Bagdad is de haadstêd fan Irak en fan de provinsje (gûvernemint Bagdad). De stêd leit oan de Tigris en telt sawat 5 miljoen ynwenners. Nei Kairo is Bagdad twadgrutste stêd fan it Heine Easten.

Bagdad
Bestjoer
Lân Irak
Provinsje Bagdad
Sifers
Ynwennertal 5.505.003 (2012)[1]
Om de 8.765.000 (2016
Oerflak 204,2 km²
Hichte 34-40 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 762 f.Kr.
Postkoade 10001 - 10090
Tiidsône UTC +3
Haifastrjitte, sjoen fan de oare ouwer fan de Tigris

Bagdad leit oan de Tigris. De rivier streamt dwers troch Bagdad hinne en dielt de stêd op yn twa parten; it westlik diel 'Karkh' en it eastlik diel 'Risafa'.

Bagdad hat in tige hyt, skrok klimaat. As men nei de maksimum temperatueren sjocht, is it ien fan de hytste stêden fan de wrâld. Yn de simmer fan juny oant augustus is de maksimale temperatuer trochstrings 44 °C. Yn dy perioade falt der sawat gjin rein.

Yn de winter leit de temperatuer trochstrings op 16 °C, de minimale temperatuer leit dan om de 4 °C.

Bagdad waard yn 762 stifte ûnder de namme Madinat as Salam', wat ynhâldt de Stêd fan de Frede. De stêd wie mei tuskenskoften de haadstêd fan it kalifaat fan de Abbasiden. De namme Bagdad hearde feitlik by in doarpke ticht yn de buert, dêr't de namme fan oergong op de tichteby lizzende stêd. De namme Bagdad komt út it Perzysk en betsjut 'skonken tún'. (Yn it Perzysk, 'Bagh' (بغ) betsjut hof, garde en 'dad' (داد) betsjut jaan). In bynamme foar Bagdad wie de Rûne Stêd, troch har rûne foarm. Yn in pear jier tiid ferrize der in grut paleis en in grutte moskee en de stêd woeks eksplosyf troch de tastream fan minsken út de hiele islamityske wrâld. De stêd bloeide as hannelsstêd trochdat in grut part fan de hannelswegen tusken Aazje en Jeropa oer Bagdad giene. De grutte havenstêd Basra oan de Perzyske Golf soarge foar in goede ferbining mei de Yndyske Oseaan. Sa kamen wichtige seerûtes fanút East-Afrika en Súd-Aazje by Bagdad gear.

De keunsten en wittenskippen waarden stimulearre troch de yntellektuele frijheid dy't de Abbasiden foarstienen en der ûntstienen ferneamde stúdzjesintra mei ûnder oare it Hûs fan de Wiisheid, dêr't út de hiele bekende wrâld wei studinten en gelearden hinne kamen om te studearjen en ûnderwizen. Bagdad waard in wichtich sintrum foar it yn stân hâlden fan de eardere Helleenske skriften. In diel fan de klassike literatuer wie allinnich noch bekend troch Arabyske oersettings dy't hjir bewarre en fan kommentaar foarsjoen waarden. Ek de genêskunde stie op in heech peil. Ut dy tiid (de 9e iuw) datearje de ferhalen fan 1001 nacht, dêr't Bagdad en syn ferneamde kalyf Haroen al Rashid in wichtige rol yn spylje.

Yn 1055 feroveren de Turkske Seltsjoeken de stêd. Sy respektearren it gesach fan de kalyf mar bestjoerden sels de wrâldske saken. Yn Bagdad waard troch harren de Nizamiyyah stifte, in oare foarm fan heger ûnderwiis, dy't mear op Turkske en Perzyske tradysjes stipe. Oant yn 1258 bleau Bagdad ien fan de wichtichste stêden fan de islamityske wrâld en fan West-Aazje. Yn dat jier ferwoasten de Mongoalen Bagdad en deaden sawat de hiele befolking, wêrûnder ek de lêste kalyf. Dêrnei namen oare kultuersintra yn it Midden-Easten de rol fan Bagdad oer, benammen Egypte en Spanje. Yn 1401 waard de stêd opnij troch Mongoalen plondere, en yn 1534 foel Bagdad yn hannen fan de Turken. Nei de fal fan it Ottomaanske Ryk yn 1917 waard Bagdad yn 1920 de haadstêd fan Irak en waard bestjoerd troch de Britten.

Yn de Golfoarloch fan 1990-1991 en Irakkriich ûndergie de stêd swiere bombardeminten. Yn april 2004 wienen parten fan de stêd yn hannen fan it Iraakske ferset. Benammen yn de wyk Sadr-stêd wie it ferset fûl. Yn it easten fan de stêd begûn it Amerikaanske leger yn april 2007 mei de bou fan in 3,5 meter hege muorre om it soennityske stêdsdiel Adamija hinne. Dêrtroch waarden de soenniten en sjiïten yn dat part fan de stêd fan inoar skieden, sadat se mekoar net mear oanfalle koenen. De betonmuorre om Adamija hinne wie yn augustus 2007 klear, de ynwenners koenen doe allinnich troch in Amerikaanske kontrôlepost nei bûten. Op 30 juny 2009 lutsen de Amerikaanske troepen har út Bagdad en oare stêden werom. De soldaten waarden bûten de stêden legere. Op 5 augustus 2009 naam de minister-presidint Nuri al-Maliki it beslút om alle skiedingsmuorren yn de stêd ôf te brekken.

 
Sadr City

It ynwennertal wurdt op 5,5 miljoen rûsd (2008). Yn de hiele stêdekloft wenje sa'n 10,6 miljoen minsken (2008). It grutste part fan de befolking is fan Arabyske komôf. Dy groep bestiet út Soenniten en Sjiïten. Der is in frij grutte Koerdyske minderheid, en aardich wat Turkmenen, Assyrjers/Aramenen. Dêrneist is der in lytse Sûdaneeske minderheid. Yn Bagdad wurdt in Irakeze fariant fan it Arabysk praat.

Foar de Irakkriich yn 2003 begûn, wie 90 persint fan de befolking moslim, wêrfan 65 persint soenniten en 35 persint sjiïten. Yn de Irakkriich en it Irakkonflikt reagen de Soenniten de Sjiïten de stêd út. Yn 2007 wie de ferhâlding 20-25% Sjiïtysk en 75-80% Soennitysk. Under it bewâld fan Saddam Hoessein waard it Kristendom talitten. Ien fan de Irakeze ministers, Tariq Aziz, wie lid fan de Galdeesk-Katolike Tsjerke. Foar de Irakkriich yn maart 2003 begûn wie 10 persint fan de ynwenners fan Bagdad kristen. Troch de krisis dy't nei de kriich folge wie it tal kristenen noch mar 5 persint yn 2006. De helte fan alle kristenen yn Irak wennet yn Bagdad. Troch spanningen mei Israel wurdt it Joadendom net tastien. Yn 1946 wie der noch in frij grutte Joadske mienskip fan 136.000 minsken yn Irak, wêrfan 77.000 yn Bagdad (in fearnspart fan de befolking). Yn july 2003 fleagen seis fan de 34 Joaden yn de stêd nei Israel.

Untjouwing ynwennertal
  • 1800: 80.000
  • 1900: 145.000
  • 1947: 352.000
  • 1965: 1.523.302
  • 1977: 2.888.000
  • 1995: 4.478.000
  • 2008: 5.258.383
  Commons: Bagdad – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. World Gazetteer: Ynwennertal stêd