Annabel Chong, echte namme: Grace Quek (Sineesk: 郭盈恩; pinyin-transliteraasje: Guō Ying'ēn; Singapoer, 22 maaie 1972), is in rêstend Singapoereesk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan etnysk Sineesk komôf.

Annabel Chong
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Grace Quek (郭盈恩; Guō Ying'ēn)
nasjonaliteit Singapoereesk
Amerikaansk
berne 22 maaie 1972
berteplak Singapoer (Singapoer)
etnisiteit Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 19942003
offisjele webside
gjint

Jonkheid en studintetiid

bewurkje seksje

Chong is hikke en tein yn protestantsk gesin út in begoedige Singapoereesk middenklassefermidden. Se folge de middelbere skoalle oan 'e Raffles Girls' School, dêr't se meidie oan it Underwiisprogramma foar Bejeftige Skoalbern. Neffens ûnderwizers en âld-klasgenoates wie hja in stil, yntelligint en iverich fanke.

Nei't se har middelbere skoaloplieding ôfrûne hie, naam se hast trije jier lins, wêrfan't se ien jier yn 'e Feriene Steaten trochbrocht, foar't se har ynskriuwe liet oan it King's College te Londen, om rjochten te studearjen. Yn har Ingelske studintetiid wie Chong ris dronken ûnderweis nei hûs, doe't se yn 'e trein in man mette. Se stimde dermei yn om seks mei him te hawwen yn in steechje, mar hy brocht twa fan syn maten mei, en Chong waard it slachtoffer fan in groepsferkrêfting yn in rommelhok ûnder in flet yn 'e Londenske binnenstêd.

Yn 1993 joech Chong har rjochtenstúdzje deroan. Se ferfear nei de Feriene Steaten, dêr't se studearre en titels behelle yn fotografy, keunsten en genderstúdzjes oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, te Los Angeles. Neitiid begûn se dêr te wurkjen oan har doktoraat.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Mei't har âldelju de jildkraan tichtdraaid hiene om't se der poer op tsjin wiene dat Chong opholden wie mei har rjochtestúdzje, moast se har op 'e iene of oare manear sels sjen te bedrippen. Sadwaande reägearre se op in advertinsje yn it blêd LA Weekly wêryn't om modellen frege waard. Pas nei't se op audysje gie, die bliken dat it om in modelleburo gie dat foar de pornoyndustry wurke. Chong liet guon neakenfoto's meitsje en waard op basis dêrfan troch regisseur John T. Bone frege foar in hiele rige films. Sa makke se op har twaentweintichste, yn 1994, har debút yn in pornografyske film. Opfallend wie dat se dêrby gauris gangbangs (sênes wêryn't se omgong hie mei groepen manlju tagelyk) die, lykas yn 'e films Sgt. Pecker's Lonely Hearts Club Gang Bang en I Can't Believe I Did the Whole Team. Neffens harsels hie it benammen har belangstelling om op it reitsflak tusken pornografy en performance art te balansearjen. Uteinlik soe se yn 63 pornofilms spylje.

Chong briek troch mei it troch Bone produsearre The World's Biggest Gang Bang, út 1995, wêryn't hja binnen in tiidsspanne fan tsien oeren 251 kear seksuële omgong hie mei 69 ferskillende manlju. Guon dêrfan droegen gjin kondoom. It wie in ûnoffisjeel wrâldrekôr, mar hoewol't de produksje ien fan 'e meast winstjaande pornofilms aller tiden waard, krige Chong nea de $ 10.000,— útbetelle dy't har ûnthjitten wie; sterker noch, se seach der nea in reade sint foar. Letter lei hja yn fraachpetearen út dat se mei The World's Biggest Gang Bang de tradisjonele rollen oanfjochtsje woe dy't de seksen yn 'e westerske kultuer taparte krije: as manlju mei in protte ferskillende froulju seks hawwe, krije se komplimintsjes en skouderklopkes, mar as froulju mei in soad manlju op bêd geane, wurde se foar "slet" en "hoer" fersliten. Chong krige foar har optreden fan it frouljusblêd Esquire in Dubious Achievement Award ("Twifeleftige-Prestaasjepriis") takend. De film krige it jiers derop, yn 1996, in ferfolch yn 'e foarm fan World's Biggest Gang Bang 2, wêryn't Chong har kollega Jasmin St. Claire yn ien en itselde etmiel 300 kear seksuële omgong hie mei 300 ûnderskate manlju. Foar- en neitiid waarden Chong en St. Claire ynterviewd yn it beruchte radioprogramma fan Howard Stern.

