Romeinske soldaat behinderet har dat. Ut 'e kliber folk komt dan in man nei foarren dy't Jezus fan Nazaret is. Hy nimt de drinkbeker oer en jout Ben-Hur te drinken, mei't de soldaat him net doar tsjin te kearen.
Neitiid bringt Ben-Hur fiif jier troch as galeislaaf oan board fan in Romeinsk oarlochsskip dat ûnder befel stiet fan Quintus Arius. By in seeslach tsjin Grykske rebellen op 'e Ioanyske See wurdt it galei fan Arius raamd troch in oar skip en sinkt. Ben-Hur wit los te kommen út syn boeiens en oerlibbet de slach as skipbrekling troch him fêst te klamjen oan in stik driuwhout. Nei lang op 'e see omdreaun te hawwen, spielt er oan op in ferlitten strân, dêr't er fûn wurdt troch de Nubyske sjeik Ilderim. Dyselde ken him wer as in ûntsnapte slaaf, mar hy beslút Ben-Hur net oan te jaan as er foar it ferstân kriget hoe goed dy mei hynders oer de wei kin. Nei't syn weinmenner by in ûngemak swierferwûne rekke is, beslút Ilderim Ben-Hur te trainen as de nije menner fan syn fjouwerspan racehynders.
Mei sjeik Ilderim reizget Ben-Hur nei Jeruzalim, dêr't de Romeinen de bou fan harren sirkus ûnderwilens foltôge hawwe. Ilderim bringt de troch gefoelens fan haat fertarde Ben-Hur oan it ferstân dat der oare manearen binne om wraak op 'e Romeinen te nimmen as troch de wapens tsjin harren op te nimmen. As er in weinrace winne kin, sil er syn fijannen reitsje op it plak dêr't it har noch it measte sear docht: yn 'e beurs. Yn Jeruzalim hat it preekjen fan Jezus yn 'e tuskenlizzende jierren de oandacht lutsen fan Pilatus en syn trouwe assistint Messala, dy't opklommen is ta kommandant fan it garnizoen en him ûntwikkele hat ta in fierd weinmenner. As er yn momkape troch de stêd swalket, fynt Ben-Hur syn frou Esther werom, dy't ien fan 'e folgelingen fan Jezus wurden is en djip behelle is yn goeddiedichheidswurk. Fan har heart er dat syn mem en suster dea binne. Esther is ynbliid har man werom te sjen, en dochs is se benaud him daliks wer kwyt te reitsjen om't er inkeld noch tinke kin oan wraak op Messala.
Ben-Hur siket letter sels de konfrontaasje mei Messala troch him foar in ûnderhâld út te nûgjen yn 'e ta ruïne wurden filla fan Hur, mar hy moat de wyk nimme as der in groep Romeinske soldaten opdaagjen komt. De kwestje wurdt troch Pilatus heech opnommen en útlein as in oanslach op in Romeinsk ofsier. By wize fan represaille wurde neitiid tweintich willekeurige Joaden oppakt en terjochtsteld, wat ta in brek tusken Ben-Hur en Esther liedt. Dy nachts komt Drusus, in eardere Romeinske ofsier, yn it kamp fan sjeik Ilderim. Neffens eigen sizzen hâldt dy sa fan Messala, dat er de man tsjin himsels besocht hat te beskermjen. Dat doe't Messala opdracht joech ta de terjochtstelling fan Naomi en Tirzah, hat er him foarliigd dat er dy eksekúsje útfierd hie, wylst er de beide froulju eins finzenset hat yn in tichthûs. Ben-Hur lit him troch Drusus nei it tichthûs liede, mar as dêr de doar fan 'e sel fan syn mem en suster foar it earst yn fiif jier iepengiet, docht bliken dat de froulju melaatskens oprûn hawwe, in úteinlik deadlike sykte, wylst Naomi ek sljochtsinnich wurden liket te wêzen.
Troch in tige hege ynset op 'e útkomst fan 'e weinrace foar te stellen, keapet sjeik Ilderim Pilatus om, dat dy Ben-Hur tastiet om mei te dwaan. Esther besiket Messala te bepraten om him út 'e race werom te lûken, om't se der wis fan is dat it einigje sil mei de dea fan ien fan beiden, mar dêr wol dyselde neat fan witte. As de race oan 'e gong is, brûkt Messala alderlei ûnderhânske streken om syn tsjinstanners út te skeakeljen. Uteinlik binne inkeld hysels en Ben-Hur noch oer, dy't syn hynders ynholden hat oant de lêste omgongen. Nettsjinsteande alles dat Messala docht om him tsjin te hâlden, wit Ben-Hur úteinlik te winnen, wylst Messala it slachtoffer wurdt fan syn eigen lêste streek en mei syn wein oer de kop slacht. De oerwinning fan Ben-Hur bringt de Joaden yn it stadion ta ekstaze. Pilatus betellet syn ferlies út oan Ilderim, mar fertrout de sjeik ta dat er net wis is wa't der no eins ferlern hat, mei't de Joaden troch it bloedige spektakel krekt Romeinen wurden binne.
Nettsjinsteande syn oerwinning is Ben-Hur deprimearre oer de útkomst. Hy hat syn wraak krigen, mar it skinkt him gjin genot. Hy keart werom nei de ruïne fan syn eardere filla en jout him del op 'e flier. Dy nachts is Esther der tsjûge fan hoe't har learmaster Jezus yn 'e Tún fan Getsémané arrestearre wurdt nei it ferrie fan Judas Iskariot. De oare moarns, as Jezus syn krús troch de stêd drage moat en der fan útputting hinne falt ûnder de swypslaggen fan Romeinske soldaten, kryt Esther om help. Ben-Hur, dy't de stim fan syn frou weromken, hastiget him nei bûten ta en jout Jezus lyk om lyk troch him wetter drinke te litten.
Neitiid folget er de prosesje nei de heuvel fan Golgota, dêr't er tsjûge is fan 'e krusiging fan Jezus. As Jezus stjert, barst der in stjalprein los wylst Ben-Hur oan 'e foet fan it krús op 'e knibbels delfalt en foar it earst yn jierren gûlt. Esther fynt him dêr en treastget him. Yn it tichthûs siperet de rein fermongen mei it bloed fan Jezus tusken de stiennen troch om op Naomi en Tirzah del te dripkjen, dy't wûnderbaarlik genêzen wurde, krekt foar't de seldoar iepengiet en sjeik Ilderim de sipier omkeapet om 'e froulju frij te litten mei in diel fan it jild dat er fan Pilatus wûn hat. Neitiid bejout Ben-Hur him nei it Romeinske haadkertier om Messala te sykjen. Dyselde is by syn ûngemak slim ferwûne rekke en hat in skonk ferlern. Ben-Hur fertelt him dat er net mear mei haat yn syn hert libje kin en dat er syn broer weromhawwe wol. Messala, dy't him de skuld jout fan syn ferwûnings, wol him mei in mês te liif, mar as Ben-Hur him omearmet, lit er it wapen falle en barst yn gûlen út. De beide mannen fermoedsoenje har mei-inoar en yn 'e mande mei Esther, Naomi en Tirzah jouwe se har by de karafaan fan sjeik Ilderim, dy't by Jeruzalim wei tsjocht op nei in hoopfolle takomst.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Judah Ben-Hur | Jack Huston |
Messala Severus | Toby Kebbell |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Esther, de frou fan Judah | Nazanin Boniadi |
sjeik Ilderim | Morgan Freeman |
Naomi, de mem fan Judah | Ayelet Zurer |
Tirzah, de suster fan Judah | Sofia Black-D'Elia |
Jezus fan Nazaret | Rodrigo Santoro |
Simonides | Haluk Bilginer |
Dismas | Moisés Arias |
lânfâd Pontius Pilatus | Pilou Asbæk |
Drusus | Marwan Kenzari |
Quintus Arius | James Cosmo |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeBen-Hur wie de fyfde ferfilming fan 'e ferneamde roman Ben-Hur: A Tale of the Christ, fan 'e Amerikaanske skriuwer Lew Wallace, út 1880 (twa stomme films en in animaasjefilm meirekkene). It wie teffens in remake fan 'e bekroande ferfilming út 1959, mei Charlton Heston yn 'e titelrol. De nije film waard regissearre troch de Kazachske filmmakker Timur Bekmambetov, dy't wurke op basis fan in senario skreaun troch Keith Clarke en John Ridley. As produsinten wiene Sean Daniel, Joni Levin en Duncan Henderson oan it projekt ferbûn, yn opdracht fan 'e filmstudio's de Sean Daniel Company en Lightworkers Media. Der wie foar de nije ferfilming in budget beskikber fan $87 oant 100 miljoen.