De sensaasje om The World's Biggest Gang Bang hinne rôp de belangstelling op fan 'e filmstudint Gough Lewis, dy't kontakt socht mei Chong en in dokumintêre oer har makke mei as titel Sex: The Annabel Chong Story. Yn dy dokumintêre wurde bylden toand fan 'e opnamen fan 'e gangbang en Chong har dêropfolgjende ferskinings yn it iepenbier. Chong docht har motiven út 'e doeken en fertelt oer har priveelibben; de dokumintêre besiket it plak fan har ferkrêfting, omfettet in pynlik petear yn Singapoer tusken Chong en har mem (dy't tefoaren neat fan 'e pornokarriêre fan har dochter ôfwitten hie) en lit sjen hoe't Chong harsels skeint troch har earm mei in mês te bewurkjen. Hoewol't Sex: The Annabel Chong Story regissearre en produsearre waard troch Lewis, hiene Chong en Al Goldstein, Ron Jeremy en Seymore Butts, grutte nammen út 'e Amerikaanske pornoyndustry, der ek oan meiwurke. Dizze dokumintêre makke Chong bekend by wer in oar soarte publyk as dat hja mei The World's Biggest Gang Bang berikt hie, mei't er der op Sundance Film Festival fan 1999 tige ynfoel en dêr sels in nominaasje yn 'e wacht sleepte foar de grutte priis fan 'e sjuery. Neitiid waard de dokumintêre ferplichte kost foar genderstúdzjes oan hiel wat universiteiten de wrâld yn 't rûn.

Njonken har wurk as pornoaktrise posearre Chong ek foar neakenblêden en dûnse se yn stripklubs. Fierders regissearre se yn 1998 en 2000 ek in pear pornofilms, mei dêrûnder Pornomancer (2000), wêryn't se harsels op 'e nij gangbange liet. Ek wie se te gast yn in ferskaat oan tillefyzjeprogramma's, lykas The Jerry Springer Show, it praatprogramma fan presintator Jerry Springer, en The Girlie Show. Nei 2000 hold se grutdiels op mei mainstream-pornografy en lei se har ynstee ta op it produsearjen fan ynhâld foar har persoanlike webside. Dêrnjonken aktearre se yn in pear bondaazje-fideo's. Yn 2003 loek se har folslein út 'e pornoyndustry werom en betanke se har fans mei in lêste berjocht op har webside, wêryn't se skreau: "Annabel is dea en no wurdt se ferfongen troch har kweade dûbelgongster, dy't it hiele konsept fan Annabel alderferskuorrendst ta de kiel úthinget, en dy't foar de feroaring leaver ris wat oars dwaan wolle soe." Yn 2008 wurke Chong yn Kalifornje as in webside-ûntwerper.

"Ik hie in fraachpetear dien wêryn't te praat kaam dat ik Foucault lêzen hie. Hiel gewoan op 'e universiteit, no? Ik wurke yn in stripklub en joech dêr in lapdance oan in fint, mar it iennichste dat hy woe, wie it mei my oer Foucault hawwe. No, ik kin neaken omspringe en myn dûnske dwaan, of ik kin oer Foucault diskusjearje, mar net tagelyk; dat is tefolle ynformaasje."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.