De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Wood, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Marco Beltrami. De iennichste grutte namme yn 'e cast wie de Afro-Amerikaan Morgan Freeman, foar wa't it personaazje fan sjeik Ilderim feroare waard fan in (blanke) Edomyt yn in (swarte) Núbjer. De opnamen foar Ben-Hur setten op 2 febrewaris 2015 útein yn Itaalje, dêr't benammen filme waard yn 'e Cinecittà-studio's yn Rome en yn Matera, dat trochgean moast foar Jeruzalim. Der waard yngeand gebrûk makke fan special effects om Matera datoangeande oan te passen oan it âlde Jeruzalim.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Ben-Hur waard fersoarge troch Paramount Pictures en Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie op 9 augustus 2016 yn premiêre yn Meksiko-Stêd, en iepene dêrnei op 19 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn Maleizje, dêr't de film op 15 septimber yn 'e bioskopen kaam, ûntstie kontroverse doe't bliken die dat omreden fan 'e nasjonale sensuer dêre alle sênes wêryn't Jezus Kristus te sjen is, út 'e film knipt wiene. Op 5 augustus waard it byhearrende soundtrackalbum útbrocht troch platemaatskippij Sony Classical Records. Ben-Hur kaam op 29 novimber 2016 beskikber as digitale download en op 13 desimber fan dat jier ek op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeBen-Hur krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Stephen Holden fan The New York Times skreau: "Makke ûnder tafersjoch fan in regisseur dy't net bekend stiet om syn minsklike ynslach en sûnder in stjer fan namme, útsein Freeman, fielt Ben-Hur oan as in film dy't goedkeap en skiterich makke is, hoewol't er der djoer útsjocht." Yn 'e Chicago Sun-Times joech Richard Roeper de film 2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Ben-Hur wrakselet om in identiteit te finen en kriget dat eins nea alhiel foarinoar. It goedbedoelde krewearjen om oangripende, op it leauwe basearre ûntwekkings te berikken, wurdt folslein ûndergroeven troch de achteleas gewelddiedige sênes dy't ûngaadlik binne foar jonge bern."
Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter omskreau de weinrace-sêne as "swier digitalisearre en oer-montearre", en neamde it de minste sêne út in film dy't "op eltse wize ûntrochtocht, minder makke en ôfgryslik útfierd" wêze soe. It tydskrift Rolling Stone neamde Ben-Hur "in remakeramp fan bibelske ôfmjittings". Yn 'e online-krante The A.V. Club joech Ignatiy Vishnevetsky de film ien fan 'e seldsume positive resinsjes. Hy skreau: "Earst liket de nije filmadaptaasje fan 'e soapsearje dy't Lew Wallace fan it Nije Testamint makke hat ûnpersoanlik, like stoffich en útwrydsk fersierd as eltse film dêr't yn kladen klaaide Joaden en Romeinen yn redendiele oer goaden en keningen yn aksinten fan dizenich Britsk-Ingelske oarsprong". Mar letteroan "oppenearret Ben-Hur himsels as it soarte elemintêre werferbylding fan it boarnemateriaal dy't nimmen dy't goed by sûpe en stút is ea ferwachte hie dat it wêze koe."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Ben-Hur in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 177 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoe befjochtest in idee? Troch in remake te meitsjen dy't sels amper fan sokke dingen hat, en dat besiket te behimmeljen mei wiffe montaazje en special effects." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Ben-Hur in goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 34 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeBen-Hur brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $26,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $67,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $94,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $87 oant 100 miljoen betsjut dat in winst maksimaal $7,1 miljoen oant in ferlies fan $5,9 miljoen. Fanwegen it kaptaal dat útjûn wie oan marketing, bedroech it eigentlik resultaat lykwols in ferlies fan $60 oant 75 miljoen, wêrfan't Paramount sa'n $13 miljoen foar syn rekken naam en Metro-Goldwyn-Mayer de rest (om't MGM mear bydroegen hie oan 'e finansiering). Neffens it tydskrift Variety rûsden boarnen binnen oare filmstudio's dat Ben-Hur likernôch $250 miljoen fertsjinje moatten hie om kyt te spyljen. De film wie ien fan 'e grutste flops fan 2016.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Ben-Hur
- (in) Ynformaasje oer Ben-Hur yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |